The Secret Life of Pets 2
The Secret Life of Pets 2, yn Nederlân útbrocht ûnder de titel Huisdiergeheimen 2, is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre aventoerekomeedzje en famyljefilm út 2019 ûnder rezjy fan Chris Renaud. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Patton Oswalt, Kevin Hart en Jenny Slate. De titel betsjut "It Geheime Libben fan Húsdieren 2". It ferhaal folget húsdieren yn New York by harren aventoeren. It bangige hûntsje Max wurdt troch syn eigners meinommen nei it plattelân, dêr't er libbenslessen kriget fan in âlde hardershûn. Syn faam, it hûntsje Gidget, moat ûnderwilens op Max syn favorite boartersguod passe, mar ferliest dat yn in appartemint fol katten. En de nuete knyn Snowball, dy't mient dat er in superheld is, besiket in mishannele tigerwelp út in sirkus te rêden. The Secret Life of Pets 2 wie it twadde diel fan 'e Secret Life of Pets-filmsearje en folge as sadanich op The Secret Life of Pets út 2016. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
The Secret Life of Pets 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Chris Renaud | |
produsint | Chris Meledandri Janet Healy | |
senario | Brian Lynch | |
muzyk | Alexandre Desplat | |
filmstudio | Illumination | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Patton Oswalt Kevin Hart Jenny Slate | |
voice-over | Patton Oswalt | |
byrollen | Eric Stonestreet Lake Bell Tiffany Haddish Harrison Ford | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 24 maaie 2019 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | aventoerekomeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 86 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $80 miljoen | |
opbringst | $430,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | The Secret Life of Pets | |
● foarich diel | The Secret Life of Pets |
Plot
bewurkje seksjeNet lang nei de foarfallen út 'e earste film moetet Katie, it baaske fan 'e hûnen Max en Duke, Chuck as sy oan it hûnútlitten is en hy fuort njonken har by in parkearre auto op fytst. It is foar harren allebeide leafde op it earste gesicht, dat se krije in relaasje en trouwe al gau-eftich. Katie rekket swier en befalt fan in sûn jonkje, dat se Liam neamt. Max moat earst neat hawwe fan dy nije oanwinst fan 'e húshâlding, benammen om't er faker al as net it slachtoffer wurdt fan Liam syn rûge manear fan boartsjen.
As de jonge lykwols wat âlder wurdt en begjint te praten, kriget er ek mear empaty foar de húsdieren en hâldt er op harren te gnjirdzjen. Dan wurde Liam en Max de bêste freonen en rekket Max op in stuit sels sa oerbeskermjend foar it jonkje oer, dat it him op 'e senuwen wurket as er Liam net sjen kin. Mei't dat him uteret yn twangmjittich skobjen by syn hals, nimt Katie Max op in stuit mei nei de bistedokter, dêr't er in hûnekraach om kriget om him it klauwen ôf te learen. Koarte tiid letter fertelt Duke oan Max dat er Chuck sizzen heard hat, dat de hiele húshâlding mei koarten op fakânsje giet nei it boerespultsje fan in omke fan Chuck op it plattelân.
Max bringt syn favorite boartersguod, in stuiterbal yn 'e kleuren fan in hunichbij dy't Busy Bee hjit, by syn faam Gidget, in wyt dwerchkeeshûntsje dat yn itselde appartemintekompleks wennet. Hy freget har derop te passen wylst hy fuort is. Gidget akseptearret dy opdracht en jout har oer oan deidreamen wêrby't sy en Max in troud pear binne mei Busy Bee as harren pup. Underwilens mient de nuete knyn Snowball, dy't ek yn itselde appartemintekompleks wennet, dat er in superheld is, om't syn baaske Molly in skattich lyts superheldepakje foar him makke hat dêr't se him op deistige basis yn ferklaait.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Katie en Chuck mei Liam, Max en Duke op 'e pleats fan Chuck syn omke arrivearje, kriget Max frijwat in ôfdijer te ferwurkjen. In tripke nei it plattelân liek him sa aardich ta, mar as er der ienris is, docht bliken dat er neat wit fan hoe't it libben op in pleats om en ta giet. Mei't er der altyd grutsk op is dat er him yn 'e grutte stêd sa goed rêde kin, besiket er him dertrochhinne te bluffen, wêrmei't er ferskate swierrichheden feroarsaket. Hy wurdt dêrfoar te plak wiisd troch de âlde hardershûn Rooster, dy't him lykwols ek befrijt fan 'e hûnekraach.
As troch Max syn tadwaan de skiep útbrekke, rekket it ûnnoazele laam Cotton paadbjuster yn it oangrinzgjende wâld. Rooster twingt Max om mei te gean om it laam te sykjen. As bliken docht dat Cotton yn in beamke klommen is dat oan 'e side fan in klif prekêr boppe in ôfgrûn groeit, moat Max it laam rêde, mei't it beamke net sterk genôch is om it gewicht fan Rooster te hâlden. Max, dy't skitende benaud is, wit troch de kalme oanmoediging fan Rooster syn eangst te oerwinnen en it laam út it beamke te heljen foar't dat losrekket en yn 'e ôfgrûn stoart. Dêrmei wint er it respekt fan 'e âlde hardershûn. Neitiid fielt Max him in stik flinker en dy nachts meid er mei Rooster nei de moanne spûkgûle.
