Tjeerd Pasma
Tjiepke "Tjeerd" Pasma (Rinsumageast, 25 juny 1904 – Ede, 28 desimber 1944) wie in Frysk moderne fiifkamper.
Tjeerd Pasma | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tjiepke Pasma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 24 juny 1904 | |
berteplak | Rinsumageast | |
stjerdatum | 28 desimber 1944 | |
stjerplak | Ede | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Moderne Fiifkamp | |
O.S. | Amsterdam 1928 |
Pasma die yn 1928 mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Amsterdam.
Pasma wie wachtmaster 1e klasse by de maresjesee doe't er yn 1928 mei die oan de Olympyske Simmerspullen. Dat wie bysûnder omdat meidwaan yn dy tiid allinne foarbehâlden wie oan offisieren. Mei't Pasma in goed sporter wie yn de jierren '20, en twa kear Nederlânsk Kampioen Heechljeppen wurden wie, mocht er dochs meidwaan.
By de Spullen waard er 35e by it ûnderdiel sjitten, 13e by it swimmen, 34e by it skermjen, 5e by it fjildrinnen en 24e by it springen. Mei dy risseltaten einige er yn it klassemint op it 24e plak.
Yn 1940 waard er earfol út it leger ûntslein. Fjouwer jier letter kaam Pasma as boarger om it libben yn Ede, troch in Dútske V1-bom dy't te betiid ta ûntploffing kaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|