In pasja (Osmaansk-Turksk: پاشا‎; modern Turksk; paşa) wie in aadlike titel dy't yn it Osmaanske Ryk bestie fan 'e fyftjinde iuw ôf, en dy't yn it moderne Turkije as ûnderdiel fan 'e Herfoarmings fan Atatürk yn 1935 as in efterhelle oerbliuwsel fan 'e ymperiale tradysje ôfskaft waard. Dizze titel kin men tsjinkomme yn ferskate transliteraasjes, lykas pasha (Ingelsk), pacha (Frânsk), Pascha (Dútsk) of pascià (Italjaansk). Ek wurdt yn âldere teksten en beskate films (lykas The Wind and the Lion) soms noch de anglisearre ferbastering bashaw brûkt. Etymologysk is paşa ôflaat fan it Perzyske wurd پادشا, pādšā.

Mustafa Kemal Pasja.

'Pasja' wie net in aadlike titel yn 'e Westerske sin, lykas 'greve' of 'hartoch', mar hie mear wei fan 'e Midsiuwske riddertitel. De titel fan 'pasja' waard takend troch sultan en wie net oerdraachber fan heit op soan. Pasja's wiene ornaris de heechste amtners fan it Osmaanske Ryk, lykas de grutfizier en de provinsjale gûverneurs, en militêren mei generaalsrangen. Legere amtners en ofsieren droegen titels as bey, dey of simpelwei effendi, dat 'mynhear' betsjut. As titel waard 'pasja' efter de foarnamme pleatst en dan mei in haadletter skreaun, sadat it troch lju dy't ûnbekend binne mei Osmaanske nammen soms foutyf as efternamme beskôge wurdt. Efternammen bestiene yn it Osmaanske Ryk lykwols net. Sels by immen as Mustafa Kemal Pasja, dêr't it liket as geane der in foar- en efternamme oan 'e titel foarôf, giet it eins om twa foarnammen en in titel.

De titel 'pasja' waard net inkeld oan moslims jûn, mar koe likegoed oan joaden, kristenen of oars-leauwige amtners skonken wurde. Ek oan ferskate Westerske persoanen waard de titel pasja takend, wêrnei't sokken bekend kamen te stean ûnder in kombinaasje fan harren efternammen en de titel. Foarbylden fan sokke gefallen binne Gordon Pasja (de Britske generaal Charles George Gordon) en Liman von Sanders Pasja (de Dútske generaal Otto Liman von Sanders). Oant de Republikeinske Revolúsje fan 1953 wie 'pasja' ek yn it Keninkryk Egypte ien fan 'e heechste aadlike titels.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.