Frank Lammers
Frank Lammers (folút: Frank Albertus Gerardus Petrus Maria Lammers; Mierlo, 10 april 1972) is in Nederlânsk akteur en regisseur fan Brabânsk komôf. Hy is benammen bekend fan 'e reklamespotsjes foar Jumbo Supermarkten, fan syn rol as Dennis van der Horst yn 'e film Nachtrit en fan syn titelrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Michiel de Ruyter.
Frank Lammers | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Frank Albertus Gerardus Petrus Maria Lammers | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 april 1972 | |
berteplak | Mierlo (Noard-Brabân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Brabânsk | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
prizen | Gouden Keal 2006 Prins Bernhard Kultuerpriis 2017 | |
offisjele webside | ||
www.franklammers.net |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeLammers waard yn 1972 berne yn in roomske húshâlding yn it Brabânske Mierlo, dat tusken Eindhoven en Helmond yn leit. Hy folge middelber ûnderwiis oan it Strabrecht Kolleezje yn Geldrop en studearre yn 1995 ôf oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeYn 1998 makke Lammers de koarte film Kort Rotterdams: Temper, Temper, dêr't er it senario foar skreau en de rezjy foar die. Foar de haadrollen loek er syn goede freon Fedja van Huêt oan, en fierders Monic Hendrickx en de doe noch ûnbekende Halina Reijn. Letter datselde jiers makke Lammers sels syn debút as filmakteur yn 'e Route 2000-film fl 19,99, mei in lytse rol as dakleaze. Yn 2000 bemachtige er in gruttere rol yn Wilde Mossels. Op 'e set fan dy film rekke er goed befreone mei regisseur Erik de Bruyn.
Neitiid wie Lammers te sjen yn films as Ochtendzwemmers (2001), Polleke (2003), Shouf Shouf Habibi (2004), Het Zuiden (2004), Het Schnitzelparadijs (2005) en Het Woeden der Gehele Wereld (2006). Yn De Dominee (2004) spile er de rol fan 'e kickbokser Adri Slotemaker. Ek hie Lammers in roltsje yn 'e oarlochsfilm Zwartboek, út 2006. Underwilens boude er op alderhanne mêd oan syn karriêre, en wied er behalven yn films ek te sjen op 'e tillefyzje. Foar syn rol as Bosko, yn 'e minysearje De Enclave (oer de Fal fan Srebrenica), krige er yn 2002 in Gouden Byld, en syn haadrol as Dennis van der Horst yn 'e film Nachtrit, út 2006, waard bekroane mei in Gouden Keal yn 'e kategory bêste akteur.
Op 'e tillefyzje wurke er mei oan it sketcheprogramma Koppensnellers, wêryn't er û.m. te sjen wie as Guus út Goes, de plysje fan Arûba (yn ferbân mei de saak-Natalee Holloway) en Edwin de Roy van Zuydewijn. Ek hied er gastrollen yn 'e plysjesearjes Baantjer en Grijpstra en De Gier en Spangen, yn 'e sikehûssearje De Co-assistent en yn oare programma's, lykas Dunya en Desie, Wet en Waan, Deadline en Het Sinterklaasjournaal. Fierders wie Lammers yn 2016 te sjen yn 'e minysearje Als de Dijken Breken. Yn 2007 en 2008 fertolke Lammers de rol fan Tom yn 'e musical Route 66, njonken û.o. Juda Goslinga, Loes Haverkort en Alexandra Alphenaar.
Op it wite doek spile Lammers nei 2006 û.m. yn Eigenheimers (2007), New Kids Turbo (2010), De Bende van Oss (2011) en De Marathon (2012). Yn 'e histoaryske aventoerefilm Michiel de Ruyter, dy't regisseur Roel Reiné en filmprodusint Klaas de Jong yn 2015 makken oer de santjinde-iuwske Nederlânske seeheld mei deselde namme, fertolke Lammers de titelrol. Dy film waard in grut súkses en makke Lammers bekend by in breder publyk, yn 'e mande mei de reklamespotsjes dy't er neitiid opnaam foar Jumbo Supermarkten. Yn 2015 hied er ek de titelrol yn 'e roadmovie J. Kessels, as in sûpende, keatlingsmokende, cowboyhoeddragende sjoernalist, en yn 2016 spile er yn 'e komyske horrorfilm SneekWeek in plysjeresjersjeur dy't efter in searjemoardner oan sit.
