Mahmut Şevket Pasja
Mahmut Şevket Pasja (hielendal yn it Turksk: Mahmut Şevket Paşa; útspr.: ['mamut 'ʃɛvkɛt 'paʃa], likernôch: "mammût sjefket pasja"; Bagdad, 1856 – Konstantinopel, 11 juny 1913) wie in Osmaansk militêr en steatsman, dy't yn 1913 in healjier grutfizier fan it Osmaanske Ryk wie. Syn neitins stiet benammen yn it teken fan syn aktive rol by it oprjochtsjen fan in eigen Osmaansk programma foar militêre loftfeart. Hy kaam om by in moardoanslach troch politike fijannen.
Mahmut Şevket Pasja | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Osmaansk | |
bertedatum | 1856 | |
berteplak | Bagdad (Osmaanske Ryk) | |
stjerdatum | 11 juny 1913 | |
stjerplak | Konstantinopel (Osmaanske Ryk) | |
etnisiteit | Turksk | |
grutfizier fan it Osmaanske Ryk | ||
amtsperioade | 23 jannewaris – 11 juny 1913 | |
foargonger | Mehmet Kâmil Pasja | |
opfolger | Sait Halim Pasja |
- N.B.: Dit is in Osmaanske namme. Mahmut Şevket is de foarnamme, Pasja is in titel, en der is gjin efternamme.
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMahmut Şevket waard yn 1856 berne yn Bagdad, no de haadstêd fan Irak, mar doe ûnderdiel fan it Osmaanske Ryk. Hoewol't er sûnder mis grutbrocht waard as in etnyske Turk, hâlde ferskate boarnnen út dat er mooglik ek etnysk Arabyske, Georgyske, Sirkassyske en/of Tsjetsjeenske foarâlden hie. Hy genoat ûnderwiis ferlykber mei de legere skoalle en de middelbere skoalle yn Bagdad, foar't er ynskreaun waard oan 'e militêre akademy yn Konstantinopel. Dy oplieding rûne er mei súkses ôf yn 1882, wêrnei't er mei de rang fan luitenant oan it Osmaanske Leger tafoege waard.
Karriêre
bewurkje seksjeIer yn syn militêre karriêre brocht Mahmut Şevket in skoft troch yn Frankryk, dêr't er ûndersyk die nei moderne militêre technology dy't yn gebrûk wie by it Frânske Leger. Neitiid wied er in hoart legere op Kreta, dat ek diel útmakke fan it Osmaanske Ryk. Dêrnei kearde er werom nei de militêre akademy yn Konstantinopel, dêr't er oansteld waard as militêr dosint. Mahmut Şevket wurke ek in skoft as assistint fan Colmar baron von der Goltz (ek bekend as Goltz Pasja), in Dútske militêre adviseur yn it Osmaanske Ryk. Yn dy hoedanichheid reizge er ek nei Dútslân.
Letter waard Mahmut Şevket oansteld as gûverneur fan 'e vilayet ("provinsje") Kosovo, dêr't er tagelyk ek it befel fierde oer it Osmaanske 3e Leger. It wie omtrint dy tiid dat er troch de sultan bejeftige waard mei de aadlike titel fan pasja. Yn syn hoedanichheid fan kommandant fan it 3e Leger spile Mahmut Şevket yn 1909 in wichtige rol yn it ramt fan it saneamde Ynsidint fan 31 Maart, wêrby't er syn troepen ynsette om in tsjinkûp fan absolutistyske reäksjonêren te ûnderdrukken. Ut dy tiid bestiet in lûdsopname fan 'e stim fan Mahmut Şevket dy't syn manskippen foar de striid tasprekt. Dy opname waard yn 2012 weromfûn en iepenbier makke troch sjoernalist Murat Bardakçı. Nei ôfrin fan it Ynsidint fan 31 Maart kaam it 3e Leger bekend te stean ûnder de namme Hareket Ordusu ("Leger fan Aksje").
Under it regear fan sultan Mehmed V waard Mahmut Şevket oan 'e ein fan 'e Earste Balkanoarloch, dy't foar it Osmaanske Ryk op in jammerdearliken nederlaach útrûn wie, op 23 jannewaris 1913 beneamd ta grutfizier. Hy waard lykwols op 11 juny fan datselde jier yn Konstantinopel by wize fan wraak fermoarde troch in famyljelid fan syn earder fermoarde politike tsjinstanner Nazım Pasja. De neitins fan Mahmut Şevket stiet benammen yn it teken fan syn oprjochting fan 'e Osmaanske Loftmacht, yn 1911. Troch it belang dat hy oan in eigen militêr loftfeartprogramma hechte, ûntjoech de Osmaanske Loftmacht him ta ien fan 'e earste organisearre loftfeartynstellings fan 'e wrâld. Ek wie Mahmut Şevket ferantwurdlik foar it oerbringen fan 'e earste auto nei Konstantinopel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|