Home (film út 2015)

film út 2015

Home is in Amerikaanske science fiction-komeedzjefilm foar bern út 2015, ûnder rezjy fan Tim Johnson. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Jim Parsons en Rihanna. De titel betsjut "Thús". De film is basearre op it berneboek The True Meaning of Smekday, fan Adam Rex. It ferhaal giet oer de Boov, in ras fan bûtenierdske wêzens dy't fral útblinke troch har talint foar útnaaien. Op 'e flecht foar harren fijân, de Gorg, ûntdekke se de Ierde, in planeet dy't har wol in gaadlik skûlplak taliket. Dat se stjoere alle minsken nei Austraalje en eigenje har de rest fan 'e wrâld ta. Ien famke, Tip Tucci, en har kat Pig witte lykwols oan deportaasje te ûntkommen. Oh, in knoffelige Boov dy't troch de Boov-autoriteiten socht wurdt, jout him by har. Tegearre geane se op 'e siik nei Tip har mem. Home krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Yn 2016 waard troch Netflix in tekenfilmsearje op basis fan 'e film makke.

Home
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tim Johnson
produsint Mireille Soria
Chris Jenkins
Suzanne Buirgy
senario Tom J. Astle
Matt Ember
basearre op The True Meaning of Smekday
   fan Adam Rex
muzyk Lorne Balfe
Stargate
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Jim Parsons
Rihanna
byrollen Steve Martin
Jennifer Lopez
Matt L. Jones
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 27 maart 2015
foarm lange tekenfilm
sjenre berne-science fiction-komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $135 miljoen
opbringst $386 miljoen

De Boov binne in ras fan leffe bûtenierdske wêzens, dy't útnaaien ferheft hawwe ta in keunst. Se binne al op 'e flecht foar de ûnmeilydsume, planeetferdylgjende Gorg sûnt harren lieder, kaptein Smek, omreden fan it yntimidearjende uterlik fan 'e Gorg by fredesûnderhannelings wei útpykt is. Dêrby hat er heal by fersin wol in rûne stien fan 'e Gorg stellen (wat de Boov as in wiere helddedie sjogge). De stien hjit no de Stilmakker, mei't Smek him oan in stôk befêstige hat en eltsenien dermei op 'e plasse huft dy't er stil hawwe wol. De Boov beslute dat de Ierde in hiel gaadlik plak is om "thús" te neamen, mei't de Gorg harren dêr nea fine sil. Dat de Ierde al bewenne is troch in oare yntelliginte soarte, sjogge se net as beswier. Dat se begjinne se oan harren "freonlike" ynvaazje troch de minsken, dy't se as primityf en ûnnoazel beskôgje, te fangen mei reuseftige 'stofsûgers' en se te deportearjen nei Austraalje. Nei dy flugge en bloedleaze ferovering nimme de Boov har yntrek yn 'e no leechsteande wenten yn 'e rest fan 'e wrâld.

Ien fan 'e Boov, in útsûnderlik drok en frijtinkend lid fan dat ras, beslút om al syn nije Boov-buorlju yn it appartemintekompleks dêr't er syn yntrek nommen hat, út te nûgjen foar in housewarmingparty. Hy hjit 'Oh', mei't dat is wat oare Boov altyd (yn argewaasje) útroppe as se him ferskinen sjogge. Syn buorlju geane dan ek ta it uterste om net nei syn feest te hoegen. Op 'e strjitte sjocht Oh lykwols de Boov-ferkearsplysje Kyle, dy't omreden fan syn wurk net by him weirinne kin. Dêrom beskôget Oh him as in freon, hoewol't er dat net is. Kyle stegeret de útnûging foar it feest ek ôf, mar Oh beslút him fia e-mail dochs in útnûging te stjoeren. By fersin drukt er lykwols op 'e knop "ferstjoer oan allegearre", dy't fuort njonken de knop "ferstjoer" sit. Fan gefolgen giet de útnûging nei de hiele Molkewei, en dus ek nei de Gorg, mei oanwizings hoe't it appartemint fan Oh te berikken is. De oare Boov binne poerrazen dat Oh harren skûlplak ferret hat, en kaptein Smek beslút dat er de deastraf krije moat. Oh docht wat Boov it bêste dogge en naait út.

Net fier fan Oh syn nije appartemint ôf is it fjirtjinjierrige famke Gratuity "Tip" Tucci troch in fersin fan 'e Boov oan 'e deportaasje ûntkommen. As iennichste efterbleaune minske yn 'e stêd besiket se no ûnderdûkt foar de Boov te oerlibjen mei inkeld har kat Pig, in Japanske bobtail, as selskip. Se hâldt harsels geande mei it doel om har mem Lucy werom te finen en troch har hate foar de Boov. As yn it appartemint fan Tip en har mem in Boov syn yntrek nimt, moat se in oar hinnekommen sykje, dat se nimt Pig mei en set ôf yn har memme auto. Se mient dat de syktocht dy't yn 'e stêd nei Oh op tou set is, foar har bedoeld is, dat se siket har taflecht yn deselde supermerk dêr't Oh krekt troch de efterdoar nei binnen slûpt is. As se inoar tsjinkomme, moatte se earst neat faninoar hawwe. Tip slút Oh op yn in frieskast, mar as har auto net mear starte wol, biedt Oh oan om him te meitsjen as se him derút lit. Dat docht se, mar hy reparearret de auto net, ynstee makket er der in hiel nij fiertúch fan, in soarte fan swevende auto anneks fleanmasine dy't oandreaun wurdt troch trije smaken wetteriis.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Oh fertelt Tip dat yn it Boov-haadkertier yn Parys alle gegevens oangeande de deportearre minsken byholden wurde, dat dêr sille se perfoarst útfine kinne wêr't har mem bedarre is. Yn ruil betinget er dat se him meinimt. Hy wol eins nei Antarktika ta, it iennichste part fan 'e wrâld dêr't gjin oare Boov binne, mar Tip feridelet ferskate kearen in besykjen fan him om 'e bestimming yn it navigaasjesysteem te feroarjen. Underwilens hat ien fan 'e Boov in helder idee krigen: se kinne Oh syn e-mail annulearrje foar't er de Gorg berikt. Dêr hawwe se lykwols wol Oh syn wachtwurd foar nedich, en lit hy no de iennichste Boov wêze dy't net "wachtwurd" as wachtwurd hat. Plysje Kyle wurdt efter Oh en Tip oan stjoerd, en hy wit Oh te pakken te krijen, mar Tip weeft handich mei him ôf.

