Jakobus Arminius, latinisearring fan Jacobus Hermansz(oon), (Oudewater, ± 1559 - Leien, 19 oktober 1609) wie in Nederlânske predikant en godgelearde yn it begjin fan de Tachtichjierrige oarloch.

Japik Arminius

Libben en wurk

bewurkje seksje

Studint en predikant

bewurkje seksje

Doe't Japik berne waard, wie syn heit, dy't wapensmid wie, al ferstoarn. Jacobus Arminius waard grutbrocht troch Theodorus Aemilius, in pryster mei protestantske sympatyen. Om 1572 hinne (it jier dat Oudewater ferôvere waard troch de opstannelingen) ferhuze Arminius mei Aemilius nei Utert. It hat alle wierskyn dat Arminius dêr oan de "Hieronymusschool" studearre. Neidat Aemilius yn 1574 of 1575 stoar, kaam Arminius yn 'e kunde mei de wiskundige Rudolphus Snellius, dy't ek fan Oudewater kaam. Snellius liet Arminius studearje yn Marburch dêr't Snellius heechlearaar wie. Yn 1576 liet Arminius him ynskriuwe as studint frije keunsten en teology oan de (krekt oprjochte) Universiteit fan Leien. Yn syn stúdzje rûn er der sa út, dat er fan it kramersgilde fan Amsterdam in beurs krige om fierder te learen yn Genêve. Arminius studearre dêr ûnder de opfolger fan Jehannes Kalvyn, Theodorus Beza. Nei syn stúdzje yn Genêve (mei in pear semesters yn Basel), reizge er yn 1586 nei Itaalje. Yn 1587 waard er beroppen as predikant yn Amsterdam.

Yn 1588 waard Arminius befêstige as predikant fan de "Oude Kerk". Yn Amsterdam troude Arminius yn 1590 mei Lijsbet Reael (1569-1648). Fan 1591 ôf waard Arminius oanfallen troch syn kollega-predikant Petrus Plancius, út reen fan Arminius' frije útlis fan de predestinaasje (godlike útferkiezing). Yn 1593 waard huarren skeel delbêde.

It skeel mei Gomarus

bewurkje seksje

Yn 1603 waard Arminius heechlearaar teology te Leien. Syn kollega-heechlearaar en promotor Franciscus Gomarus tekene dêr fûl protest tsjinoan. Yn 1604, kaam it ta in konflikt, dat draaide om de rjochtfeardigenslear en it dêr ek mei te dwaan hawwende predestinaasjelear. Foar Arminius wie it leauwe fan de minske oant beskate hichte in betingst foar it fermoedsoenjend oardiel fan God, dêr't er de minske rjochtfeardich yn ferklearret. Allinne it leauwe is net genôch, mar wol in needsaaklik betingst foar God syn ferjouwing. Foar Gomarus wie de rol fan it leauwe suver ynstruminteel: it wie de troch de Geast geande makke oanfurdiging troch in minske fan Gods rjochtfeardigjend oardiel. At Gods ferjouwing yn alle opsichten oan it leauwe foarôfgiet (sa't Gomarus tocht), dan is it in logyske neifolgjende stap om dêrby te ûnderstreekjen: dit oardiel en it beslút om in mins dêryn leauwe te litten binne net iens by God opkaam, mar foarmje syn ferkiezing fan ivichheid. At men (mei Arminius) de frije kar foar it leauwe ûnderstreket, moat men Gods ivich riedsbeslút ek mei ôfhinklik fan dizze minsklike kar opfetsje. Sa komt men fan de rjochtfeardigenslear hast fansels by de predestinaasjelear. Dizze ferskowing yn de diskusje tusken arminianen en gomaristen is yndie bard. De Amsterdamske predikant Plancius bemuoide him dermei en keas foar Gomarus. Al rillegau helle it religieuske skeel oan ta in nasjonale, politike striid. Yn 1607 waard in kommisje ynsteld dy't it konflikt besljochtsje moast. Dochs duorre it oant 1618 eart de Synoade fan Doardt besleat dat Gomarus syn lear de lear fan de Grifformearde Tsjerke wie.

