Kung Fu Panda (franchise)

(Trochferwiisd fan Kung Fu Panda (filmsearje))

Kung Fu Panda is in Amerikaanske mediafranchise dy't yn 2008 úteinsette mei de lange kompjûteranimearre tekenfilm mei deselde namme. De franchise draait om Po, in knoffelige reuzepanda, dy't kung fu leart ûnder master Shifu en him op ûnwierskynlike wize ûntjout ta de Drakekriger út 'e oerâlde profesijen. Mei syn setting fan in Sina út 'e Aldheid dat befolke wurdt troch antropomorfe bisten heart Kung Fu Panda ta ferskate sjenres, lykas aventoer, aksjekomeedzje, fantasy en wuxia, mar de franchise rjochtet him benammen op bern. Kung Fu Panda waard oarspronklik betocht troch Ethan Reiff en Cyrus Voris, en is eigendom fan 'e tekenfilmstudio DreamWorks Animation. Anno 2023 bestiet Kung Fu Panda út 3 lange tekenfilms mei in fjirdenien op kommendeweis, 4 koarte tekenfilms, in tillefyzjespecial, 3 tekenfilmsearjes, ferskate soundtrackalbums en in stikmannich fideospultsjes. Kung Fu Panda is tige populêr en hat grut tal prizen wûn. Yn Sina wurdt de franchise oer it algemien beskôge as in treflike útlânske ynterpretaasje fan it wuxiasjenre.

Kung Fu Panda
betinker Ethan Reiff
Cyrus Voris
eigner DreamWorks Animation
(Universal Pictures)
lân Feriene Steaten
begjinjier 2008
films
langspylfilms Kung Fu Panda
Kung Fu Panda 2
Kung Fu Panda 3
Kung Fu Panda 4
koarte films Secrets of the Furious Five
Secrets of the Masters
Secrets of the Scroll
Panda Paws
tillefyzje
tekenfilmsearjes Legends of Awesomeness
The Paws of Destiny
The Dragon Knight
specials Kung Fu Panda Holiday
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks Kung Fu Panda
Kung Fu Panda 2
Kung Fu Panda 3
offisjele webside
www.dreamworks.com/kungfupanda

Kung Fu Panda (film)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda (film).

Yn Kung Fu Panda is de reuzepanda Po (Jack Black) de adoptearre soan fan 'e goes menear Ping (James Hong), de sljochtwei útbater fan in noedelrestaurant yn 'e Fredesdelling. Po dreamt fan in libben as kung fu-master, en as der in kung fu-toernoai holden wurdt om út te finen waard de Drakekriger is dêr't de âlde profesijen gewach fan meitsje, bedarret er troch syn eigen knoffeligens op ûnwierskynlik wize midden yn it striidperk. Ynstee fan Tigerinne (Angelina Jolie), Aap (Jackie Chan), Bidsprinkhoanne (Seth Rogen), Njirre (Lucy Liu) of Kraanfûgel (David Cross), de saneamde Furieuze Fiif dy't de learlingen fan master Shifu (Dustin Hoffman) binne, kiest de âlde master Oogway (Randall Duk Kim) foar Po. Sadwaande giet er neitiid yn 'e lear by master Shifu, dy't gjin fertrouwen yn him hat en him mei in swiere training besiket te ûntmoedigjen. Po hâldt lykwols fol. Syn oplieding wurdt driuwender as bekend wurdt dat de boasaardige kung fu-kriger Tai Lung (Ian McShane) nei de delling ûnderweis is om wraak te nimmen mei't him de Drakeboekrôle ûntholden is. Oan 'e ein fan syn training ûntfangt Po de Drakeboekrôle, dy't de kaai ta ûnbeheinde krêft befetsje soe. It docht lykwols bliken dat de boekrôle blanko is. Po beseft dat de kaai ta ûnbeheinde krêft yn himsels leit, en mei dy wittenskip slagget it him om Tai Lung te ferslaan.

Kung Fu Panda waard regissearre troch John Stevenson en Mark Osborne nei in senario fan Jonathan Aibel en Glenn Berger. De film waard op 15 maaie 2008 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, en brocht $631,7 miljoen op tsjin in budget fan $130 miljoen. Kung Fu Panda waard nominearre foar sawol de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm as de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm en wûn 10 Annie Awards.

Kung Fu Panda 2

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda 2.

