Kung Fu Panda 3 is in Amerikaansk-Sineeske lange kompjûteranimearre tekenfilm út 2011 ûnder rezjy fan Jennifer Yuh Nelson en Alessandro Carloni. De film, dy't heart ta de sjenres fan wuxia en aksjekomeedzje, makket diel út fan 'e Kung Fu Panda-franchise en is as sadanich it ferfolch op Kung Fu Panda 2, út 2011. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Jack Black en J.K. Simmons, mei û.o. James Hong, Bryan Cranston, Angelina Jolie, Dustin Hoffman, Lucy Liu, Jackie Chan en Seth Rogen yn 'e wichtichste byrollen. It ferhaal spilet yn in ferzje fan it Keizerryk Sina út 'e Aldheid, dy't befolke wurdt troch antropomorfe bisten. De panda Po, de Drakekriger, moat it diskear opnimme tsjin 'e smjunt Kai, dy't nei 500 jier út it geasteryk weromkeard is om Sina te feroverjen. Underwilens wurdt er troch syn biologyske heit Li Shan meitroaid nei in ferburgen delsetting yn 'e bergen. Dêre moat er leare te libjen as in panda om master fan syn chi te wurden, wat de heechste kennis is dy't in kung fu-master berikke kin. Kung Fu Panda 3 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In fjirde film út deselde rige, Kung Fu Panda 4, wurdt yn 2024 ferwachte.

Kung Fu Panda 3
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jennifer Yuh Nelson
Alessandro Carloni
produsint Melissa Cobb
senario Jonathan Aibel
Glenn Berger
muzyk Hans Zimmer
filmstudio DreamWorks Animation
China Film Group Corporation
Oriental DreamWorks
Zhong Ming You Ying Film
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Jack Black
J.K. Simmons
byrollen James Hong
Bryan Cranston
Angelina Jolie
Dustin Hoffman
Lucy Liu
Jackie Chan
Seth Rogen
David Cross
Randall Duk Kim
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sina
premiêre 16 jannewaris 2016
foarm lange tekenfilm
sjenre wuxia-aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $145 miljoen
opbringst $521,2 miljoen
filmsearje
filmsearje Kung Fu Panda
● foarich diel Kung Fu Panda 2
● folgjend diel Kung Fu Panda 4

Yn it geasteryk befjochtet de ferstoarne grutmaster Oogway de boasaardige generaal Kai, in jak dy't alle oare deade masters fan kung fu al ferslein hat en harren chi (libbensenerzjy) stellen hat. Ek Oogway wurdt ferslein, mar foar't Kai syn chi stelt, warskôget er Kai dat der in oare kung fu-master bestiet waans lotsbestimming it is om him tsjin te kearen. Kai harket dêr net nei en brûkt de sammele chi fan alle fersleine kung fu-masters om nei fiifhûndert jier werom te kearen nei de wrâld fan 'e libbenen. Dêr oankommen stjoert er de oerwûne kung fu-masters út yn 'e foarm fan jadene sombys om dy grutte kriger te sykjen dêr't Oogway it oer hie.

Underwilens kundiget master Shifu yn it Jadepaleis boppe de Fredesdelling oan dat er ophâldt mei lesjaan. Ynstee wol er him tawije oan meditaasje, sadat er syn chi leare sil te manipulearjen krekt sa't syn master Oogway dat koe. Underwilens moat de reuzepanda Po, de Drakekriger, him ferfange as learaar. Po syn earste besykjen om kung fu te ûnderrjochtsjen oan syn freonen masteresse Tigerinne, masteresse Njirre, master Aap, master Bidsprinkhoanne en master Kraanfûgel, dy't mei-inoar bekendsteane as de Furieuze Fiif, rint út op in fiasko. As de ferbûke Po neitiid by master Shifu komt, riedt dyselde him oan om mear as Po sels te wêzen en minder te besykjen op him (Shifu) te lykjen.