 
Tinkstien foar Arminius yn de Pieterstsjerke te Leien.

Om in ein oan it konflikt te meitsjen waarden Arminius en Gomarus oproppen om foar it Hof fan Hollân en de Steaten fan Hollân te ferskinen. Dat slagge lykwols net. Yn 1609 besochten de Steaten fan Hollân nochris om de teologen by elkoar te krijen. Jacobus Arminius moast dizze sitting foar de tiid ferlitte om't er siik waard: hy stoar yn oktober fan dat jier en waard yn de Pieterstsjerke te Leien bedobbe.[1] Syn neifolgers, de remonstranten, waarden nei de Synoade fan Doardt út de Grifformearde Tsjerke set en stiften yn septimber 1619 de Remonstrantse Broederschap.

Teology en polityk

bewurkje seksje

Arminius syn teology wike ûnder oaren ôf op it punt fan predestinaasje, de frije wil en de erfsûnde fan it tsjerklik-kalvinistysk beliden sa't dat fêstlein wie yn de Nederlânske Belidenis en de Heidelberchske Kategismus. Hy is de grûnlizzer fan it Arminianisme, yn it earstoan in streaming yn de Nasjonaal Grifformearde tsjerke dy't stribbe nei oanpassing fan de belidenis. Nei syn dea kamen de neifolgers fan Arminius yn 1610 mei in ferwarskrift of 'remonstrantie' dat yn wêzen de faak as de mei fiif artikelen fan de remonstranten oantsjutte ferdigening befette. Nei de Synoade fan Doardt yn 1618-1619, dêr't it arminianisme feroardield en ôfwiisd waard, hawwe de neifolgers fan Arminius de Remonstrantske bruorskip stifte. Dat wie net de bedoeling fan Arminius, noch fan de remonstranten yn 't earstoan. Hja hiene yn de tsjerke geastlike romte foar Arminius' tinzen hawwe wold. It lear-konflikt tusken Arminius en Gomarus en harren respektivelike oanhingers late úteinlik ek ta in polityk konflikt wêrby't om de ferhâlding tusken tsjerke en oerheid gie, in tige gefoelige kwestje yn de 17e iuw. Yn dy relaasje (tsjerke en steat) wie Johan van Oldenbarnevelt, hoewol persoanlik gjin oanhinger fan de teologyske ideeën fan Arminius en ek gjin partijgonger fan Arminius (wat faak wol tocht wurdt), fan betinken dat der yn de tsjerke romte wêze moast foar ferskillende opfettings. Prins Maurits wie lykwols fan oardiel dat de lânstsjerke kalvinistysk hearde te wêzen. Lang om let is dit skeel oer de fyzje op de tsjerke en har ferhâlding mei de steat yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen ien fan de faktoaren west dy't laat hawwe ta de politike ûndergong en de eksekúsje fan Johan van Oldenbarnevelt. De Synoade fan Doardt hat de kalvinistyske lear ûnderstreke en fêstlein yn de Doardtske Learregels, faak noch altyd oantsjut as 'de fiif artikelen tsjin de Remonstranten'. De Doardtske Learregels foarmje sûnt in belidenisgeskrift fan de Nederlânske protestantske tsjerke; dat binne sy bleaun yn de neifolgjende iuwen, bygelyks yn it tiidrek fan skisma's, dêr't neist de Grifformearde Tsjerke ek de Nederlânsk Herfoarmde Tsjerke en noch wer letter de Kristlik Grifformearde Tsjerke út ûntstien binne. Ek by de foarming fan de Protestantske Tsjerke Nederlân (PKN) yn 2004, en de oanrin derta, bleaune de Doardske Learregels (de Fiif Artikelen tsjin de Remonstranten) as belidenisgeskrift hanthavene. Dat hat harres dien, neist oare arguminten, ta it kiezen foar selsstannich bliuwe fan de Remonstranten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Carl Bangs, Arminius (1e printinge), Nashville/NewYork 1971, p. 331