Yn Kung Fu Panda 2 libbet Po (Jack Black) syn dream no't er as de Drakekriger de delling ferdigenet tsjin alle gefaren, dêrby holpen troch de Furieuze Fiif (Angelina Jolie, Jackie Chan, Seth Rogen, Lucy Liu en David Cross), dy't no syn bêste freonen binne. Hy rekket lykwols ynderlik yn ûnstjoer as er flashbacks begjint te krijen oer syn biologyske mem. Wannear't Po en de Furieuze Fiif op in misje stjoerd wurde om tsjin te kearen dat de boasaardige pau hear Shen (Gary Oldman) mei in nij wapen (it kanon) Sina feroveret en de kung fu-tradysjes ferrinnewearret, wurdt er tramtearre troch it idee dat syn biologyske âlden him yn 'e steek litten hawwe. Uteinlik bringt Po himsels lykwols tebinnen dat syn biologyske âlden har libben op it spul setten hawwe om him te rêden fan hear Shen, dy't omreden fan in profesije dat er ferslein wurde soe troch in swartbûnte kriger besocht hat alle reuzepanda's út te rûgjen. Dat jout him de ynderlike kalmte dy't er brek is om mei Shen ôf te weven. Yn 'e lêste sêne fan 'e film ûntdekt in frjemde reuzepanda (Fred Tatasciore) yn in oar diel fan Sina dat syn soan Po noch libbet.

Kung Fu Panda 2 waard regissearre troch Jennifer Yuh Nelson nei in senario fan Jonathan Aibel en Glenn Berger. De film gie op 22 maaie 2011 yn premiêre, en brocht $665,7 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen. Kung Fu Panda 2 waard nominearre foar de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm en wûn 2 Annie Awards.

Kung Fu Panda 3

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda 3.

Yn Kung Fu Panda 3 wurdt Po (Jack Black) weriene mei syn biologyske heit Li (Bryan Cranston). Sels is er ekstatysk, mar syn adopsjeheit menear Ping (James Hong) is minder entûsjast. Underwilens docht master Shifu (Dustin Hoffman) in stap werom en draacht de fierdere training fan 'e Furieuze Fiif (Angelina Jolie, Jackie Shan, Seth Rogen, Lucy Liu en David Cross) oer oan Po. As der berjocht komt dat de geastekriger generaal Kai (J.K. Simmons) nei de wrâld fan 'e libbenen weromkeard is en in leger fan deade en libbene kung fu-masters gearbringt om Sina te feroverjen, docht bliken dat er inkeld troch de macht fan chi ferslein wurde kin. Om't inkeld de reuzepanda's dy kung fu-technyk kenne, set Po mei Li nei de ferburgen pandadelling ta, dêr't er lykwols ûntdekt dat Li him bedragen hat: de panda's binne chi al lang fergetten en Li hat him inkeld meitroaid om him te beskermjen tsjin generaal Kai. Nei't Po himsels fermoedsoene hat mei sawol Li as Ping, ferdigenet Po de pandadelling yn 'e mande mei harren beiden, Tigerinne (Angelina Jolie) en de panda's, wêrby't se har allegearre de technyk fan chi eigen meitsje en mei Kai en syn leger ôfweve.

Kung Fu Panda 3 waard regissearre troch Jennifer Yuh Nelson en Alessandro Carloni nei in senario dat op 'e nij skreaun wie troch Jonathan Aibel en Glenn Berger. De film gie op 23 jannewaris 2016 yn premiêre, en brocht $521,2 miljoen op tsjin in budget fan $145 miljoen. Kung Fu Panda 3 waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste animaasjefilm.

Kung Fu Panda 4

bewurkje seksje

In fjirde lange tekenfilm yn it ramt fan 'e Kung Fu Panda-franchise, dy't Kung Fu Panda 4 komme moat te hjitten, waard yn augustus 2022 oankundige troch DreamWorks Animation en wurdt yn maart 2024 yn 'e bioskopen ferwachte.

Koarte films

bewurkje seksje

Kung Fu Panda: Secrets of the Furious Five

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda: Secrets of the Furious Five.

Yn it ramtferhaal fan Kung Fu Panda: Secrets of the Furious Five kriget Po (Jack Black) fan master Shifu (Dustin Hoffman) opdracht om in groep drokke kninebern wat by te bringen. Dat docht er troch harren de eftergrûnferhalen te fertellen fan 'e Furieuze Fiif: Bidsprinkhoanne (Max Koch), Njirre (Jessica DiCicco), Kraanfûgel (David Cross), Tigerinne (Tara Strong) en Aap (Jaycee Chan). Kung Fu Panda: Secrets of the Furious Five waard regissearre troch Raman Hui nei in senario fan Paul McEvoy en Todd Berger. De koarte tekenfilm fan 24 minuten waard op 11 novimber 2008 útbrocht as bonusfilm op 'e dvd fan Kung Fu Panda (de earste lange film).

Kung Fu Panda: Secrets of the Masters

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda: Secrets of the Masters.

Yn Kung Fu Panda: Secrets of the Masters nimt Po (Jack Black) te neare nacht Tigerinne (Angelina Jolie) en Bidsprinkhoanne (Seth Rogen) ûnder in falsk ferlechje mei nei in útstalling oer de legindaryske kung fu-masters Tongerjende Noashoarn, Okse en Krokkedil. Dêrfoar moatte se ynbrekke yn it gebou fan 'e Mastersried. Hoewol't Tigerinne en Bidsprinkhoanne argewaasje hawwe fan it bedroch, wit Po harren belangstelling te wekjen mei it ferhaal fan hoe't grutmaster Oogway (Randall Duk Kim) Tongerjende Noashoarn (Paul Scheer), Okse (Dennis Haysbert) en Krokkedil (Tony Leondis) oarspronklik oantrof as strjitfjochters dy't foar jild mei-inoar op 'e fûst giene. Hy naam harren op sleeptou om 'e boasaardige susters Wu (Sumalee Montano) te ferslaan, mar dat rûn op 'e non om't it trijetal der better fan wurde woe. Pas doe't se foar hegere ideälen fochten, wisten se te winnen. Master Shifu (Dustin Hoffman) trappearret Po-en-dy yn it gebou fan 'e Mastersried, en hoewol't er net botte lulk is, hjit er Po wol om it gat dat by de ynbraak yn it dak kommen is, te reparearjen. Ynstee slagget it Po om himsels yn 'e sarkofaach fan Su Wu op te sluten en beslút er om dan mar in slûchje te dwaan.

Kung Fu Panda: Secrets of the Masters waard regissearre troch Tony Leondis nei in senario fan Todd Berger en Paul McEvoy. De film hat in spyldoer fan 24 minuten en kaam op 13 desimber 2011 út as bonusfilmke op 'e dvd fan 'e lange film Kung Fu Panda 2.

Kung Fu Panda: Secrets of the Scroll

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda: Secrets of the Scroll.

Kung Fu Panda: Secrets of the Scroll is in prequel fan 'e earste Kung Fu Panda-film, wêryn't Tigerinne (Kari Wahlgren) ûnder master Shifu (Dustin Hoffman) traint, wylst Po (Jack Black) noch yn it restaurant fan syn adopsjeheit menear Ping (James Hong) wurket. As Shifu dêr komt te iten en Po by fersin oer syn noedels hinne proest, wurdt de kung fu-master siik. Krekt dan is de boasaardige kung fu-kriger Everswyn (Jayden Lund) nei de delling ûnderweis. Hoewol't Shifu net botte ûnder de yndruk is fan Tigerinne har fjochtstyl, hat er gjin oare kar as om har de delling ferdigenje te litten. Hy jout har in boekrôle mei de nammen fan fjouwer kung fu-krigers dy't har helpe kinne, mar dy rekket se kwyt. Se fynt in oare boekrôle werom dy't se derfoar oansjocht, mar dy't eins in ôftanke listke fan Po is mei mooglike karriêre-opsjes: skjinmakker, komyk, dûnser en dokter. Tigerinne rekrutearret sadwaande skjinmakker Kraanfûgel (David Cross), komyk Aap (James Sie), dûnseresse Njirre (Lucy Liu) en dokter Bidsprinkhoanne (Seth Rogen). Harren earste konfrontaasje mei Everswyn einiget yn triennen, en pas as Tigerinne net mear besiket master Shifu nei te dwaan mar har eigen fjochtstyl te brûken, witte se him te ferslaan.

Kung Fu Panda: Secrets of the Scroll waard regissearre troch Rodolphe Guenoden nei in senario fan Paul McEvoy. De film, dy't in spyldoer hat fan 23 minuten, kaam op 15 desimber 2015 út op 'e werútjefte fan 'e dvd's fan 'e lange films Kung Fu Panda en Kung Fu Panda 2.

Panda Paws is in koarte film fan 3 minuten, oer it personaazje Mei Mei (oarspronklik ynsprutsen troch Rebel Wilson, mar nei dy har ûntslach út 'e cast fan Kung Fu Panda 3 werynsprutsen troch Kate Hudson). It ferhaal folget Mei Mei as se mei in oare reuzepanda, Bao (Steele Gagnon) in kompetysje oangiet yn it ramt fan it Maitydsfestival. Panda Paws waard oarspronklik útbrocht as foarfilm yn 'e bioskoop fan 'e lange tekenfilm Home, op 27 maart 2015.

Tillefyzjespecials

bewurkje seksje

Kung Fu Panda Holiday

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda Holiday.

Yn Kung Fu Panda Holiday kriget Po (Jack Black) yn 'e oanrin nei it Winterfeest fan master Shifu (Dustin Hoffman) de ferantwurdlikheid taskood foar de organisaasje fan it Winterfeestmiel yn it Jadepaleis. Dat is in yn hege mjitte ritualisearre oangelegenheid wêrby't fertsjintwurdigers fan 'e 29 meast foaroansteande kung fu-skoallen fan Sina inoar moetsje. Yn 't earstoan is Po dêr tige bliid mei, mar as bliken docht dat er syn adopsjeheit menear Ping net útnûgje mei, komt er foar de kar te stean tusken syn famyljeferplichtings en ferplichtings yn ferbân mei syn oplieding. Kung Fu Panda Holiday is koarte tekenfilm yn 'e foarm fan in tillefyzjespecial mei in krysttema, dy't regissearre waard troch Tim Johnson nei in senario fan Jonathan Groff en Jon Pollack. De film, mei in spyldoer fan 25 minuten, waard op 24 novimber 2010 foar it earst op 'e tillefyzje útstjoerd troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk troch NBC.