Mei't dat in advys is dêr't Po neat mei kin, giet er te lider slein nei hûs om yn 'e iterij fan syn pleechheit menear Ping, in goes, te stúmjen. Sadwaande is er dêre as der in oare reuzepanda delkomt, in Li Shan, dy't seit dat er op 'e siik is nei syn ferlerne soan. It docht bliken dat Li Shan de biologyske heit fan Po is, dy't in teken fan it hielal ûntfongen hat dat de troch him deawaande Po noch libbet. Heit en soan lykje tige opinoar, net inkeld fan uterlik, mar ek fan karakter, dat se foarmje fuortendaliks in nauwe bân. Dat liedt by Ping ta jaloerskens en eangst dat Po him ferjitte sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Po nimt Li Shan mei om him yn 'e kunde te bringen mei master Shifu en de Furieuze Fiif. Koart dêrnei wurdt de Fredesdelling oanfallen troch guon fan 'e jadene sombys fan Kai. Po en de Furieuze Fiif kinne de sombys net oer, mar it docht bliken dat Kai troch de eagen fan 'e sombys sjen kin, en as er Po yn 'e rekken kriget, wit er genôch en ropt er de sombys werom. Neitiid ûntdekke Po, Shifu en de Furieuze Fiif yn 'e bibleteek fan it Jadepaleis in âlde boekrôle wêryn't stiet dat generaal Kai oarspronklik in freon fan master Oogway wie. Doe't se op in kear oanfallen waarden, rekke Oogway op in hier nei dea, mar Kai droech him nei in doarp fan reuzepanda's, heech yn 'e bergen, dêr't alle ynwenners de folsleine behearsking oer harren chi hiene en Oogway sadwaande genêze koene. Kai longere lykwols op harren fermogen, en doe't er útfûn dat it mooglik wie om oarmans chi te stellen foar jins eigen persoanlike macht, rekke er op it ferkearde paad. Hy waard tsjinholden troch Oogway, dy't him ferballe nei it geasteryk.

Mei't Kai inkeld ferslein wurde kin troch ien dy't de folsleine behearsking oer syn chi hat, biedt Li Shan oan Po oan om him mei te nimmen nei dat berchdoarp, dêr't hy wei komt, sadat er Po leare kin wat dy witte moat. Po grypt dat oanbod mei beide hannen oan en set mei gauwens ôf mei Li Shan. Underweis docht bliken dat Ping himsels as ferstekling yn 'e rêchsek fan Po ferstoppe hat. Oankommen yn it doarp giet Po yn 'e lear by Li Shan, mar ear't dy him de behearsking fan syn chi leare kin, moat Po earst leare om te libjen as in reuzepanda, wat fierhinne delkomt op de hiele dei mar wat omloailakje.

Yn tarieding op syn konfrontaasje mei de ûnferslaanbere Drakekriger en teffens om't er Oogway syn hiele neilittenskip útwiskje wol, ferslacht Kai alle libbene kung fu-masters yn Sina en stelt harren chi. Shifu stjoert Kraanfûgel mei Bidsprinkhoanne út om Kai yn 'e rekken te hâlden, mar Kai lokket harren yn 'e fâle en stelt ek harren chi. Lang om let bejout er him nei de Fredesdelling, dêr't er Shifu, Njirre en Aap ferslacht, harren chi stelt en it Jadepaleis ferrinnewearret. Inkeld Tigerinne wit te ûntsnappen, en sy jout har yn 'e bergen by Po om him te warskôgjen.

As Po oer de opmars fan generaal Kai heart, easket er fan Li Shan dat dy him no fuortendaliks leart hoe't er syn chi behearskje moat. Dan komt it hege wurd derút: it is de reuzepanda's ferleard hoe't dat moat. Li Shan hat Po foarliigd om't er benaud wie sa koart nei harren weriening syn soan alwer kwyt te reitsjen. Po is poerrazen as er dat heart en seit tsjin syn heit dat er him no likegoed kwytrekke is, foar't er him stampfuotsjend ôfjout. Li Shan sit der neitiid raar ta, want hy leaut wat Po tsjin him sein hat. Ping kriget lykwols begrutsjen mei him en leit út dat rûzje no ienris geregeldwei foarkomt tusken famyljeleden, en dat dêrby soms grutte wurden sein wurde, mar dat úteinlik altyd ferjeffenis folget. Hy seit dat er Li Shan earst net lije mocht om't er bang wie dat mear leafde fan Po foar Li Shan minder leafde fan Po foar Ping betsjutte soe. No begrypt er lykwols dat leafde gjin einich guod is en dat der yn Po syn libben romte is foar syn beide heiten.

