Basel
(Trochferwiisd fan Basel (stêd))
Basel is in stêd yn it noardwesten fan Switserlân, oan de oere fan de Ryn. Nei Zürich en Genêve is Basel de tredgrutste stêd fan Switserlân. De stêd hat in grutte gemyske en farmaseutyske yndustry. Basel grinzet oan Dútslân en Frankryk.
Basel | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Switserlân |
Kanton | Basel-Stêd |
Sifers | |
Ynwennertal | 174.793 (2015) |
Oerflak | 23,91 km² |
Befolkingstichtens | 7300 / km² |
Stêdekloft | n.f.t. |
Hichte | 244 - 260 m |
Oar | |
Stifting | 237/238 |
Tiidsône | UTC+1 |
Webside | Webstee fan de stêd Basel |
Skiednis
bewurkje seksje- 374 - Earste bewyske fan it bestean fan de delsetting Basilea.
- 740 - Basel wurdt in biskopsstêd, wêrtroch't de stêd yn 'e rin fan de tiid machtiger wurdt.
- 1417 - Grutte stêdsbrân.
- 1460 - Stiftingsjier universiteit.
- 1499 - Frede fan Basel
- 1501 - Basel komt by de Switserske konfederaasje mei as namme 'kanton Basel'.
- 1547 - Johannes Acronius Frisius giet nei Basel as professor yn de wiskunde. Hy bliuwt dêr oant syn dea.
- 1833 - Bestjoerlike skieding tusken Basel-Stêd en Basel-Lân. Dêrnei binne beide bestjoerlike ienheden 'healkanton' yn Switsrlân.
- 1869 - Friedrich Nietzsche wurdt heechlearaar yn Basel.
- 15 juny 1954 - De UEFA wurdt oprjochte yn de stêd.
Panorama
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje Commons: Basel – foto, fideo en harktriemmen
- Hiemside fan de stêd Basel Dútsk, Frânsk, Ingelsk
- Toerismeside Basel Dútsk, Frânsk, Ingelsk, Italjaansk, Spaansk, ensfh.
- Musea yn Basel Dútsk, Frânsk, Ingelsk