Ivar Ballangrud
</noinclude> Ivar Eriksen Ballangrud (Lunner, 7 maart 1904 - Trondheim,1 juny 1969) wie in Noarsk reedrider. Fyftjin jier lang, fan 1924 oant 1939, wie Ballangrud ien fan de bêste reedriders fan de wrâld.
Ivar Ballangrud | ||
Reedrider | ||
Ivar Ballangrud (1936) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ivar Eriksen Ballangrud | |
nasjonaliteit | Noarsk | |
bertedatum | 7 maart 1904 | |
berteplak | Lunner | |
stjerdatum | 1 juny 1969 | |
stjerplak | Trondheim | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Sankt-Moritz 1928, Lake Placid 1932, Garmisch-Partenkirchen 1936 | |
debút | 1924 | |
karriêre-ein | 1939 | |
wichtige prestaasjes | ||
4x goud Olympyske Spullen 1928, 1936 2x sulver Olympyske Spullen 1932, 1936 1x brûns Olympyske Spullen 1928, 4x goud Wrâldkampioenskip 1926, 1932, 1936, 1939 4x sulver Wrâldkampioenskip 1928, 1929, 1930, 1935 3x brûns Wrâldkampioenskip 1931, 1933, 1934 |
Hy die trettjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, njoggen kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear wrâldkampioen, fjouwer kear Europeesk kampioen en fjouwer kear Olympyske kampioen. Hy waard ek fiif kear Noarsk allround kampioen.
Hy wist trije titels te winnen op de Winterspullen fan 1936 yn Garmisch-Partenkirchen: opfallend genocht wûn er njonken de 5 kilometer en 10 kilometer ek de 500 meter. Syn earste gouden medalje wûn hy al acht jier earder op de 5 kilometer op de Winterspullen fan 1928. Fierders wûn Ballangrud brûns op de 1500 meter yn 1928 en in sulveren medalje op de 10 kilometer op de Winterspullen fan 1932. Hy soe in favoryt foar in titel ûnder de Spullen fan 1932 yn Lake Placid west ha as de wedstriden op de normale wize tsjin de klok hâlden wiene en net op de Amerikaanske wize mei alle dielnimmers tagelyk op de baan.
Njonken syn fiif offisjele wrâldrekôrs wist er yn in testwedstriid foar de Olympyske Spullen yn 1932 in 10 kilometer ôf te lizzen yn 16.46,4. Dat wie 31 sekonden rapper as it wrâldrekôr op dat stuit. Syn tiid bleau de rapste tiid oer 10 kilometer foar mear as 20 jier oant Hjalmar Andersen de tiid lang om let ferbettere. Ivar Ballangrud ferstoar op 1 juny 1969, yn 'e aldens fan 65 jier.
Persoanlike rekôrs
bewurkje seksjeOfstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|
500 meter | 42,7 | 31 jannewaris 1939 | Badrutts Park, Sankt Moritz |
1000 meter | 1.29,3 | 24 febrewaris 1937 | Frognerstadion, Oslo |
1500 meter | 2.14,0 | 29 jannewaris 1939 | Eisstadion Davos, Davos |
3 km | 4.49,6 | 29 jannewaris 1935 | Eisstadion Davos, Davos |
5 km | 8.17,2 | 18 jannewaris 1936 | Frognerstadion, Oslo |
10 km | 17.14,4 | 6 febrewaris 1938 | Eisstadion Davos, Davos |
Resultaten
bewurkje seksjejier | EK Allround |
WK Allround |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|
1924 | 6e | 5e | |
1926 | |||
1927 | |||
1928 | 4e | 1500 m, 5 km, | |
1929 | |||
1930 | |||
1931 | |||
1932 | 1500 m, 3e yn de heats 5 km, 5e 10 km | ||
1933 | |||
1934 | 4e | ||
1935 | |||
1936 | 500 m, 1500 m, 5 km, 10 km | ||
1938 | |||
1939 | 4e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|