Martijn Fischer
Martijn Fischer (Utert, 28 jannewaris 1968) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur, dy't benammen bekend wurden is yn 'e rol fan sjonger André Hazes, yn 'e musical Hij Gelooft in Mij. Dêrnjonken hat er ek spile yn films as Liever Verliefd, Rokjesdag en Redbad.
Martijn Fischer | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Martijn Fischer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 jannewaris 1968 | |
berteplak | Utert (stêd) | |
etnisiteit | Nederlânsk Dútsk | |
jierren aktyf | 1997 – no | |
prizen | Gouden Keal 2015 | |
offisjele webside | ||
Martijn Fischer op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeFischer waard yn 1968 berne yn 'e stêd Utert yn in laach fan Dútsk komôf. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, gied er nei de foaroplieiding fan it konservatoarium yn Hilversum. Nei in jier stapte er oer nei de sosjale akademy yn Driebergen, om him nei it beheljen fan syn propedeuse te wijen oan syn wiere passy: aktearjen. Hy waard oannommen op 'e Hegeskoalle foar de Keunsten Utert, dêr't er yn 1997 ôfstudearre.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeFischer begûn syn karriêre op it toaniel, by selskippen as Her Nationale Toneel en Theater Utrecht. Dêrnjonken wied er fan 2003 ôf út en troch yn films te sjen, lykas Liever Verliefd (2003), Floris (2004), Afblijven (2006), De Scheepsjongens van Bontekoe (2007) en Rokjesdag (2016). Op 'e tillefyzje hied er gastrollen yn plysjesearjes as Baantjer, Flikken Maastricht en Suspects, misdiesearjes as Penoza en komeedzjesearjes as ’t Schaep met de 5 Poten.
By de jongere generaasjes waard Fischer ferneamd yn 'e rol fan Swarte Pyt yn 'e bernesearje Bij Sinterklaas, op 'e tillefyzjestjoerder Nickelodeon. By in âlder publyk spile er himsels yn 'e kiker yn reklamespotsjes foar kraslotten en foar it enerzjybedriuw Nuon. teäterbesikers koene him as de skriklike fleislapiter yn 'e toanieladaptaasje fan 'e De GVR fan Roald Dahl, en teffens as de profeet Moazes yn 'e musical Mozes, en as ien fan De Trije Musketiers yn it toanielstik mei deselde namme nei de bekende roman fan Alexandre Dumas.
Oare teäterrollen hie Fischer yn 'e musical Matroos in de Doos, nei in boek fan Daphne Deckers, en yn Peter Pan fan Theatergroep MAX. Syn lanlike trochbraak kaam lykwols mei syn rol as sjonger André Hazes yn 'e biografyske musical Hij Gelooft in Mij fan Joop van den Ende, dy't fan 2012 oant 2014 draaide. Fischer spile Hazes ek yn 2015 yn 'e op 'e musical basearre film Bloed, Zweet & Tranen, ûnder rezjy fan Diederick Koopal. Foar dy rol waard him dat jiers it Gouden Keal takend yn 'e kategory bêste akteur.
Yn 2010 en 2011 hie Fischer in fêste rol yn 'e tillefyzjesearje VRijland. Mei Peaske 2016 fertolke Fischer de rol fan Jezus Kristus yn 'e tillefyzjemusical The Passion. Datselde jiers wied er ek te sjen yn 'e Omrop MAX-searje Petticoat, mei Abbey Hoes yn 'e haadrol. Yn 2018 die Fischer de voice-over foar de natoerdokumintêre De Wilde Stad. Fierders hied er dat jiers in byrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme. Yn 2021 en 2022 hied er in weromkearende rol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden as Pieter Nieuwenhuis.
Priveelibben
bewurkje seksjeMartijn Fischer wennet yn Seist.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
2000 | Verkeerd Verbonden | ûnbekend | gastrol; ôfl. Alles voor de Tuin |
2001 | Novellen: Shit Happens | ûnbekend | tillefyzjefilm |
2002 | Intensive Care | man yn drukpak | gastrol; ôfl. Virus |
2003 | Dunya en Desie | merkferkeaper | gastrol; ôfl. Doornen en Rozen |
2003 | Baantjer | Fred Schopman | gastrol; ôfl. De Cock en de Moord op Elvis |
2003–2005 | Meiden van De Wit | Menno van de Wetering | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2004 | Drijfzand | sjoernalist | tillefyzjefilm |
2004 | Het Glazen Huis | redakteur Jos | gastrol; ôfl. Zilver en Goud |
2004 | De Afdeling | putsjeman | gastrol; ôfl. Geen Kunst |
2005 | Parels & Zwijnen | portier | gastrol; ôfl. Gun Crazy |
2006 | Fok Jou! | learaar | minysearje |
2006 | Grijpstra & De Gier | Rudy Kaptein | gastrol; ôfl. Eenzame Hoogte |
2006 | Gooische Vrouwen | ûnbekend | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2006 | Bij Sinterklaas | wichtige Pyt #1 Baaljepyt Trochsakpyt |
fêste rol; 27 ôfl. |
2006 | Keyzer & De Boer Advocaten | Harmen de Wit | gastrol; ôfl. Superwoning |
2008 | Abi | heit fan Mirthe | minysearje |
2008 | Taxi 656 | man fan swiere frou | tillefyzjefilm |
2009 | Taartman | Guido | tillefyzjefilm |
2009 | Sorry, Minister | Dekker | gastrol; ôfl. Beheer, Beleid en Beveiliging |
2009 | 13 in de Oorlog | dhr. Vos | gastrol; ôfl. Engeland |
2009 | Flikken Maastricht | Danny Steenwijk | gastrol; ôfl. Stiekem |
2010 | Penoza | frachtweinsjauffeur | gastrol; ôfl. Geen Weg Terug |
2010 | ’t Schaep met de 5 Poten | man | gastrol; ôfl. Patrick |
2010–2011 | VRijland | Arie Kruithof | fêste rol; 34 ôfl. |
2011 | A'dam - E.V.A. | Tonnie | gastrol; ôfl. De Eerste Maandag |
2012 | Lijn 32 | kok | gastrol; ôfl. Twee Weken Eerder |
2013 | TV Show | himsels | gast yn in praatprogramma |
2015 | Bagels & Bubbels | Tony Kroese | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2015 | Bluf | Dan Robinson | gastrol; ôfl. Beunhaas |
2015 | Ik Hou van Holland | himsels | dielnimmer oan in spulshow |
2015 | Koningsdag | Ron | tillefyzjefilm |
2015–2017 | Vechtershart | Eddie de Beer | weromkearende rol; 14 ôfl. |
2016 | The Passion | Jezus Kristus | tillefyzjespecial ta gelegenheid fan Peaske |
2016 | Lekker Nederlands | himsels | gast yn in praatprogramma |
2016–2017 | Petticoat | Fred Duprée | minysearje; fêste rol; 7 ôfl. |
2017 | Risky Rivers | himsels | dielnimmer oan in spulshow |
2017 | Suspects | Ron Stokman | gastrol; ôfl. Dubbele Moord |
2017 | Van God Los | Joris Pahlplatz | gastrol; ôfl. To de Dood Ons Scheidt |
2017 | Maestro | himsels | gastsjuerylid |
2019 | Sterke Verhalen | himsels | gast |
2019 | The Big Music Quiz | himsels | gast |
2019 | Je Had Erbij Moeten Zijn | n.f.t. | presintator |
2021 | De Slet van 6VWO | Daniël Idema | fêste rol; 10 ôfl. |
2021 | Onze Straat | Ricky | gastrol; ôfl. Othala |
2021–2022 | Goede Tijden, Slechte Tijden | Pieter Nieuwenhuis | weromkearende rol; 39 ôfl. |
films | |||
2003 | Liever Verliefd | Mike | |
2004 | Floris | soldaat Kerker | |
2006 | Onderhuids | ûnbekend | |
2006 | De Ontgoocheling | Hans | koarte film |
2006 | Afblijven | sjauffeur | |
2007 | De Scheepjongens van Bontekoe | smid | |
2009 | My Queen Karo | badmaster | |
2010 | De Nobelprijswinnaar | Bert de Brauw | |
2011 | Lena | resjersjeur #2 | |
2013 | Mee Kee op Kamp | Koos | |
2015 | Bloed, Zweet en Tranen | André Hazes | |
2015 | Hallo Bungalow | Fridus | |
2016 | Rokjesdag | Edwin | |
2016 | Hart Beat | Jim (heit fan Zoë) | |
2016 | Kung Fu Panda 3 | Po | as stimakteur yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2016 | Onze Jongens | Bas | |
2017 | Dikkertje Dap | pake Dik | |
2018 | Gek van Oranje | Michael | |
2018 | Mannen van Mars | Mark | |
2018 | Redbad | Gebbe | |
2018 | De Wilde Stad | n.f.t. | voice-over by in natoerdokumintêre |
2020 | Onze Jongens in Miami | Bas | |
2022 | Strijder | Dennis |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (ned) Martijn Fischer op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Martijn Fischer yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|