Von Schlieffenplan
It Von Schlieffenplan wie in kriichsplan fan Dútslân tsjin de kombinearre driging fan it Russysk-Frânske bûnsgenoatskip tsjin Dútslân oer. It plan waard útfierd yn augustus 1914, doe't Frankryk him yndie yn it Russysk-Dútske konflikt mingde troch ek te mobilisearjen. Dat wie militêr besjoen it begjin wie fan de Earste Wrâldkriich.
Opset
bewurkje seksjeIt plan ûnderkenne it gefaar fan in twafronteoarloch tsjin Frankryk en Ruslân, dêr’t Dútslân net sterk genôch foar wie. Om't Ruslân him fanwege grutte ôfstannen net fluch mobilisearje koe, wie der foar de it Dútske leger in ûntsnapping mûglik at hja earst fluch ôfrekkenje koenen mei de Frânske driging. Om dat te berikken soe it Dútske leger dêrom it Frânske leger oer Belgje omsingelje, en yn it earstoan ek fia Nederlân. It plan wie net om Parys yn te nimmen, mar om dêr om hinne te lûken en sa it yn de Elzas konsintrearre Frânske leger klem te setten, wêrtroch dat him oerjaan soe. De Dútske troepen soenen dan op de trein nei Ruslân set wurde om it Russyske leger dêr te ferslaan ear't it folslein mobillisearre wie. Foar it ferslaan fan de Frânsken wie in perioade fan mar 42 dagen rekkene.
Neidielen
bewurkje seksjeIt Von Schieffenplan hie in tal swakheden:
- Troch de neutraliteit fan Belgje te skeinen soe Grut-Brittanje in ferlech hawwe om him yn de oarloch te mingen, op grûn fan it Ferdrach fan Londen fan 1839. Mei it skeinen fan de neutralens fan Belgje soe Dútslân ek in soad polityk kredyt ferspylje, wat it by in lange doer de boeman fan de wrâld meitsje koe. Von Schlieffen, in echte Prusyske militêr, achte dat net relevant.
- It Dútske leger wie grut foar de kapasiteiten fan it Belgyske en Noard-Frânske (spoar-)wegennet.
- It wie net wis of it Dútske leger fan 1914 by steat wie dit plan út te fieren. Von Schlieffen tocht lykwols dat it al koe, at der neat skeef gong.
It plan hie ek twa ynherinte problemen:
- It Frânske leger moast him oerjaan. At dit idee te 19e-iuwsk wie, en it Frânske leger him ta fjochtsje sette soe, dan wie de twafronteoarloch, en dêrmei it ferlies, net tsjin te hâlden.
- Der wie net in soad tiid. In tiidskema fan 42 dagen wie sa strak dat by hokfoar ôfwiking dan ek de kâns op de oerwinning tsjin Ruslân ferlern gean soe.
Von Schlieffen gong der dan ek fan út dat der, by ôfwikings fan de gong fan saken daalks stoppe wurde soe en besocht wurde soe dochs noch te ûnderhanneljen, om't Dútslân dan net mear winne koe.
Diplomasy
bewurkje seksjeIt kin dêrom wêze dat de lêste mûglikheid dy it Von Schieffenplan like te jaan, der nea wier west hat; dat de oarloch mei Ruslân al ferlern wie doe't Ruslân him mobilisearre tsjin Eastenryk, en Dútslân daalks mei ûnderhannelings begjinne moatten hie. Mar de diplomaten reagearden net, en it leger besocht de ienichste útgong dy't it hie.
Of dit wier de ienige mûglikheid wie is net dúdlik. Frankryk spile op himsels yn de julykrisis fan 1914 gjin rol fan betsjutting. Der is in lytse mûglikheid dat in aktivere opstelling fan de diplomaten Frankryk der fan werhâlde kind hie syn bûnsgenoat te help te kommen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schlieffen Plan fan Wikimedia Commons. |