Kung Fu Panda (film)
Kung Fu Panda is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilm út 2008 ûnder rezjy fan John Stevenson en Mark Osborne. De film, dy't ta de sjenres fan wuxia, fantasy en aksjekomeedzje rekkene wurde kin, wie in produksje fan 'e tekenfilmstudio DreamWorks Animation. De titel ferwiist nei it haadpersonaazje, dat in reuzepanda is dy't oan 'e fjochtsport kung fu docht. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Jack Black en Dustin Hoffman, mei û.o. Ian McShane, Angelina Jolie, Lucy Liu, Jackie Chan en Seth Rogen yn 'e wichtichste byrollen. It ferhaal is pleatst yn in ferzje fan it Keizerryk Sina út 'e Aldheid dat befolke wurdt troch antropomorfe bisten. De panda Po dreamt derfan om in grut kung fu-kriger te wurden oant er op in dei by fersin oanwiisd wurdt as de 'Drakekriger' út 'e profesijen fan alearen. Dan wurdt it syn ferantwurdlikheid om it boasaardige snieloaihoars Tai Lung tsjin te kearen. Kung Fu Panda krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wûn tsien Annie Awards. It wie ek in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Dat late ta it ûntstean fan 'e Kung Fu Panda-mediafranchise, dy't bestiet út in filmsearje en ferskate tillefyzjesearjes, soundtrackalbums en fideospultsjes. It direkte ferfolch op Kung Fu Panda wie Kung Fu Panda 2, dat yn 2011 útkaam.
Kung Fu Panda | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Stevenson Mark Osborne | |
produsint | Melissa Cobb | |
senario | Jonathan Aibel Glenn Berger | |
muzyk | Hans Zimmer John Powell | |
filmstudio | DreamWorks Animation | |
distribúsje | Paramount Pictures DreamWorks Animation | |
spilers | ||
haadrollen | Jack Black Dustin Hoffman | |
byrollen | Ian McShane James Hong Randall Duk Kim Angelina Jolie Lucy Liu Jackie Chan Seth Rogen David Cross | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 1 juny 2008 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | wuxia-aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 92 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $130 miljoen | |
opbringst | $631,7 miljoen | |
prizen | 10 × Annie Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Kung Fu Panda | |
● folgjend diel | Kung Fu Panda 2 |
Plot
bewurkje seksjeYn 'e Fredesdelling yn it Alde Keizerryk Sina is Po, in obese en knoffelige reuzepanda, de oannommen soan fan menear Ping, in goes dy't in eigen noedelrestaurant runt. Wylst syn heit it itensieden en optsjinjen it moaiste fynt dat der is en ferwachtet dat Po der itselde oer tinkt, dreamt Po eins fan in takomst wêryn't er in grut kung fu-kriger wurdt. Under it wurk werpt er gauris langjende blikken op 'e berch mei op 'e top it Jadepaleis, dêr't grutmaster Oogway, in âlde skylpod, en syn eardere learling master Shifu, in sjegrinige en strange lytse panda, no in kwintet nije kung fu-masters opliede. Dyselden steane bekend as de Furieuze Fiif en eltsenien ken harren nammen: Tigerinne, Aap, Kraanfûgel, Njirre en Bidsprinkhoanne. Po fantasearret deroer hoe't it wêze soe om 'e Furieuze Fiif as syn gelikensen en freonen te hawwen.
Underwilens docht yn it Jadepaleis de wize grutmaster Oogway de foarsizzing dat Tai Lung mei koarten losbrekke sil út syn tichthûs om mei wraak yn 't sin werom te kearen nei de Fredesdelling. Tai Lung is in snieloaihoars mei in grutte oanlis foar kung fu, en de eardere learling fan Shifu. Dyselde fûn him as jongkatsje te fûnling lein op 'e stoepe fan it Jadepaleis en brocht him sels grut. Tai Lung hie syn sinnen derop set om 'e Drakekriger út 'e âlde profesijen te wurden, en fysyk kaam er dêr beslist foar yn oanmerking. Mar Oogway seach tefolle tsjuster yn syn geast en wiisde him ôf. Dêrop sloech Tai Lung troch en loek in spoar fan dea en ferdjer troch de Fredesdelling nei it Jadepaleis. Master Shifu besocht him te kearen, mar syn leafde foar Tai Lung, dy't er as syn soan beskôge, ferrette him. Doe skeakele grutmaster Oogway Tai Lung út, wêrnei't dyselde yn in swierbewekke tichthûs yn Bûten-Mongoalje opsletten waard.
As Shifu de foarsizzing fan syn master heart, stjoert er fuortendaliks syn tsjinstfeint Zeng, in goes, nei Mongoalje ta om 'e sipiers fan it tichthûs te warskôgjen. Underwilens makket Oogway dúdlik dat er de Drakekriger oanwize sil. Neffens de leginden fan alearen is dat in kriger dy't weardich achte wurdt om in boekrôle, de Drakerôle, te lêzen, dêr't er sa'n kunde en macht oan ûntliene sil dat er ûnferslaanber wurdt. Shifu giet der logyskerwize fan út dat de Drakekriger ien fan 'e Furieuze Fiif wêze sil, dat hy organisearret in toernoai sadat syn learlingen harren fermogens toane kinne. As Po fan it toernoai heart, wol er der bittere graach hinne om syn idoalen oan it wurk te sjen, mar earst wurdt er opholden troch syn ferplichtings oan syn heit, en dêrnei falt it beklimmen fan 'e lange, lange treppen by de berch op nei it Jadepaleis him swier fanwegen al syn oergewicht. Dat as er lang om let boppe komt, is er te let en binne de poarten fan 'e arena al ticht en op 't slot.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Po besiket ferskate dingen om binnen te kommen, dy't allegear mislearje. Uteinlik lansearret er himsels by fersin heech de loft yn op in mei fjoerpylken bebûne stoel, wêrnei't er midden yn 'e arena delploft, krekt op it stuit dat Oogway de Drakekriger oanwize sil. De klau fan 'e grutmaster wiist dan nei Po. Shifu en de Furieuze Fiif beskôgje dat as in fersin, mei't Po inkeld by tafal rjocht foar Oogway delkaam doe't dy de klau útstiek, mar Oogway fertelt Shifu dat tafal net bestiet. Hy bliuwt derby dat Po de Drakekriger is. Shifu beslút dêrop om Po fuort te jeien mei in sa spartaansk mooglik trainingsrezjym, wylst de Fiif him beskôgje as in entûsjasteling sûnder wier talint foar kung fu. Nei de earste dei nimt Po yn omtinken om it oer te jaan en werom te gean nei syn heite noedeliterij. Hy sjocht nammentlik net yn hoe't er Tai Lung ea ferslaan kinne sil. Oogway fiteret him lykwols oan om mear yn it no te libjen en de takomst oan 'e takomst oer te litten. De folgjende dagen giet it mei de training net folle better, mar Po syn wichtichste talint blykt in reuseftich ynkassearringsfermogen te wêzen. Underwilens wit er de Furieuze Fiif stadichoan foar him te winnen troch syn trochsettingsfermogen, syn gefoel foar humor en syn talinten as kok.
Yn it tichthûs yn Mongoalje wurde de warskôgings negearre dy't Zeng oerbringt. De heechmoedige noashoarn Vachir, dy't der it befel fiert, nimt Zeng mei it tichthûs yn om sjen te litten dat Tai Lung ûnmooglik útbrekke kin. Troch de ûnsêftsinnige behanneling troch Vachir ferliest Zeng in inkeld fearke, dat njonken de mei keatlings fêstsette Tai Lung delkomt. Dyselde wit mei syn sturt it fearke te brûken om syn boeiens los te krijen, wêrnei't er, sa't Oogway al foarsjoen hie, koart wurk makket fan al Vachir syn befeiligingsmaatregels. Neitiid stjoert Tai Lung de troch him finzen nommen Zeng werom nei Shifu om syn weromkear oan te kundigjen. Shifu ljochtet Oogway dêroer yn, mei't er wit dat Oogway de iennichste is dy't Tai Lung beslist de baas kin, sa't er earder ek sjen litten hat. Mar Oogway hjit him dat er fertrouwen yn Po hawwe moat en kiest dat stuit om op te farren nei de himels yn in wolk fan pjiskebluossembledsjes.
Po hat ûnderwilens noch altyd gjin foarútgong boekt yn syn kung fu-training. Wannear't er heart dat Oogway ferstoarn en Tai Lung op kommendeweis is, krije Po en Shifu wurden, wêrby't Po syn master twingt en jou ta dat er net wit hoe't er him traine moat. Harren petear wurdt ôfharke troch Tigerinne, dy't derfan oertsjûge is dat Oogway yn 'e arena op it punt stie en wiis hàr oan as de Drakekriger, foar't Po sa hommels tusken harren yn delplofte. Sy beslút no om út te tsjen om Tai Lung ûnderweis nei de Fredesdelling op te wachtsjen en te besykjen om him op eigen manneboet te ferslaan. As se bûten it witten fan Shifu en Po om fuortglûpt om dat te dwaan, jouwe de oare fjouwer leden fan 'e Furieuze Fiif harren lykwols by har.
Wylst de Furieuze Fiif ûnderweis binne nei in toubrêge oer in grutte, djippe berchkleau, dêr't se Tai Lung hoopje te ferslaan, ûntdekt Shifu dat Po wol deeglik it fermogen ta ymposante lichaamlike krêftsynspannings hat, as er dêr mar genôch foar motivearre is. En wat Po motivearret, blykt iten te wêzen. Shifu set fuortendaliks útein mei in nije manear om Po te trainen, troch him iten foar te hâlden en him te twingen om kung fu te learen as er in kâns hawwe wol om it op te iten. Underwilens wachtsje de Furieuze Fiif Tai Lung op by de toubrêge oer de kleau, dêr't se him mei feriene krêften besykje tsjin te kearen. Hoewol't se it Tai Lung dreech meitsje, kin er harren wol oer en ferlammet er harren allegearre mei syn senuwstjittechnyk. Dêrnei ferkeapet er it warleaze fiiftal sa'n rotskop, dat se troch de loft weromfleane nei it Jadepaleis. Nei't se dêr delkommen binne, bringt Shifu harren wer by sûpe en stút.
As er heart wat der by de kleau bard is, beslút Shifu dat se net langer wachtsje kinne en dat Po no daliks de Drakerôle taparte krije moat. Wannear't Po dat hillige boekwurk lykwols iepenrôlet, docht bliken dat der hielendal neat yn stiet: it is inkeld in blanko stik papier. Yn wanhope jout Shifu de Furieuze Fiif opdracht om 'e befolking fan 'e Fredesdelling te evakuëarjen. Bittere teloarsteld keart Po werom nei it doarp en syn heit Ping, dy't ek alle besittings dy't er drage kin, byinoar socht hat om fuort. Om syn oerstjoere soan wat op te fleurjen, fertelt er him wat it geheime yngrediïnt is fan syn geheime-yngrediïntesop: neat. As Po him net begrypt, leit Ping út dat de iters, as se leauwe dat der in geheim yngrediïnt is, it sop belibje as ekstra lekker, hoewol't it dat net is. Dan falt by Po it kwartsje: de Drakerôle is blanko om't er inkeld yn himsels leauwe moat om 'e kennis en krêft fan 'e Drakekriger te hawwen.
Underwilens hat Tai Lung it Jadepaleis berikt, dêr't er syn âlde master Shifu yn in gefjocht ferslacht en dan de Drakerôle opeasket. Po arrivearret krekt op 'e tiid om Shifu te rêden, wêrnei't der in gefjocht tusken him en Tai Lung begjint. Nei in lange twastriid wit Tai Lung op 't langelêst de Drakerôle te bemachtigjen, mar hy is raar gesteld as er sjocht dat dêr neat yn stiet. Hy besiket syn lulkens en teloarstelling út te libjen op Po troch him te ferlamjen mei syn senuwstjit. It docht lykwols bliken dat Po syn obese lichem syn senuwen dêrtsjin beskermet, sadat er ymmún is foar Tai Lung syn effektyfste gefjochtstechnyk. Dêrop jout Po Tai Lung in wan bruien en ferballet him úteinlik nei it ryk fan 'e deaden mei de Wuxi-fingergryptechnyk. Neitiid wurdt Po as in held ynhelle as de bewenners fan 'e Fredesdelling weromkeare. Hy hat it respekt fan 'e Furieuze Fiif wûn en is no yn alles harren gelikens. Seisresom sette se harren oplieding fuort ûnder tafersjoch fan master Shifu.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Po, in reuzepanda | Jack Black | Edwin Evers |
master Shifu, in lytse panda | Dustin Hoffman | Rik Felderhof |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Tai Lung, in snieloaihoars | Ian McShane | Sander de Heer |
menear Ping, in goes | James Hong | Rob van de Meeberg |
grutmaster Oogway, in lânskylpod | Randall Duk Kim | Rients Gratama |
masteresse Tigerinne, in tiger | Angelina Jolie | Yolanthe Cabau van Kasbergen |
masteresse Njirre, in njirre | Lucy Liu | Froukje de Both |
master Aap, in gouden stompnoasaap | Jackie Chan | Jörgen Raymann |
master Bidsprinkhoanne, in bidsprinkhoanne | Seth Rogen | Rogier Komproe |
master Kraanfûgel, in Sineeske kraanfûgel | David Cross | Thom Hoffman |
Zeng, de boadskipper fan Shifu, in goes | Dan Fogler | Huub Dikstaal |
kommandant Vachir, de finzenisdirekteur, in noashoarn | Michael Clarke Duncan | Murth Mossel |
baarch #1 | Kyle Glass | ? |
baarch #2 | J.R. Reed | ? |
ferskate lytsere rollen | Wayne Knight Laura Kightlinger Kent Osborne John Stevenson Mark Osborne |
Ewout Eggink Tara Hetharia Pim Koopman Kim Jonk e.o. |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeKung Fu Panda waard regissearre troch John Stevenson en Mark Osborne nei in senario fan Jonathan Aibel en Glenn Berger op basis fan in ferhaal dat betocht wie troch Ethan Reiff en Cyrus Voris. As produsinte wie Melissa Cobb by it projekt belutsen foar de tekenfilmstudio DreamWorks Animation. Foar de film wie in budget beskikber fan $130 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer en John Powell.
It oarspronklike idee foar de film kaam fan Michael Lachance, in liedingjaande by DreamWorks Animation. Dêrby gie it om in parody fan in Sineeske fjochtsportfilm fan it wuxiasjenre. Op oankringen fan regisseur Stevenson waard it útgongspunt lykwols feroare fan in parody yn in aksjekomeedzje. De makkers fan Kung Fu Panda lieten harren ynspirearje troch de Hongkongske live-actionfilm Kung Fu Hustle, út 2004, en troch oare wuxiafilms, lykas Crouching Tiger, Hidden Dragon (2000), Hero (2002) en House of Flying Daggers (2004). Der waard in protte war dien om sawol de werjûne kung fu as de Sineeske kultuer yn 'e film (skilderkeunst, byldhoukeunst, arsjitektuer, itensieden) sa wierheidsgetrou mooglik wer te jaan. De 'Furieuze Fiif' út 'e film binne eins hommaazjes oan 'e echte slange-, ape-, bidsprinkhoanne-, tiger- en kraanfûgelstilen fan Sineeske fjochtsporten.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Kung Fu Panda waard fersoarge troch Paramount Pictures en DreamWorks Animation. De film waard foar it earst fertoand op 15 maaie 2008 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, dêr't er nei ôfrin in steande ovaasje fan it publyk krige. Kung Fu Panda gie op 1 juny yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 6 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 3 juny 2008 by platemaatskippij Interscope Records. Kung Fu Panda waard op 9 novimber 2008 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Kung Fu Panda oer it algemien tige positive resinsjes. Sa skreau Richard Corliss yn it tydskrift Time dat de film "in hegere kursus [jout] op it mêd fan slûchslimme fisuele keunsten en tige befredigjend fermaak." Yn The New York Times omskreau Manohla Dargis Kung Fu Panda as "tagelyk sêftsedich en fan yndustriële sterkte", "konsekwint fermaaklik" en "fisueel meislepend". Wol hie hja krityk op 'e titel, wêrfan't se fûn dat er "suterich" klonk. Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune neamde de film "ien fan 'e mar in pear komeedzjes fan 2008 fan lykfol hokker styl of sjenre dy't ferstân fan saken hat."
