Abdûlazyz ibn Saûd

Abdûlazyz ibn Saûd (folút: Abdûlazyz ibn Abdûl Rachman ibn Faisal ibn Toerki ibn Abdûlla ibn Mohammed al-Saûd; Arabysk: عبد العزيز بن عبد الرحمن بن فيصل بن تركي بن عبد الله بن محمد السعود; sekuerdere transliteraasje: ‘Abd al-‘Azīz ibn ‘Abd ar-Raḥman ibn Fayṣal ibn Turkī ibn ‘Abd Allāh ibn Muḥammad al-Sa‘ūd; Ar-Riaad, 15 jannewaris 1876Tayf, 9 novimber 1953) wie rom fyftich jier lang it haad fan it Hûs fan Saûd, en boppedat de grûnlizzer en earste kening fan Saûdy-Araabje. Yn 'e Arabyske wrâld stiet er ornaris bekend as Abdûlazyz of as de Liuw fan de Nêzjd, en dêrbûten as Ibn Saûd.

‘Abd al-‘Azīz ibn ‘Abd ar-Raḥman ibn Fayṣal ibn Turkī ibn ‘Abd Allāh ibn Muḥammad al-Sa‘ūd
aadlik persoan en/of hearsker
1953
1953
nasjonaliteit Saûdysk
bertedatum 15 jannewaris 1876
berteplak Ar-Riaad (de Nêzjd)
stjerdatum 9 novimber 1953
stjerplak Tayf (Saûdy-Araabje)
dynasty Hûs fan Saûd
etnisiteit Nêzjdysk-Arabysk
kening fan Saûdy-Araabje
regear 19321953
foargonger himsels (as kening f.d. Hidjas en de Nêzjd)
opfolger Saûd
kening fan de Nêzjd
regear 19271932
foargonger himsels (as sultan f.d. Nêzjd)
opfolger himsels (as kening f. Saûdy-Araabje)
kening fan de Hidjas
regear 19261932
foargonger Ali
opfolger himsels (as kening f. Saûdy-Araabje)
sultan fan de Nêzjd
regear 19211927
foargonger himsels (as emir f.d. Nêzjd)
opfolger himsels (as kening f.d. Nêzjd)
emir fan de Nêzjd
regear 19021921
foargonger Abdûlazyz ibn Mûtyb
opfolger himsels (as sultan f.d. Nêzjd)

Yn 1902 sette Ibn Saûd mei syn werovering fan 'e stêd Ar-Riaad, it foarâlderlike thús fan syn famylje, de earste stap op in paad dat ta trije desennia fan oanhâldende ekspânsje op it Arabysk Skiereilân liede soe. Yn 1922 konsolidearre er syn hearskippij oer de Nêzjd, it woastinige binnenlân, en yn 1925 ferovere er it keninkryk fan 'e Hidjas, oan 'e westkust. Yn 1932 foege er dy beide keninkriken gear ta de nije steat Saûdy-Araabje. Yn 'e tweintich jier dêrnei hied er sizzenskip oer de ierste oalje-eksploitaasje yn syn lân. Ibn Saûd hie 45 soannen, wêrûnder de seis Saûdyske keningen dy't nei him regearren.

Ibn Saûd waard yn 1876 berne yn Ar-Riaad, in oäzestedsje yn 'e midden fan 'e woastyn op it Arabysk Skiereilân, as de soan fan Abdûl Rachman bin Faisal (1845-1928), de lêste hearsker fan 'e saneamde Twadde Saûdyske Steat, en ien fan dy syn froulju, Sarah al-Sûdairi († 1910), út 'e foaroansteande Sûdairi-famylje. Ibn Saûd syn heite famylje, it Hûs fan Saûd, wie by syn berte al 130 jier lang in wichtige macht op it Arabysk Skiereilân, en hie yn 'e achttjinde iuw, ûnder ynfloed fan 'e militant otterdoks-islamityske streaming fan it wahabisme, de Earste Saûdyske Steat stifte troch grutte dielen fan it Skiereilân te feroverjen, oant dy steat yn 'e iere njoggentjinde iuw ûnder fuotten helle wie troch in Egyptysk leger.