Po hat it mar yn 'e holle dat er Kai allinnich tsjinhâlde kin, mar Tigerinne wit him dat idee te ûntpraten. Li Shan, Ping en de reuzepanda's út it doarp freegje Po om harren kung fu te learen. Hy beseft dat wat syn eardere lessen ta sa'n debakel makke, wie dat er oaren syn eigen foarm fan kung fu besocht by te bringen. Ynstee traint er de oaren no net mear om him nei te bearen, mar om harren eigen aldendeiske aktiviteiten yn te setten as feardichheden op it mêd fan kung fu. Tusken de training troch fermoedsoenje Po en Li Shan har mei-inoar. It doarp riedt him ta op 'e kommende oanfal fan Kai.

Wannear't dyselde mei syn jadene sombys arrivearret en in wraam op it doarp docht, biede Tigerinne en de nije learlingen fan Po wjerstân. Dêrmei liede se Kai krekt genôch ôf om it foar Po mooglik te meitsjen de generaal te beslûpen. Yn it gefjocht dat dêrnei folget, besiket Po om Kai mei syn Wuxi-fingergryptechnyk te ferbaljen nei it geasteryk. Dat is in probaat middel dat oant no ta altyd wurke hat, mar diskear wurket it net. Kai fertelt dat soks inkeld wurket tsjin 'e libbenen, mar net lju dy't al dea binne, lykas hysels. Neitiid jout er Po in flink wan bruien. As Kai seit dat er fan doel is om 'e chi fan Tigerinne, Po syn beide heiten en de oare doarpelingen te stellen, beslút Po dat der ferlet is fan drastyske maatregels. Hy klampet him stevich oan Kai fêst en fiert dan de Wuxi-fingergryptechnyk op himsels út, sadat er himsels nei it geasteryk ferballet en dêrby Kai meiskuort.

Kai is alhiel breinroer as er foar it ferstân kriget wat Po dien hat. Hy jout Po in nij wan bruien en begjint syn chi te stellen. Yn 'e wrâld fan 'e libbenen beseft de oer syn soan yn noed sittende Li Shan dat de kaai ta de behearsking fan jins chi it folslein akseptearjen fan jinsels is. Hy liedt de oaren yn in ritueel wêrby't se allegearre harren chi bejeftigje oan Po. Dy wurdt dêrtroch ferkwike en kin sa Kai ferslaan. Hy nimt him alle stellen chi's wer ôf en befrijt op dy wize sawol de libbene kung fu-masters, dy't weromkeare nei de wrâld fan 'e libbenen, as de deade kung fu-masters, dy't rêst fine yn it geasteryk. Oogway, dy't wer frij is, fertelt Po dat hy it wie dy't Li Shan it kosmysk boadskip stjoerd hie dat syn soan noch libbe. Hy bejeftiget Po mei syn stêf en beneamt him ta syn opfolger as grutmaster, wêrnei't Po weromkeart nei de wrâld fan 'e libbenen. It docht bliken dat er no syn âlde master Shifu foarby stribbe is, dy't dêrom by him yn 'e lear moat. Mei syn freonen en famylje keart Po werom nei de Fredesdelling om yn it werboude Jadepaleis syn nije rol op him te nimmen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Jack Black.
 
J.K. Simmons.
 
Angelina Jolie.

;haadrollen

personaazje                                       akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
 
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Po, in reuzepanda Jack Black Martijn Fischer
Kai, (in jak) J.K. Simmons Just Meijer


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
menear Ping, in goes James Hong Rob van de Meeberg
Li Shan, in reuzepande Bryan Cranston Leo Richardson
masteresse Tigerinne, in tiger Angelina Jolie Yolanthe Cabau van Kasbergen
master Shifu, in lytse panda Dustin Hoffman Rik Felderhof
masteresse Njirre, in njirre Lucy Liu Femke Mostert
master Aap, in gouden stompnoasaap Jackie Chan Jörgen Raymann
master Bidsprinkhoanne, in bidsprinkhoanne Seth Rogen Rogier Komproe
master Kraanfûgel, in Sineeske kraanfûgel David Cross Huub Dikstaal
grutmaster Oogway, in skylpod Randall Duk Kim Rients Gratama
Mei Mei, in reuzepanda Kate Hudson* Laura Vlasblom
Bao, in reuzepanda Steele Gagnon Djaz Weisz-Blanchetta
Lei Lei, in reuzepanda Liam Knight ?
Grutte Wille, in reuzepanda Wayne Knight ?
beppe, in reuzepanda Barbara Dirikson ?
Hom Lee, in reuzepanda Wayne Knight ?
Dim, in reuzepanda Willie Geist ?
Sum, in reuzepanda Al Roker ?
master Krokkedil Jean-Claude Van Damme ?
master Bear Fred Tatasciore ?
master Hin Stephen Kearin ?
Yoo, in reuzepanda Pax Jolie-Pitt ?
Ku Ku, in reuzepanda Knox Jolie-Pitt ?
Meng Meng, in reuzepanda Zahara Jolie-Pitt ?
Shuai Shuai, in reuzepanda Shiloh Jolie-Pitt ?
Ming, in reuzepanda Ming Tsai ?
boer Goes en boer Knyn Mick Wingert ?