Tom Charity fan CNN wie minder fan Kung Fu Panda sjarmearre, om't er fûn dat de film dernei oerhong om "te ferdizenjen ta in twirre fan slapstickgaos". Ek fûn er it personaazje fan Po tefolle lykjen op oare personaazjes dy't troch Jack Black spile binne, sawol yn live-actionfilms as yn tekenfilms. Yn 'e Toronto Star parte Peter Howell oan Kung Fu Panda mar 21/2 fan 5 stjerren ta. Hy fûn dat it de film ûntbriek oan in ferhaal. Yn Sina waard Kung Fu Panda dan oer it algemien wol wer goed ûnthelle, as in seldsume goede Westerske adaptaasje fan it dêr sa dierbere wuxiasjenre.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Kung Fu Panda in heech goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 190 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] hat in boadskip dat al bekend is, mar it ynnimlike mingsel fan humor, flugge fjochtsportaksje en kleurrike animaasje makket der poerbêst simmerfermaak fan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Kung Fu Panda in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 36 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeKung Fu Panda brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $215,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $416,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $631,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $130 miljoen betsjut dat in winst fan $501,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Kung Fu Panda de op twa nei meast opbringende film fan 2008 (nei de superheldefilm The Dark Knight en de aventoerefilm Indiana Jones and the Kingdom of the Crystal Skull) en de meast opbringende tekenfilm fan dat jier.
Prizen
bewurkje seksjeYn 2009 waard Kung Fu Panda by de Oscars nominearre foar de priis foar bêste lange animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm, de Critics' Choice Award foar bêste lange animaasjefilm, de People's Choice Award foar favorite famyljefilm, de Teen Choice Award foar favorite simmerkomeedzje en de Kids' Choice Award foar favorite tekenfilm. Kung Fu Panda wûn in Kids' Choice Award foar favorite stimakteur yn in tekenfilm (Jack Black).
By de Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen foar tekenfilms, waard Kung Fu Panda nominearre foar 16 prizen yn 10 kategoryen, wêrûnder twa kear bêste stimakteur yn in lange animaasjefilm (James Hong en Ian McShane), twa kear bêste personaazje-animaasje yn in lange animaasjefilm (Philippe Le Brun en Dan Wagner), bêste produksje-ûntwerp yn in lange animaasjefilm (Raymond Zibach) en bêste storyboarding yn in lange animaasjefilm (Alessandro Carloni). Kung Fu Panda wûn 10 Annie Awards, foar bêste lange animaasjefilm, bêste rezjy fan in lange animaasjefilm (John Stevenson en Mark Osborne), bêste stimakteur yn in lange animaasjefilm (Dustin Hoffman), bêste senario foar in lange animaasjefilm (Jonathan Aibel en Glenn Berger), bêste filmmuzyk yn in lange animaasjefilm (Hans Zimmer en John Powell), bêste produksje-ûntwerp yn in lange animaasjefilm (Tang Kheng Heng), bêste personaazje-animaasje yn in lange animaasjefilm (James Baxter), bêste personaazje-ûntwerp yn in lange animaasjefilm (Nico Marlet), bêste storyboarding yn in lange animaasjefilm (Jennifer Yuh Nelson), en bêste animearre effekten yn in animaasjeproduksje (Li-Ming Lee).
Franchise
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda (franchise).
Troch it súkses fan Kung Fu Panda ûntstie neitiid om 'e film hinne in mediafranchise, dy't ek Kung Fu Panda hjit. Anno 2023 bestiet dy út trije lange tekenfilms mei in fjirden op kommendeweis, 4 koarte tekenfilms, in tillefyzjespecial, 3 tekenfilmsearjes, ferskate soundtrackalbums en in stikmannich fideospultsjes. It direkte ferfolch op Kung Fu Panda wie Kung Fu Panda 2, dat útkaam yn 2011.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Kung Fu Panda
- (in) Ynformaasje oer Kung Fu Panda yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
Kung Fu Panda (filmsearje) | |
---|---|
lange films | |
Kung Fu Panda (2008) • Kung Fu Panda 2 (2011) • Kung Fu Panda 3 (2016) • Kung Fu Panda 4 (2024) | |
koarte films | |
Secrets of the Furious Five (2008) • Kung Fu Panda Holiday (2010) • Secrets of the Masters (2011) • Secrets of the Scroll (2015) • Panda Paws (2015) |