Folkert Harmens Kuipers
Folkert Harmens Kuipers (Cooper; 23 oktober 1843, Akkrum - 31 desimber 1904, New Rochelle) wie in sakeman-filantroop. Hy is de stifter fan Coopersburg yn Akkrum ( 8 jannewaris 1901, in tehûs foar 44 âlden fan dagen boppe de 65 jier yn Akkrum, en fan in soartgelikens tehûs yn Chicago. Kuipers emigrearre yn 1866 nei Amearika en stifte dêr grutte 'stores' yn Chicago (1866) en New York.
Libben en wurk
bewurkje seksjeKuipers wie de soan fan Willem Harmens Kuipers en Yttje Rommerts de Vries. Hy boaske Antoinette Geraline De Graaff. Yn 1866, doe't er 23 wie, emigrearre it húshâlden nei Amearika, dêr't er syn namme feroare ta Frank H. Cooper. By syn earste omswalkingen kaam er yn stêden as Buffalo en Chicago, dêr't er in ûndernimming begûn. Hy bedarre op 't lêst yn New Yorkotte yn New York, dêr't er tegearre mei syn kompanjon Harry Siegel in grut warehûs oprjochten hat dat noch altyd bestiet, fergelykber mei Harrods of La Fayette. Op dit gebou liet hy in fjoertoer sette, dy't jûns en nachts syn ljochtbondel oer New York skine liet om dat warehûs yn de belangstelling te setten. Yn lettere jierren is de fjoertoer derwei helle troch oare ûndernimmers.
Yn 1902 ferkoft Cooper syn oandiel oan Siegel, mar sûnder him hie de saak net mear it âlde sukses. Cooper syn jonges gongen yn it selde slach fan saken, mar net ien fan harren hie sa'n sukses as harren heit.
As begoedige sakeman kaam Folkert alle jierren werom nei syn bertedoarp om by syn âlden oan te gean. Hy waard rekke troch de earmoede fan de âlderein dy’t er om him hinne seach en rjochte in stifting op. Dy stifting hie as doel om earmelju ûnderdak en fersoarging te jaan yn in fersoargingstehûs dat yn 1900 klear wie en de namme fan de woldogger krige: Coopersburg. Folkert Kuipers leit mei syn frou yn in prealgrêf by Coopersburg begroeven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|