De Twadde Saûdyske Steat wie in tribaal sjeikdom mei as sintrum Ar-Riaad, dat yn 1890 ferovere waard troch de tradisjonele fijannen fan it Hûs fan Saûd, de Rasjidi's. De oerlibjende leden fan it Hûs fan Saûd, wêrûnder in fyftjinjierrige Ibn Saûd, flechten fia de Arabyske súdkust, Katar en Bachrein nei Koeweit ta, in Britsk protektoraat, dêr't se tsien jier lang yn ballingskip libben.

Fêstiging fan 'e Tredde Saûdyske Steat

bewurkje seksje

Nei't er yn 1901 it plak fan syn heit ynnommen hie as it haad fan syn famylje, besleat Ibn Saûd mei guon famyljeleden en oare fertroulingen in plondertocht troch de woastyn te hâlden, wêrby't benammen stammen troffen waarden dy't bûnsgenoaten wiene fan 'e Rasjidi's. Op it hichtepunt namen sa'n 200 manlju oan 'e rige oerfallen diel, mar neigeraden dat de tocht langer duorre, joegen in protte folgelingen fan Ibn Saûd har wer ôf. Wylst se yn 'e hjerst de ramadan ûnderholden yn 'e oäze Jabrin, naam Ibn Saûd it beslút om in wraam op Ar-Riaad te dwaan. Yn 'e nacht fan 14 op 15 jannewaris 1902 late er 40 fan syn mannen fia oerheljende palmbeammen oer de stedsmuorren hinne. Se kamen de ferdigeners folslein oer it mad, en de Rasjidyske gûverneur fan 'e stêd, Adjlan al-Rasjidi, kaam om by in gefjocht foar de poarten fan syn eigen sitadel. Dizze werovering fan Ar-Riaad joech it begjin fan 'e Tredde Saûdyske Steat oan en teffens fan Ibn Saûd syn regear as emir fan 'e Nêzjd, it woastinige hert fan it Arbysk Skiereilân.

 
Ibn Saûd (rj.) yn 1934.

Doe't bekend waard dat it Hûs fan Saûd yn Ar-Riaad wer oan 'e macht wie, kamen de eardere oanhingers en bûnsgenoaten fan 'e famylje wer foar 't ljocht út hokker sideplakken oft se har dan ek mar yn beskûl holden hiene. Ibn Saûd wie in garismatysk lieder, dy't mei syn oanwaaksende leger yn 'e folgjende pear jier hast de helte fan 'e Nêzjd op 'e Rasjidi's wist te feroverjen. Nei't syn troepen nederlaach op nederlaach lit hiene, frege Abdûlazyz ibn Mûtyb, de lieder 'e Rasjidi-dynasty, by it Osmaanske Ryk om help. Op 15 juny 1904 litten de troepen fan Ibn Saûd in swiere nederlaach tsjin in alliëarde Osmaansk-Rasjidyske legermacht. Tsjin 1905 wiene de Rasjidi's fuortsterke troch 5.000 man Turkske troepen, mar Ibn Saûd makke deselde flater net nochris en mijde in geregelde fjildslach. Ynstee begûn er in guerrilja-oarloch, wêrby't er kear op kear de befoarriedingslinen fan 'e Osmaanske troepen trof, sadat dy úteinlik twongen wiene en lûk har werom.

Tsjin 1906 wûn Ibn Saûd allegeduerigen skermutselings mei de Rasjidi's, en dêrtroch krige er ek hieltyd mear oanhing ûnder de bedoeïnestammen fan 'e Nêzjd. Syn oerwinning yn 'e Slach by Râdat Mûhanna, yn april 1906, wêrby't Abdûlazyz ibn Mûtyb sneuvele, betsjutte de ein fan 'e Osmaanske bemuoienis mei de ûntwikkelings yn 'e Nêzjd. No't de Rasjidi's fier nei it noarden ta weromdreaun wiene, nei de krite om harren eigen haadstêd Hayl hinne, rjochte Ibn Saûd syn oandacht op it easten, en wreide er syn hearskippij út yn 'e rjochting fan 'e Perzyske Golf. Yn 'e jierren 1912 en 1913 belegere en ferdreau er dêr it Osmaanske garnizoen fan 'e oäze Al-Hasa, mar fierder koed er dy kant net út, want de Golfemiraten stiene ûnder beskerming fan 'e Britten, en dy makken dúdlik dat der mei harren net te spotten foel.

Dêrop lei Ibn Saûd him earst ta op 'e ynterne konsolidaasje fan syn hearskippij, troch mei goedkarring fan 'e ynfloedrike pleatslike salafistyske geastlikheid yn 1912 de Ichwan op te rjochtsjen, in militêr-religieuze bruorskip dy't him by syn lettere feroverings ûnderstypje soe. Tagelyk died er alle war om 'e tribale organisaasjes fan 'e ûnderskate bedoeïnestammen ôf te brekken en dêr de Ichwan foar yn 't plak te stellen. Doe't yn 1914 de Earste Wrâldoarloch útbriek, fernijden de Rashidi's harren bûnsgenoatskip mei it Osmaanske Ryk. As reäksje dêrop socht Ibn Saûd kontakt mei de Britten, mei wa't er yn desimber 1915 it Ferdrach fan Darin sleat. Under de kêsten fan dy oerienkomst erkenden de Britten Ibn Saûd syn hearskippij oer de Nêzjd, en yn ruil dêrfoar akseptearre Ibn Saûd foar syn emiraat de status fan in Britsk protektoraat, wat de Britten ynfloed op syn bûtenlânsk belied joech. Dêrnjonken ûntfong er in jierjild fan £5.000 en waarden syn troepen troch de Britten bewapene. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch skoden de Britten him boppedat mânske oerskotten munysje ta.

 
Ibn Saûd (rj.) mei de Iraakske kening Faisal I.

Fierdere feroverings

bewurkje seksje

Sadwaande befûn Ibn Saûd him tsjin dy tiid foar de Rasjidi's oer yn in tige sterke posysje, temear om't it Osmaanske Ryk, de bûnsgenoat fan 'e Rasjidi's, yn 'e oarloch ûnder fuoten helle en útinoarfallen wie. Yn 1920 foelen Ibn Saûd syn troepen it Rasjidyske emiraat Djebel Sjammar binnen, yn 'e noardlike Nêzjd, en yn 1921 hiene se de ferovering fan dat gebiet foltôge. Dêrmei ferdûbele Ibn Saûd syn grûngebiet suver, en sadwaande ferhefte er himsels yn 1921 ta sultan fan 'e Nêzjd. Nei't yn 1923 ek it sjeikdom Opper-Asir, yn it súdwesten fan it Arabysk Skiereilân, bemastere wie, rjochte Ibn Saûd him op it keninkryk fan 'e Hidjas, oan 'e westkust, dat regearre waard troch Hûssein bin Ali, de Hasjemityske sjaryf fan Mekka. Yn it neijier fan 1924, doe't Ibn Saûd syn troepen de wichtige stêd Tayf al yn 'e hannen hiene en opteagen nei Mekka, besleat Hûssein om ôfstân te dwaan fan syn troan. Op 16 oktober fan dat jier gied er yn Djedda oan board fan in Britsk skip dat him nei syn ballingsoard Syprus bringe soe, en liet er de striid tsjin Ibn Saûd fierder oer oan syn âldste soan Ali.

Dyselde deis giene de earsten fan 'e Ichwan, yn 'e wite dracht fan pylgers, de hillige stêd Mekka yn, om dy sûnder bloedferjitten yn te nimmen. Dêrmei kaam in ein oan 700 jier fan Hasjemityske hearskippij oer Mekka. Ibn Saûd arrivearre yn begjin desimber yn 'e hillige stêd, krektlyk as syn mannen yn 'e dracht fan in pylger. Ut Mekka wei joech er dêrnei lieding oan 'e ynname fan Medina en de ferovering fan 'e rest fan 'e Hidjas, wylst er teffens de rike havenstêd Djedda belegere. Underwilens died er alle war om 'e rest fan 'e Arabyske wrâld sjen te litten dat hy in bettere warder fan 'e hillige plakken wie as Hûssein bin Ali, troch yn Mekka it near te lizzen op 'e iuwenâlde tradysje fan it útrûpeljen fan pylgers. Nei't Djedda him úteinlik yn desimber 1925 oerjaan moatten hie en Ali bin Hûssein de striid opjûn hie, waard Ibn Saûd op 8 jannewaris 1926 troch de hegerein fan Mekka, Medina en Djedda útroppen ta kening fan 'e Hidjas. In jier letter, yn 1927, sleat er mei de Britten it Ferdrach fan Djedda, dat in ein makke oan 'e nominale protektoraatsstatus fan Ibn Saûd syn lannen. Dêrop rôp er himsels út ta kening fan 'e Nêzjd.