Yn 'e stêd wurdt Snowball, dy't fia bek-ta-bekreklame bekendmeitsje litten hat dat hy as superheld ree stiet om sielige en ferdrukte húsdieren te helpen, opsocht troch de shih tzu Daisy. Dat is in trochpakkend selskipshûntsje dat ûnderweis yn it fleantúch sjoen hat hoe't in wite tigerwelp fan "Fleurige Sergej's Sirkus fan Wille" fêstset yn keatlings ferfierd waard en letter, nei oankomst op 'e lofthaven troch syn eigner, Sergej, mishannele waard. It hûntsje is wisberet om it tigerjong, dat Hu hjit, te befrijen, en wol dêr Snowball syn help foar hawwe. Dy seit Snowball daliks ta.
Twaresom geane Snowball en Daisy nei it sirkus fan Sergej, dêr't se Hu befrije en ûntkomme oan it kwartet falske wolven dat Sergej opdracht jûn hat om it tigerjong te bewekjen. (Snowball mient dat hy syn superheldestatus wiermakke hat, mar eins hat er neat oars dien as yn panyk útnaaie wylst Daisy mei de wolven ôfweefde.) Se nimme Hu mei nei it appartemintekompleks, dêr't se him ûnderbringe by Pops, in âlde bassethound mei in ferlamme ûnderlichem dy't dêrom fan efteren tsjiltsjes oanbûn krigen hat. Dy syn baaske is suver nea thús, dat sadwaande falt de tiger yn dat appartemint net op.
Underwilens rekket Gidget it baltsje Busy Bee kwyt as dat út it iepensteande finster fan har appartemint stuiteret, op 'e brântrep telâne komt en lang om let by in oar appartemint nei binnen springt. It docht bliken dat dêr in âld kattewyfke wennet, yn 'e mande mei tsientallen suterige, oanhâldend ûnderling tsierende katten. De katten geane efter it stuiterbaltsje oan en fange it, en Gidget beseft dat se ôfmakke wurde sil as se har as hûn yn dat appartemint bejout. Dat se se giet nei Chloe, in obese sipertske kat dy't ta de freonegroep fan har en Max heart, en freget dy om har te learen om in kat te wêzen.
Chloe set Gidget in hierbân mei katte-earkes op, lûkt in wite sok oer har sturt en leart har hoe't katten harsels hâlde en drage. Dat betsjut: net efter ballen of oare dingen oan drave as ien wol dat je dy apportearje; altyd op 'e poatsjes delkomme as je earne fan ôf falle (of treaun wurde); en fûgeltsjes, lykas de parkyt Sweetpea, opfrette (dat lêste wie in grapke). De mopshûn Mel en de tekkel Buddy bemuoie harren ek mei de lessen. Yn 'e momkape fan in kat giet Gidget it appartemint fan it kattewyfke binnen en stelt Busy Bea werom fan 'e grutste, meast falske kat fan it hiele stel. As dy har tenei komt, liedt Norman de kavia him en alle oare katten ôf troch mei in laserpin in reade punt op 'e flier te skinen en hinne en wer te bewegen. Dat wurket lykwols mar koart. Gidget beslút oer te gean ta Plan B: mei help fan Norman lit se it lykje as kriget se de reade stip te pakken en fret se dy op. Mei't dat noch nea in kat slagge is, binne de oare katten dêr djip fan ûnder de yndruk. Gidget wurdt ta "keninginne fan 'e katten" útroppen.
Mei't Hu it appartemint fan Pops yn in dei tiid frijwol ôfbrutsen hat, bringt de âld bassethound de tigerwelp werom by Snowball en Daisy. Snowball beslút om Hu ûnder te bringen yn in oar leech appartemint, dat fan Max en Duke. Yn it sirkus ûntstekt Sergej ûnderwilens yn razernij as er ûntdekt dat syn tigerjong poater is. Hy fynt lykwols in sierspjelde yn 'e foarm fan in blom, dy't Daisy yn alle trelit kwytrekke is. Dêr lit er syn fjouwer wolven oan rûke, en dan stjoert er harren der op út om Hu te sykjen en werom te bringen. As Katie en Chuck wer thúskomme mei Liam, Max en Duke, ûntdekke Max en Duke de tigerwelp yn Liam syn keamer, dy't op dat stuit krekt fuorthelle wurdt troch Snowball en Daisy. Wilens arrivearje de wolven, dy't Daisy út it park wei folge binne, mei Sergej yn 'e stege efter it appartemintekompleks. Mei syn nijfûne flinkens beslút Max om 'e wolven tsjin te hâlden, mar hy wurdt in sûterrên yn slein. Snowball kriget ûnderwilens in wan bruien fan it boasaardige aapke fan Sergej. Hu wurdt wer finzen nommen, en datselde lot treft Daisy, mei't Sergej noch ferlet hat fan in lyts hûntsje om út in kanon te sjitten.
Nei't Max in wei út it sûterrên fûn hat, set er mei Snowball de efterfolging yn troch mei te liftsjen op 'e radiografysk bestjoerbere boartersguodauto fan Norman de kavia. Fia boartersguodportofoans dy't de freonegroep brûkt om 'e aventoerlike pjut Liam yn 'e rekken te hâlden, nimt Max kontakt op mei Gidget, dy't er om help freget. Gidget en har katten meitsje it kattewyfke wiis dat alle kattefoer op is, dat it âldminske set fuortendaliks yn in baas auto, dy't se fol laadt mei katten (en Gidget en Mel en Buddy), ôf nei de winkel. It binne lykwols de katten dy't it stjoer en it gaspedaal betsjinje, dat ynstee fan nei de winkel te gean, sette se efter Sergej oan.
Underwilens hat Sergej syn sirkus yn in trein laden, mar Max en Snowball witte dêr oan board te kommen. Yn in gefjocht op it dak fan 'e trein weeft Max ôf mei de wolven, wylst Snowball it aapke fan Sergej in pak op 'e hûd jout en tuskentroch Daisy befrijt. It aapke wurdt úteinlik sels út it kanon sketten, wylst de wolven fan 'e trein falle. Neitiid kringe Max, Snowball en Daisy de lokomotyf binnen, dêr't Sergej him befynt mei Hu. Se befrije it tigerke en skoppe Sergej út 'e trein. As dyselde dêrop in pistoal lûkt, wurdt er hommels oerriden troch Gidget en de katten. Max, Snowball, Daisy en Hu klimme by de katten yn 'e auto. As Sergej wer oerein klaut, docht bliken dat it âlde kattewyfke har net sa ûnbewust fan 'e sitewaasje is as wol liek, mei't se de auto yn 'e efterút set en nochris in kear oer de sirkuseigner hinne riidt, foar't se op hûs oan giet. Werom yn it appartemintekompleks giet it libben wer syn gewoane gong. Duke en de no net mear sa senuweftige Max begeliede Liam as er foar it earst nei de kres giet. Hu de tiger fynt in nij en folle better thús by it kattewyfke en har katten.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje[1] |
Max, in jack-russellterriër | Patton Oswalt | Fedja van Huêt |
Snowball, in wite nuete knyn | Kevin Hart | Jandino Asporaat |
Gidget, in wite dwerchkeeshûn | Jenny Slate | Peggy Vrijens |
- byrollen
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThe Secret Life of Pets 2 waard regissearre troch Chris Renaud nei in senario fan Brian Lynch. As produsinten wiene Chris Meledandri en Janet Healy by it projekt belutsen foar de filmstudio's Illumination. Foar de film wie in budget beskikber fan $80 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Alexandre Desplat.
Oan 'e film wurken fierhinne deselde stimakteurs mei as oan The Secret Life of Pets, út 2016, útsein wat de haadrol fan Max oangie. Dy waard yn 'e earste film ynsprutsen troch komyk Louis C.K., mar nei't dyselde yn 'e hjerst fan 2017 yn it ramt fan it #MeToo-skandaal yn opspraak rekke wie om't er ferskate kearen yn it bywêzen fan froulju masturbearre hie (sa't er sels ek tajoech), besleaten de produsinten de gearwurking mei him net te fernijen. Yn syn plak waard Patton Oswalt oanlutsen om yn 'e nije film syn stim oan Max te lienen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Secret Life of Pets 2 waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 24 maaie 2019 yn premiêre yn 'e Britske bioskopen, en pas op 7 juny fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 31 maaie by platemaatskippij Back Lot Music. The Secret Life of Pets 2 kaam op 13 augustus 2019 beskikber as digitale download en waard op 27 augustus fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige The Secret Life of Pets 2 mingde resinsjes. De foaroansteande Amerikaanske ynternetfilmkritikus James Berardinelli joech de film 21/2 fan 4 stjerren en neamde it "in perfekt foarbyld fan wat der barre kin as in ferfolchfilm inkeld bestiet om't syn foargonger in protte jild opbrocht hat." Hy omskreau de film ek as "eins trije selsstannige koarte films dy't inkeld mei-inoar ferbûn binne troch de oanwêzigens fan weromkearende personaazjes" en "in teloarstellend midsmjittige prestaasje, dy't potinsjele sjoggers dy't âlder binne as tsien jier net folle te bieden hat."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Secret Life of Pets 2 in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 159 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] leart syn animearre stjerren gjin nije narrative keunstkes – mar foar fans fan it orizjineel soe dizze grappige, energetyske ferfolchfilm likegoed foldwaan moatte." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Secret Life of Pets 2 in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 26 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeThe Secret Life of Pets 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $158,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $271,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $430,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in winst fan $350,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan The Secret Life of Pets 2
- (in) Ynformaasje oer The Secret Life of Pets 2 yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
The Secret Life of Pets (filmsearje) | |
---|---|
lange films | |
The Secret Life of Pets (2016) • The Secret Life of Pets 2 (2019) | |
koarte films | |
Norman Television (2016) • Weenie (2016) • Super Gidget (2019) |