Yn 2007 en 2008 wie Lammers op de radio te hearren yn it harkspul Bommel. As stimakteur wurke er mei oan 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje fan tekenfilms as Wreck-It Ralph (2012), Despicable Me 2 (2013), The Spongebob Movie: Sponge Out of Water (2015), The Angry Birds Movie (2016) en Paddington 2 (2017). Fierders stied er yn 2009 op 'e planken mei it toanielstik Cadillac Cowboy, oer it libben fan countrysjonger Hank Williams. Ek wied er tusken 2012 en 2015 dûbluere foar Martijn Fischer, dy't de titelrol hie yn 'e musical Hij Gelooft in Mij, oer sjonger André Hazes.
Njonken syn aktearwurk wie Lammers troch de jierren hinne ek ferskate kearen as presintator aktyf foar Omroep Brabant, û.m. by programma's as De Kracht van Brabant en De Canon van Lammers. Fan 2008 oant en mei 2011 wied er ambassadeur fan it festival de Brabantsedag yn Heeze. Yn 2017 krige er de Prins Bernhard Kultuerpriis takend fanwegen "syn grutte bysûndere prestaasjes en fertsjinsten foar de kultuer yn Noard-Brabân." As regisseur makke Lammers yn 2010 de teäterfoarstelling Koper, mei de Limburchske band Rowwen Hèze en popsjoernalist Leon Verdonschot. Yn 2017 waard Of Ik Gek Ben, de earste spylfilm dy't er regissearre, bekroane mei de priis foar bêste film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Footcandle, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina.
Priveelibben
bewurkje seksjeLammers is troud mei de skriuwster Eva Posthuma de Boer. Mei har hat er in dochter, berne yn 2004.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1990 | Ko de Boswachtershow | ? | gastrol; ôfl. De Kippenfokkerversnipperaar |
1998 | Baantjer | Milan Tolimir | gastrol; ôfl. De Cock en de Vermoorde Onschuld |
1999 | Spangen | Lars Bierman | gastrol; ôfl. Foute Vrienden |
1999–2000 | BNN Look A Like 11-tal | coach Frenk | |
2000 | Wildschut & De Vries | Milko | gastrol; ôfl. Zware Benen |
2000–2001 | All Stars | Berrie | fêste rol 3e seizoen; 14 ôfl. |
2001 | Ochtendzwemmers | Herman | tillefyzjefilm |
2002 | Intensive Care | Erik Klein | gastrol; ôfl. De Grens |
2002 | De Enclave | Darko Bokan | tillefyzjefilm |
2003 | Wet & Waan | Mischa | gastrol; ôfl. Het Geheim van de Raadkamer |
2003 | Het Wonder van Máxima | plysjeman Decker | tillefyzjefilm |
2004 | Dunya & Desie | Tonnie van Bruggen | gastrol; ôfl. Dunya en Desie Forever |
2005 | Grijpstra & De Gier | Paul van der Bildt | gastrol; ôfl. My Funny Valentine |
2006 | Koppensnellers | ferskaat | komysk sketcheprogramma; 8 ôfl. |
2006 | Eigenheimers | Jaap van Elsakker | tillefyzjefilm |
2007–2010 | Comedy Central | voice-over | |
2008 | Sterke Verhalen uit Zoutvloed | Tepper | weromkearende rol; 5 ôfl. |
2009 | De Co-assistent | Patrick Wezendonk | gastrol; ôfl. De Bevalling |
2009 | Echt Niet?! | himsels | as presintator |
2009–2010 | Van Zon op Zaterdag | ferskaat | komysk sketcheprogramma |
2010 | Deadline | Ype Sleeswijk | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2010 | De Kracht van Brabant | himsels | as presintator |
2011 | Levenslied | Bert | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2011 | The Passion | Judas Iskariot | tillefyzjespecial |
2011 | Bon Voyage | Tom | tillefyzjefilm |
2012–2014 | Crimi Clowns | de Patron | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2013 | Sinterklaasjournaal | bistefersoarger | gastrol |
2016 | Als de Dijken Breken | Willem Wienesse | minysearje |