Datselde jiers kaam it lykwols ta swierrichheden, doe't de Britten mei yngripen drigen as de Ichwan net opholden mei harren oerfallen en plonderings yn Transjordaanje, Irak, Koeweit, de Ferdrachssteaten (Katar, Bachrein en de Feriene Arabyske Emiraten), Omaan en Súd-Jemen, dat allegear Britske protektoraten wiene dy't grinzgen oan Ibn Saûd syn lannen. Doe't dyselde besocht en ferbied syn folgelingen om noch langer ynfallen yn dy gebieten te dwaan, besleaten de fanatike Ichwan dat hy korrumpearre wie troch syn kontakten mei ûnleauwige útlanners. It kaam ta in rebûlje dy't Ibn Saûd pas nei twa jier en mei help fan loftoanfallen troch de Royal Air Force, wist te ûnderdrukken yn 'e Slach by Sabilla, yn maart 1929. Troch de opstân fan 'e Ichwan wie it keninkryk Asir, noardlik fan Jemen, it lêste diel fan 'e Arabysk Skiereilân (op Noard-Jemen nei) dat noch selsstannich en gjin Britsk protektoraat wie, noch in pear jier oan ferovering ûntkommen, mar yn 1930 waard dat úteinlik ek lytsman makke. Op 23 septimber 1932 foege Ibn Saûd syn beide keninkriken, de Hidjas en de Nêzjd, gear en neamde it nije lân nei de stamheit fan syn famylje Saûdy-Araabje. Op 15 maart 1935 oerlibbe Ibn Saûd in moardoanslach wylst er op pylgerstocht nei Mekka wie.

 
Ibn Saûd.

Hoewol't it Hûs fan Saûd it doe wer foar it sizzen hie oer it grutste part fan it Arabysk Skiereilân, wie de nije Saûdyske steat sa earm as Job. Nei moderne skattings bedroegen de totale steatsynkomsten de earste jierren mar £200.000, wêrfan't in trêdepart bestie út subsydzjes troch de Britten. Dat begûn lykwols te feroarjen doe't der yn 1938 troch Amerikaanske geologen fan Standard Oil of New York yn Saûdy-Araabje oalje ûntdutsen waard. Ta konsternaasje fan 'e Britten, dy't frijwat ynvestearre hiene yn 'e opkomst fan it Hûs fan Saûd, besleat Ibn Saûd yn 1944, op oanrieden fan syn adviseurs Harry St John Philby en Amiin Rihani, om 'e Saûdyske oaljekonsesjes oan Amerikaanske oaljemaatskippijen te ferlienen. De nije oaljerykdom makke it foar Ibn Saûd makliker en lis syn wil op oan 'e noch altyd ûnlijige Arabyske stammen. Yn 'e lêste tsien jier fan syn regear died er alle war om earwraak en privee-oarlochjes tusken de stammen út te rûgjen.

Bûtenlânsk belied

bewurkje seksje

Behalven fan stammen yn Saûdy-Araabje wist Ibn Saûd ek de trou te winnen fan stammen bûten de eigen lânsgrinzen. Benammen yn Transjordaanje wie dat it gefal, dêr't er bgl. in spesjale bân opboude mei prins Rasjed al-Chûzai fan 'e Al-Fraihat-stamme, ien fan 'e ynfloedrykste eallju yn dat gebiet doe't dat noch ûnder Osmaanske hearskippij stie. Doe't de Britten lykwols Abdûlla, de soan fan Hûssein bin Ali, kening oer Transjordaanje makken, rekke de macht fan 'e Al-Fraihat sels yn harren bolwurk, it eastlike woastyngebiet, yn it neigean. Dat late derta dat Rasjed al-Chûzai him yn 1935 by de rebûlje fan Izz ad-Dyn al-Kassam joech. Doe't dy opstân mislearre, en Al-Chûzai yn 1937 Transjordaanje ûntflechtsje moast, waard er troch Ibn Saûd freonlik ûnthelle yn Saûdy-Araabje.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Under de Twadde Wrâldoarloch hold Ibn Saûd in slach om 'e earm en naam in neutrale posysje yn, al waard er yn 'e regel sjoen as oerhingjend nei de Alliëarden ta. Fan 14 oant 16 febrewaris 1945 hied er oan board fan 'e USS Quincy yn 'e Grutte Bittermar yn it Suëzkanaal in trije dagen duorjende topmoeting mei de Amerikaanske presidint Franklin Delano Roosevelt, dy't doe op 'e weromreis nei hûs wie nei de Konferinsje fan Jalta. By dy moeting waard de grûnslach lein foar de hiele lettere relaasje tusken Saûdy-Araabje en de Feriene Steaten. Ibn Saûd hie letter dyselde moanne yn it Grand Hôtel du Lac oan 'e igge fan 'e Fajûn-oäze, 60 km besuden Kaïro, ek in moeting mei de Britske premier Winston Churchill, mar dêrby gie it benammen oer it Palestynske fraachstik, en dat ûnderhâld smiet net in soad op. Yn 1948 stjoerde Ibn Saûd troepen om diel te nimmen oan 'e Earste Arabysk-Israelyske Oarloch, mar de Saûdyske bydrage wie net mear as symboalysk.