*) De rol fan Mei Mei soe earste spile wurde troch Rebel Wilson, mar nei't dy al in diel fan 'e dialooch opnommen hie, die bliken dat se it feroare opnameskema net rime koe mei oar wurk. Dêrom waard se ferfongen troch Kate Hudson, dy't alle al opnommen dialooch wer op 'e nij ynsprekke moast.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Kung Fu Panda 3 waard regissearre troch Jennifer Yuh Nelson en Alessandro Carloni nei in senario fan Jonathan Aibel en Glenn Berger. As produsint wie Melissa Cobb by it projekt belutsen foar de filmstudio's DreamWorks Animation, de China Film Group Corporation, Oriental DreamWorks en Zhong Ming You Ying Film. Kung Fu Panda 3 wie dêrmei in Amerikaansk-Sineeske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $145 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.

 
Stimakteur Jack Black (Po) by de Australyske nasjonale premiêre fan Kung Fu Panda 3 yn Sydney.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Kung Fu Panda 3 waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 16 jannewaris 2016 yn Grauman's Chinese Theatre yn Los Angeles yn premiêre. Dêrnei iepene er op 23 jannewaris yn 'e Sineeske bioskopen en op 29 jannewaris yn dy yn 'e Feriene Steaten. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 29 jannewaris 2016 by platemaatskippij Sony Classical Records.

Fan 'e filmkritisy krige Kung Fu Panda 3 oer it algemien positive resinsjes. Sa joech IGN de film in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10. Op 'e webside RogerEbert.com parte Glenn Kenny oan Kung Fu Panda 3 in skoare fan 3 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "Nettsjinsteande de oerfloedige aksje […] is it [sjen fan dizze film] in behoarlik ûntspannende ûnderfining foar folwoeksenen." Michael Rechtshaffen fûn yn The Hollywood Reporter dat "hoewol't de ferhaalline wêryn't [Po weriene wurdt mei] syn biologyske heit, net alhiel foldocht oan 'e [ferwachtings], is it fisueel sprutsen allegear tige yndrukwekkend." Scott Mendelson fan Forbes skreau dat hoewol't Kung Fu Panda 3 "fisueel prachtich en oer it algemien wol fermaaklik" wie, it "frijwat in efterútgong is yn ferhalding ta de earste beide sublime dielen".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Kung Fu Panda 3 in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 179 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] omfiemet de needsaaklike fisuele pracht, mar krekt as syn tûntsjerûne protagonist is it ferhaal fan dizze ferfolchfilm ek ferrassend linich, wat delkomt op animearre wille foar it hiele gesin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Kung Fu Panda 3 in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 34 resinsjes.

Kung Fu Panda 3 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $143,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $377,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $521,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $145 miljoen betsjut dat in winst fan $376,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens Deadline Hollywood kaam de skjinne winst út op $76,7 miljoen, wêrmei't Kung Fu Panda 3 krekt de top tweintich fan 'e meast winstjaande films fan 2016 helje soe.

Kung Fu Panda 3 waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar 3 Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan animaasje. Jack Black, dy't de rol fan Po ynspriek, waard dêrfoar nominearre foar in MTV Movie Award en in Kids' Choice Award.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kung Fu Panda (filmsearje)
lange films
Kung Fu Panda (2008) • Kung Fu Panda 2 (2011) • Kung Fu Panda 3 (2016) • Kung Fu Panda 4 (2024)
koarte films
Secrets of the Furious Five (2008) • Kung Fu Panda Holiday (2010) • Secrets of the Masters (2011) • Secrets of the Scroll (2015) • Panda Paws (2015)