2018 | Sinterklaasjournaal | sûvenirferkeaper | gastrol |
2019–no | Undercover | Ferry Bouman | fêste rol |
2020 | Nieuw Zeer | ? | gastrol |
2019–2021 | De Alleskunner | voice-over | realitytillefyzjeprogramma |
2020–2021 | Familie Gillis: Massa is Kassa | voice-over | realitytillefyzjeprogramma |
films | |||
1998 | fl. 19,99 | dakleaze | |
2000 | Wilde Mossels | Daan | |
2000 | De Zwarte Meteoor | Wezelkop | |
2000 | Nachtwacht | Vermeer | |
2001 | De Grot | René | |
2003 | Grimm | boer | |
2003 | Polleke | master Wouter | |
2003 | De Passievrucht | Dees | |
2004 | Het Zuiden | Loe de Koning | |
2004 | Shouf Shouf Habibi! | Chris | |
2004 | De Dominee | Adri Slotemaker | |
2005 | Flirt | Egbert-Jan | |
2005 | Het Schnitzelparadijs | Willem | |
2005 | Leef! | BMW-bestjoerder | |
2005 | Racing Stripes | ? | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2006 | Het Woeden der Gehele Wereld | ynspekteur Duivetrap | |
2006 | Zwartboek | Kees | |
2006 | Nachtrit | Dennis van der Horst | |
2007 | Nadine | Vince | |
2008 | Mafrika | Frank | |
2009 | Suske en Wiske: De Texas Rakkers | Lambik | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2010 | Lex | Lex | |
2010 | New Kids Turbo | baas van Richard en Robbie | |
2011 | Rundskop | bistedokter Sam Raymond | |
2011 | De President | Krasimir | |
2011 | De Bende van Oss | Harry den Brock | |
2012 | De Marathon | Kees | |
2012 | Wreck-It Ralph | Ralph | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2013 | Crimi Clowns: De Movie | de Patron | |
2013 | Despicable Me 2 | El Macho | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2014 | The Boxtrolls | Archibald Snatcher | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2014 | Onder het Hart | Rogier | |
2015 | Michiel de Ruyter | admiraal Michiel de Ruyter | |
2015 | J. Kessels | J. Kessels | |
2015 | The SpongeBob Movie: Sponge Out of Water | Burger Beard | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2015 | Phantom Boy | man mei misfoarme antlit | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2016 | SneekWeek | resjersjeur Van Velzen | |
2016 | The Angry Birds Movie | Mighty Eagle | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2016 | Of Ik Gek Ben | n.f.t. | regisseur |
2016 | De Helleveeg | Nico van Dartel | |
2016 | The Secret Life of Pets | Duke | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2016 | Sing | Big Daddy | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2017 | Hotel De Grote L | heit | |
2017 | Paddington 2 | Knuckles McGinty | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2018 | All You Need Is Love | Ernst | |
2018 | Chasing Windmills | kaptein Holland Amerika Lijn | |
2018 | Ralph Breaks the Internet | Ralph | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2018 | D-railed | gasthear | |
2018 | Spider-Man: Into the Spider-Verse | Spider-man Noir | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2019 | Klaus | Klaus | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2019 | The Secret Life of Pets 2 | Duke | as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2020 | Groeten van Gerri | Gerri van Vlokhoven | ek regisseur |
2021 | Ferry | Ferry Bouman | |
2021 | Herrie in Huize Gerri | Gerri van Vlokhoven | ek regisseur |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (ned) Offisjele webside fan Frank Lammers
- (in) Folsleine filmografy fan Frank Lammers yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|