 
Ibn Saûd (mei holledoek) moetet de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt (rj.), yn 1945.

Wylst de leden fan 'e Saûdyske keninklike famylje lúkse hawwe woene, lykas grutte tunen, de nijste auto's en nije paleizen, dreamde Ibn Saûd fan in spoarline fan 'e Perzyske Golf fia Ar-Riaad nei Djedda oan 'e Reade See, dwers oer it Arabysk Skiereilân. Hoewol't al syn riedslju dat beskôgen as de nuvere opstiging fan in âldman, lei de oaljemaatskippij ARAMCO it winske spoar úteinlik oan, foar in priis fan $70 miljoen, dat ynholden waard op 'e keninklike oaljeroyaltys. De spoarline kaam yn 1951 ree, en waard nei Ibn Saûd syn dea kommersjeel brûkt, wêrby't it de groei fan Ar-Riaad ta in moderne stêd mooglik makke. Nei de oanlis fan in ferhurde wei fan 'e beide kusten nei Ar-Riaad, yn 1962, rekke it spoar lykwols yn ûnbrûk.

Priveelibben

bewurkje seksje

Ibn Saûd waard sterk beynfloede troch ferskate froulju yn syn famylje. Syn muoike Jâhara bint Faisal, in suster fan syn heit, druide ûnder syn ballingskip yn Koeweit by de jonge Ibn Saûd de famyljeferhalen deryn, en brocht him dêrmei in sterk gefoel foar de lotsbestimming fan syn hûs by. Ek fitere hja him oan om 'e Nêzjd op 'e Rasjidi's werom te feroverjen en him net by de besteande sitewaasje del te lizzen. Jâhara bint Faisal wie kundich yn saken fan 'e islaam, Arabyske seden en pligen, en relaasjes tusken stammen en klans. Har hiele libben lang bleau hja ien fan 'e ynfloedrykste riedslju fan 'e kening, en Ibn Saûd besocht har frijwol eltse dei oant har ferstjerren om 1930 hinne. Ek mei syn âldere suster Noera bint Abdûl Rachman al-Saûd, mei wa't er ien jier skeelde, hie Ibn Saûd in tige nauwe bân. By ferskate gelegenheden identifisearre er himsels yn it iepenbier mei de wurden "Ik bin Noera har broer," wat útsûnderlik is yn 'e Saûdyske kultuer, mei't men jin dêr frijwol altyd identifisearret fia manlike famyljeleden ("Ibn Saûd" betsjut bgl. "de soan fan Saûd").

Ibn Saûd hie in grutte hofhâlding, mei 22 froulju en dêropta ferskate bysliepen. De measten fan syn houliken kamen fuort út polityk: eltse kear as er in nije stamme fersloech en ûnderwurp, troude er mei in dochter fan it stamhaad, om it nije ferbûn mei in famyljebân fêst te lizzen. Mei sa'n soad froulju wie Ibn Saûd de heit fan hast hûndert bern, wêrfan 45 soannen. Dêrûnder wiene alle lettere kenings fan Saûdy-Araabje: Saûd (1953-1964), Faisal (1964-1975), Chalid (1975-1983), Fachd (1982-2005), Abdûlla (2005-2015) en Salman (fanôf 2015).

Yn it neijier fan 1953 rekke Ibn Saûd slim yn 'e minnichte, en waard by him in hertsykte fêststeld. Op 9 novimber fan dat jier stoar er yn syn sliep yn it paleis fan syn soan prins Faisal, yn Tayf, oan in hertoanfal. Ibn Saûd waard 77 jier. It begraffenisgebed foar him waard holden yn Tayf, mar syn stoflik omskot waard oerbrocht nei Ar-Riaad, om dêre begroeven te wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.