Rudolph Cleveringa
Rudolph Pabus Cleveringa (Appingedam, 2 april 1894 – Oegstgeest, 15 desimber 1980) wie in Nederlânske heechlearaar rjochten. Op 26 novimber 1940 protestearre hy yn in rede tsjin it dien krijen fan joadske kollega's.
Rudolph Cleveringa | ||
Cleveringa by de betinking fan it Keunstnersferset (1965) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rudolph Pabus Cleveringa | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 april 1894 | |
berteplak | Appingedam | |
stoarn | 15 desimber 1980 | |
stjerplak | Oegstgeest | |
wurkpaad | ||
aktyf as | heechlearaar rjochten |
Jonkheid en oplieding
bewurkje seksjeCleveringa waard berne yn Appingedam. Doe't er fjouwer wie, ferhuze de hûshâlding nei It Hearrenfean. Dêr krige er kunde oan de lettere minister fan Bûtenlânske Saken Eelco van Kleffens. Cleveringa helle de hbs yn Grins, die doe steatseksamen gymnasium, en studearre tagelyk mei Van Kleffens oan de Universiteit Leien. Hy die yn juny 1917 syn doktoraaleksamen en promovearre yn 1919 cum laude. Syn dissertaasje, De zakelijke werking van de ontbindende voorwaarde, hie in sterk rjochtshistoarysk karakter.
Wurk en ferset
bewurkje seksjeNei in skoftke as rjochter te Alkmaar, waard er yn 1927 oansteld as heechlearaar hannelsrjocht en boargerlik prosesrjocht oan de universiteit yn Leien. Dêr hold er op 26 novimber 1940 in rede dy't him ferneamd makke, hy protestearre tsjin it troch de Dútske besetter oankundige ûntslach fan syn learmaster en kollega prof. Eduard Maurits Meijers en oare joadske kollega's. Cleveringa waard troch de Sicherheitspolizei oppakt en oant yn de simmer fan 1941 fêstholden yn Oranjehotel, de finzenis fan Scheveningen. De Leidske studinten hawwe doe besletten ta in staking, mei fan gefolgen dat de universiteit sletten waard. Yn septimber 1945 waard er wer iepene. Yn 1944 waard Cleveringa as gizeler opsletten yn Kamp Vught. Neifolgjend wie er by it College van Vertrouwensmannen dat it ferset koördinearre.
Nei de oarloch en erfskip
bewurkje seksjeNei de oarloch waard Cleveringa wer heechlearaar te Leien. In 1946 wie er earepromotor by it ferlienen fan in earedoktoraat oan sir Winston Churchill yn de Leienske Pitertsjerke. Yn 1958 gong er mei emeritaat. Hy waard lid fan de Ried fan Steat, oant 1963, en doe steatsried yn bûtengewoane tsjinst. De Universiteit Leien hat de Cleveringa-learstoel ynsteld en organisearret elts jier de Cleveringa-oraasje, omdat Cleveringa troch syn rede it motto fan de universiteit ‘Praesidium libertatis’ (Bolwurk fan de frijheid[1]) op ymposante wize stâl joech. Elts jier organisearret it Leids Universiteits Fonds op of om 26 novimber de Cleveringalêzingen op tal fan plakken op de wrâld. Hy waard troch de lêzers fan Mare, it Leienske universiteitsblêd, keazen ta de grutste universtêre "Leienaar". Cleveringa ûntfong fan it Amerikaanske regear op 8 april 1953 de 'Medal of Freedom' foar syn fersetswurk.
-
Boarstbyld fan Cleveringa by it akademygebou yn Leien
(makker Eja Siepman van den Berg) -
Cleveringa syn toga
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |