Jan Harm Kruis
Jan Harm Kruis (Lúnbert, 26 maart 1904 – Haskerdiken, 14 april 1945) wie in Frysk feehâlder en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.
Libbensrin
bewurkje seksjeIere libben
bewurkje seksjeKruis wie it ien nei âldste bern út in feanwurkersgesin fan fjirtjin bern. Syn heit, Hendrikus Jans Kruis (17 maart 1870 - 26 juny 1938) hie him omheechwurke fan feanarbeider oant feehâlder, lânbouwer en fjildwachter. Jan Kruis wie boerenknecht by ferskate boeren yn Fryslân. Ien fan dizze boeren hat Jan Kruis, nei in rúzje oer in stellen hinne-aai, oanjûn by de polysje. Kruis is doe op steande doet ûntslein, net allinnich om it stellen aai, mar mear om't hy, koart nei dat hy trappearre wie, de boer mei syn holle in skoftke yn in sleat ûnder wetter hâlden hie. Kruis fûn dat hy as ynwennende knecht te min te iten krige. Om gjin honger te leien hie hy in aai pakt en rau opiten. De heit fan Kruis wie yn 1938 om it libben kaam by in fal fan in heasouder, Jan Kruis naam doe as soarte fan bedriuwslieder, yn tsjinst by syn mem, it wurk op de buorkerij oer.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeTsjin de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie Kruis lid fan de yn de perioade stifte Nederlânske Ynlânske Striidkrêften (N.Y.S.). Jan Kruis stoar op 14 april 1945, de foarlêste dei fan de befrijding fan It Hearrenfean, yn in streekrjochte konfrontaasje mei de harren weromlûkende soldaten fan de Dútske Luftwaffe. It barren hie plak yn it fean, op de Bûtendykske Kavelstripe by de Heabrêge ûnder Haskerdiken, noardwestlik fan It Hearrenfean (de Bûtendykske Kavelstripe wie in wei tusken Haskerdiken yn it westen en Lúnbert yn it easten, tsjintwurdich hat de dyk de namme P.G. Otterweg).
Wat der wier spile hat waard pas op 11 juny 2001 bekend makke troch Anne Wind, dy’t yn dy tiid ek by de fersetsgroep siet dêr’t Jan Kruis ek by wie. Oant dan hienen likernôch tritich fersetsstriders, hoewol't hja tsjûge west hienen fan it barren op 14 april, harren stil hâlden, út skamte foar wat der dy dei allegear bard wie.
Op dy 14e april hienen trije N.Y.S.-groepen fan elk likernôch tsien leden harren ier yn de moarn ferstoppe op trije pleatsen yn it fean oan de Kavelstripe. Kanadeeske militêren wienen al tichtby Lúnbert en de fersetslju hienen harren dêr fuortset omdat de ferwachting wie dat de Dútsers dy’t dêr yn de omkriten stasjonearre wienen oer de Kavelstripe der útnaaie soenen nei It Hearrenfean. Om njoggen oere yn de moarn slagge Jan Kruis der allinnich yn, sûnder ek mar in skot los te litten, om in earste groep fan fiif flechtsjende Dútske soldaten kriichsfinzene te krijen by de pleats fan Klaas de Jong, dy’t yn de fierste pleats wenne.
Kruis hie besletten de aksje út te fieren omdat de Dútsers oars bûten skotsôfstân kamen en se sa oars fuortkaam wienen nei It Hearrenfean. Mei it oppakken en ûntwapenje fan de fiif Dútsers waard it foar de rêst fan de oanwêzige N.Y.S.-leden dúdlik hoe flechtsjende Dútske soldaten kriichsfinzen naam wurde koenen. It slagge de fersetslju dy sneon dan ek noch in pear kear om finzenen te meitsjen. By it tichter by komme fan in fjirde groep Dútsers mei fjouwer soldaten ûntstie der foar it earst in fjoerwikseling doe’t dizze soldaten ticht by de earste pleats, fan Evert Wind, kamen. In N.Y.S.-er út de groep fan Kruis liet by ûngelok in skot los, wêrnei de Dútsers harren yn de sleat oan de side fan de Binnendykske Efterfeart ferstoppen. De manear om de flechtsjende Dútsers oan te hâlden nei't dy de pleats fan Wind foarby wienen, en dermei ynklamme rekken tusken twa pleatsen, wie mislearre. No’t de Dútsers warskôge wienen waard der wjerstân bean. Om út dy situaasje te kommen wie it op ‘e nij Jan Kruis dy’t inisjatyf naam troch te easken dat de Dútsers harren oerjaan soenen. Wylst hy en syn maten harren sels op 'e grûn goaid hienen probearre hy kontakt te meitsjen mei de Dútsers, mar der kaam gjin reaksje. "Dan mar steande," moat hy tocht hawwe, dat hy kaam oerein om op ‘e nij te easken dat de Dútsers harren oerjaan moasten. Ynstee fan it dellizzen fan de wapens krige Kruis de folle laach fan in automatysk gewear. Hy waard yn syn búk rekke. Krûpendeweis ferdwûn hy nei in pleats, dêr’t hy in pear oeren letter ferstoar. Al slaggen de oare fersetslju der yn om de Dútsers finzene te krijen.
Nei dit dramatyske barren besletten de trije oanwêzige groepskommandanten gjin fierdere aksje tsjin de flechtsjende soldaten te hâlde. Der waard besletten om de kriichsfinzenen, sa’n 20 man, noch foar it tsjuster wurde soe oan de Kanadezen te jaan, dy’t doe al by Lúkswâld wienen. Op wei dêrhinne krige de heule staasje fan likernôch 30 N.Y.S.-ers en 20 Dútsers hommels Kanadeesk fjoer oer harren hinne. Letter dy’t bliken dat de Kanadezen op in ôfstân de sjitterij tusken de partijen beharke hienen en tochten dat mei granaatfjoer de Dútsers dêr wol wei te krijen. Mar wat no barde wie dat alle leden fan de N.Y.S troch it lawaai sa yn panyk rekken dat se alle kanten op flechten, sûnder dat se dêrby oan de Dútske kriichsfinzenen tochten. Wat efternei natuerlik troch alle besibbe minsken as ynmoedich betreure waard, want de konklúzje koe dan wol lutsen wurden dat Jan Kruis foar neat om it libben kaam wie.
It hjirboppe beskreaune ferhaal fan Anne Wind is in moanne letter autorisearre troch Sjoerd Bakker, in lokaal amateur-histoarikus fan Tsjalbert, en wurdfierder fan de yn 2001 noch libjende Harm Smink (doe 84 jier en wenjende yn Lúnbert). Smink hie N.Y.S.-kommandant west fan de groep wêr’t Jan Kruis lid fan wie.
Fan Anne Wind komt ek it ferhaal oer it manmoedich wêzen fan Jan Kruis.
Op 13 april 1945, in dei foar de dea fan Kruis, waard ûnder lieding fan Jan Kruis, mei assistinsje fan Anne Wind, in grutte stunt útfierd. Der waard ûnder in stapel hea op in boerewein in grutte partij wapens ferfierd. De wapens kamen út in N.Y.S.-wapenopslachplak yn Nijskoat en moasten nei de Kavelstripe ferfierd wurde, dwers troch it troch Dútske soldaten besette sintrum fan It Hearrenfean. Fan de súksesfolle aksje is op it hiem fan Evert Wind in foto makke troch N.Y.S.-lid Diedrich Jansen. De sibben fan Jan Kruis hawwe it orizjineel fan de foto noch, mar der binne kopyen yn de argiven fan it NIOD yn Amsterdam, it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean, de Provinsjale Bibleteek yn Ljouwert en yn ferskate lokale bibleteken yn Fryslân.
Earbewizen
bewurkje seksjeTroch in misbegryp by de gemeente It Hearrenfean en de sibben fan Jan Kruis waard syn earste grêf op it Katolike tsjerkhôf op It Hearrenfean yn 1991 romme. Syn oerbliuwsels binne doe bedarre yn in grêf op it militêre earefjild yn Loenen. In middenhânsbonke fan Jan Kruis is doe as relikwy apart byset yn it haadaltaar fan de Katolike tsjerke op It Hearrenfean.
Al gau nei de oarloch waard Kruis ear takend. Op 15 jannewaris 1946 waard op It Hearrenfean in strjitte nei him omneamd, de J.H. Kruisstraat, de strjitte wêr Sportpark Noard, it letter Abe Lenstra Stadion, oan stie. Op 5 maaie 1949 waard de namme fan Jan Kruis opnaam as ien fan de nammen it oarlochsmonumint oan de Fan Maasdykstrjitte.
Omdat der by it Nederlânske Ynstitút foar Oarlochsdokumintaasje (Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie) yn Amsterdam en ek by offisjele oarlochsargiven yn Fryslân net in soad bekend is oer Jan Kruis as fersetsstrider en minsken yn Kruis' syn fermidden dêr nea wat oan feroare hawwe, hat Kruis postúm nea it ‘Fersetsbetinkingskrús’ krigen. Doe’t op fersyk fan George de Haan, in omkesizzer fan Kruis, yn 2001 Prins Bernhard dat noch besocht hat by de Ynspekteur-Generaal fan de Kriichsmacht die bliken dat dit net mear koe, om't as definitive slutingsdatum foar oanmelden 1 april 1984 fêststeld wie.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan H. Kruis fan Wikimedia Commons. |