Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy
It Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy (Frânsk: Festival International du Film d'Animation d'Annecy) is in filmfestival dat elts jier yn juny holden wurdt yn 'e Frânske stêd Annecy. It evenemint is eksklusyf wijd oan tekenfilms. It waard foar it earst yn 1960 organisearre, en fûn oarspronklik ienris yn 'e twa jier plak. Pas yn 1998 waard it feroare yn in jierliks barren. It Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy is ien fan 'e fjouwer ynternasjonale tekenfilmfestivals yn 'e wrâld dy't sponsore wurde troch de International Animated Film Association (IAFA, of Frânsk: Association Internationale du Film d'Animation, ASIFA).
Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy | ||
plak en tiid | ||
lân | Frankryk | |
regio | Auvernje-Rône-Alpen | |
departemint | Opper-Savoaye | |
plak | Annecy | |
tiid fan it jier | juny | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | tekenfilms | |
bestean | 1960 – no | |
org. troch | IAFA | |
offisjele webside | ||
www.annecy.org |
It Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy bestiet foar it meastepart út in kompetysje tusken tekenfilms dy't mei ferskate techniken makke binne, lykas hântekene animaasje, útknipt papier, stop-motion, claymation, kompjûteranimaasje, ensfh. De films wurde opdield yn ferskate kategoryen:
● lange films
● koarte films
● films makke foar tillefyzje en/of reklame
● films fan studinten
● en (sûnt 2002) films makke foar it ynternet.
Behalven dat de dielnimmende films fertoand wurde yn 'e ûnderskate bioskopen fan Annecy, wurde ûnder it festival jûns ek fertoanings yn 'e iepen loft organisearre.
Foar folsleine en byholden listen mei winnende tekenfilms, sjoch op 'e Ingelske Wikipedy:
● hjirre foar lange films;
● hjirre foar koarte films;
● hjirre foar films makke foar tillefyzje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |