Sergej Aleksandrovitsj fan Ruslân

Sergej Aleksandrovitsj (Russysk: Сергей Александрович); * 11 maaie 1857 - † 17 febrewaris 1905) wie in Russysk grutfoarst en gûverneur fan Moskou. Sergej wie de op ien nei jongste soan fan tsaar Aleksander II en hearde ta it Romanov-hûs. Hy stie bekend om syn konservative opfettings en waard yn 1905 yn it kremlyn fan Moskou fermoarde troch in oanslach.

Sergej Aleksandrovitsj fan Ruslân
Grutfoarst Sergej Aleksandrovitsj
Grutfoarst Sergej Aleksandrovitsj
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Russyske
berne 11 maaie 1857
berteplak Katarinapaleis, Sint-Petersburch
stoarn 17 febrewaris 1905
stjerplak Moskou

Grutfoarst Sergej Aleksandrovitsj waard op 11 maaie 1857 berne yn de Zûbov-fleugel fan it Katarinapaleis yn Tsarskoje Selo. Hy wie it sânde bern en de fyfte soan fan de acht bern fan Aleksander II fan Ruslân en syn earste frou Maria Aleksandrovna.

Sergej Aleksandrovitsj wie tige ynteresearre yn keunst en kultuer, itjinge er fan syn mem Marie fan Hessen-Darmstadt hie.

 
Sergej Aleksandrovitsj en syn frou Elisabet fan Hessen-Darmstadt

Sergej troude yn 1884 mei prinses Elisabet fan Hessen-Darmstadt, in beppesizzer fan keninginne Fiktoaria. Hja krigen tegearre gjin bern, mar wiene fâlden fan de twa bern fan syn broer Pavel Aleksandrovitsj: Marije Paulowna en Dmitri Pavlovitsj. Oer de grutfoarst wurdt sein dat er homoseksuëel wie[1].

Lykas oare manlike leden fan it Romanov-hûs, folge Sergej in militêre karriêre. Yn 1882 beneamde syn broer Aleksander III Sergej ta kommandant fan it 1e Bataljon Preobrazjenski Liif-Rezjimint, in funksje dy't er oant 1891 hie. Yn 1889 waard Sergej befoardere ta de rang fan generaal-majoar.

Tusken 1891 en 1905 wie Sergej gûverneur-generaal fan Moskou. Hy wie net populêr en benammen mei de Chodinka-tragedy krige syn reputaasje in djippe dûk. As gûverneur-generaal wie Sergej ferantwurdlik foar de gefolgen fan in massaal feest ta eare fan de kroaning fan Nikolaas II op it Chodinfjild, in militêr oefenterrein mei loopgraven. It feest waard troch in heal miljoen minsken bywenne, mar nei't der troch geroften gedrang ûntstie foelen der in soad minsken yn de loopgraven, dy't troch oaren fertrape waarden. De tragedy kostte 1.389 minsken it libben. Fanwegen syn konservative belied beskôgen guon minsken him as reaksjonêr.

Tsjin de ein fan 1904 wie it ferrin fan de kriich mei Japan foar Ruslân tige ûngeunstich en it lân wie yn in steat fan ûnstjoer. It folk wie ûntefreden en balstjurrich en der kamen jimmeroan mear demonstraasjes. Om de oarde de hanthavenjen naam de druk op Sergej ta. Hy wie foar in hurde oanpak fan om sa in ein te meitsjen oan it revolúsjonêre gêstjen, mar syn omkesizzer tsaar Nikolaas twifele en wist net goed troch te pakken. Teloarsteld oer de gong fan saken yn Ruslân, it útbliuwen fan serieuze maatregels en de swakte fan ministers en riedsleden fan de tsaar joech Sergej op 1 jannewaris 1905 syn funksje as gûverneur op. Sergej bleau lykwols de heechste befelhawwer fan de troepen fan it militêre distrikt fan Moskou.

 
Betinkingskrús foar grutfoarst Sergej Aleksandrovitsj
 
Plechtichheid by it weromsetten fan it betinkingskrús op it plak dêr't de grutfoarst fermoarde waard

Op 4 febrewaris 1905 makke Ivan Kaljajev, in terrorist fan de sosjaal-revolusjonêre beweging, in ein oan it libben fan de grutfoarst. Underweis nei syn âlde wurkplak as gûverneur om dêr noch wat wurksumheden of te sluten, ferliet de grutfoarst moarnsier it Nikolaaspaleis. Wylst wachte Kaljajev op de komst fan de grutfoarst en hold yn syn hannen in yn kranten ferpakte nitroglyserine-bom. Yn it kremlyn fan Moskou, tichteby de Nikolaaspoarte, smiet Kaljajev de bom yn de skoat fan de grutfoarst, dy't fuortendaliks ûntplofte en it lichem fan de grutfoarst út inoar rôp. De oerbliuwsels fan de skeinde Sergej waarden by inoar socht en nei it balsemjen yn in kiste lein en nei de katedraal fan it Tsjûdovkleaster brocht.

Op it plak dêr't Sergej fermoarde wie waard letter in betinkingskrús delset. Nei de ûndergong fan de Romanov's waard it krús troch de bolsjewiken ferneatige. Op 4 maaie 2017 is der in rekonstruksje fan it krús ûntbleate by in plechtichheid dêr't ek presindint Pûtin en partriarch Kirill by oanwêzich wiene.

It Tsjûdovkleaster waard nei de Oktoberrevolúsje yn 1928 sloopt en op it plak ferriisde it presidium fan de Heechste Sovjet. De krypte mei de grêfkelder lei op in binnenplak fan dat gebou, dat doe as parkearplak tsjinne. Yn de jierren 1990 ûntdieken arbeiders de tichte yngong fan de grêfkelder. De kiste yn de kelder waard ûndersocht en it die bliken dat de oerbliuwsels fan de grutfoarst noch altiten oanwêzich wiene, dy't oerdekt wiene mei syn militêre oerjas mei dekoraasjes en in ikoan. De kiste waard yn 1995 offisjeel opgroeven en nei in betinkingstsjinst yn de Aartsingel Michael-katedraal yn it kremlyn op 17 septimber 1995 byset yn in krypte fan it Novospasski-kleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Grand Duke Sergei Alexandrovich of Russia

  1. Romanov Autumn, Charlotte Zeepvat | 9780750927390, side 132