Tekenfilmsearjes

bewurkje seksje

Kung Fu Panda: Legends of Awesomeness

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda: Legends of Awesomeness.

Kung Fu Panda: Legends of Awesomeness is in tekenfilmsearje dy't trije seizoenen rûn, fan 2011 oant 2016. Der waarden 80 ôfleverings fan likernôch 23 minuten it stik makke. De searje folget de aventoeren fan Po (Mick Wingert) en de Furieuze Fiif (Kari Wahlgren, James Sie, Max Koch, Lucy Liu en Amir Talai) by it beskermjen fan harren delling tsjin elts nij gefaar. Kung Fu Panda: Legends of Awesomeness moat yn 'e ynterne gronology fan 'e Kung Fu Panda-franchise pleatst wurde tusken de earste beide lange films yn. De searje waard oarspronklik útstjoerd troch it tillefyzjenetwurk Nickelodeon en wûn troch de jierren hinne 10 Emmy Awards en 1 Annie Award.

Kung Fu Panda: The Paws of Destiny

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda: The Paws of Destiny.

Kung Fu Panda: The Paws of Destiny is in tekenfilmsearje dy't ien seizoen rûn yn 2018 en 2019, mei 26 ôfleverings fan elts 23 minuten. De searje folget Po (Mick Wingert) as er mei fjouwer jonge reuzepanda's Jing (Laya Deleon Hayes), Bao (Gunnar Sizemore), Fan Tong (Makana Say) en Mei Mei (Chrissy Metz) yn in mystike grot fersyld rekket, dêr't de fjouwer pandajongen de chi yn har opnimme fan fjouwer oerâlde en machtige kung fu-krigers: Blauwe Draak, Swarte Skylpod, Wite Tiger en Reade Feniks. Neitiid behâlde de jonge panda's dy krêften en beseffe se dat se no foarbestimd binne en rêd de wrâld fan 'e boasaardige macht fan Jindiao (Steve Blum). Oan Po de taak om harren te trainen. Yn 'e ynterne gronology fan 'e franchise kin Kung Fu Panda: The Paws of Destiny nei Kung Fu Panda 3 pleatst wurde. De searje waard oarspronklik distribuëarre fia streamingtsjinst Amazon Prime Video.

Kung Fu Panda: The Dragon Knight

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Kung Fu Panda: The Dragon Knight.

Kung Fu Panda: The Dragon Knight is in tekenfilmsearje dy't rint fan july 2022 ôf en wêrfan't it twadde seizoen yn jannewaris 2023 útkaam. De searje folget fan Po (Jack Black) as er syn heitelân ferlitte moat en om op in kweeste te gean dy't him fier om utens liedt. Om 'e fjouwer elemintêre wapens te finen dy't de wrâld lang ferlyn tebrutsen hawwe, smyt er de lapen gear mei de no-nonsense Ingelske ridder Luthera (Rita Ora), in brune bear. Yn 'e gronology fan 'e franchise spilet Kung Fu Panda: The Dragon Knight inkele jierren nei de foarfallen yn 'e film Kung Fu Panda 3. De searje is te sjen fia de streamingtsjinst Netflix.

Yn it ramt fan 'e Kung Fu Panda-franchise binne de folgjende soundtrackalbums útkommen:

Fideospultsjes

bewurkje seksje

Yn it ramt fan 'e Kung Fu Panda-franchise binne de folgjende fideospultsjes útkommen:

Yn 2010-2011 soe in live-show yn it ramt fan Kung Fu Panda op 'e planken brocht wurde, produsearre troch Franco Dragone. De show soe de titel Kung Fu Panda: Arena Spectacular krije en bestean út personaazjes út 'e franchise en harren aventoeren njonken sirkusacts en Sineeske akrobatyk. Mar yn jannewaris 2012 waard dat op 'e lange baan skood en neitiid is der neat mear fan fernommen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kung Fu Panda (filmsearje)
lange films
Kung Fu Panda (2008) • Kung Fu Panda 2 (2011) • Kung Fu Panda 3 (2016) • Kung Fu Panda 4 (2024)
koarte films
Secrets of the Furious Five (2008) • Kung Fu Panda Holiday (2010) • Secrets of the Masters (2011) • Secrets of the Scroll (2015) • Panda Paws (2015)