Nei't Tip en Oh it Boov-haadkertier yn Parys ynfiltrearre binne, dat him befynt yn 'e no swevende Eiffeltoer, wit Oh tagong ta syn account te krijen. Hy annulearret de útnûging krekt foar't dy de Gorg berikke kin. Dêrnei helpt er Tip om yn it kompjûtersysteem de presize lokaasje yn it no grôtfolle Austraalje te finen fan Lucy , dy't dêr wanhopich nei Tip op 'e siik is. Se wurde trappearre en op in hier nei arrestearre, mar Tip keart de swiertekrêft fan 'e Eiffeltoer om, sadat it bouwurk op 'e kop komt te hingjen en de Boov dy't harren yn 'e hechten slaan woene, derôf rûgelje. Tip en Oh ûntkomme en sette koers nei Austraalje. Geandewei de reis reitsje se stadichoan befreone, wylst Oh troch syn omgong mei in echte minske foar it ferstân kriget hoe mis oft de Boov west hawwe yn harren behanneling fan 'e minsken.

Boppe Súdeast-Aazje wurdt de auto/fleanmasine fan Tip en Oh ynhelle troch oare Boov yn fleanende skûtels, dy't yn panyk útnaaie. It docht bliken dat de Gorg de Ierde dochs op 'e iene of oare wize fûn hawwe en dat der in float fan Gorg-jachtfleantugen efter de Boov oan sit. De auto/fleanmasine rekket skansearre en stoart del yn it oerwâld, en Oh kin him net mear oan 'e praat krije. As fierderop in Gorg-jager delstoart, wol Tip deropta om te sjen oft dêr wat oan te rêden is. Oh kantet him sterk tsjin dat idee oan, mei't op gefaar ôfgean yngiet tsjin alles dêr't de Boov foar steane. Tip set lykwols troch en hy oerwint syn eangst en folget har. De Gorg-jager blykt in drone te wêzen, en Oh fynt yn it tastel in Gorg-superchip, dy't alles oandriuwe kin. It is in nij idee foar Oh, dat je súkses berikke kinne troch op gefaar ôf te gean, dat hy fynt it allegear mar nuver. Mar mei de superchip fljocht de auto wer en kinne se har paad nei Austraalje ferfolgje.

Se berikke it plak dêr't Tip har mem wêze moat tagelyk mei it Gorg-memmeskip. De Boov binne yn alle steaten en evakuëarje halje-trawalje de Ierde. Oh wurdt ferskuord tusken syn natuerlike oanstriid om te flechtsjen en syn trou oan syn nije freondinne. Hy besiket in tuskenwei te finen troch Tip wiis te meitsjen dat har mem yn it Boov-skip is, sadat Tip mei him útnaaie sil. Sy lit har lykwols net bedrage (benammen om't Oh grien wurdt eltse kear dat er liicht). Oh pykt dan mar allinne út en giet as lêste Boov oan board fan it Boov-skip. Tip bliuwt allinne efter en fielt har ferret, en, wat minder is, se kin middenmank de ûnbidige kliber folk dy't de Boov yn Austraalje dumpt hawwe har mem net fine.

As it memmeskip fan 'e Gorg it romteskip fan 'e Boov efternei komt en driget yn te heljen, soarget Oh der mei de superchip foar dat it Boov-skip nije nivo's fan faasje berikke en sa ûntkomme kin. As de oare Boov foar it ferstân krije dat Oh op in delstoarte Gorg-jager ôfgien is om 'e superchip te bemachtigjen, besauwe se har oer syn dapperens. Smek wiist eltsenien derop dat hy de kaptein is en dat útnaaien (en net dapperens) it wichtichste is. Oh fertelt de oare Boov lykwols dat Smek in kaptein fan neat is en dat er fan Tip leard hat dat minsken om inoar jouwe op in manear dy't de Boov frjemd is, mei't sy gjin âldelju of famyljebannen hawwe. De oare Boov wurde drôf fan dat nijs en komme dan yn opstân tsjin Smek, om't se fine dat Oh kaptein wêze moat. Kyle nimt Smek syn Stilhâlder ôf en langet dy oer oan Oh. Dat fleuret de oare Boov aardich op, mar Oh sit it noch altyd dwers dat er Tip op 'e Ierde efterlitten hat om troch de Gorg ferdylge te wurden.

Tip is ûnderwilens fan 'e útputting fan har fruchteleaze syktocht yn 'e sliep fallen. Mar as se wekker wurdt, is Oh weromkommen om har te helpen har mem te finen, sa't er oarspronklik ûnthjitten hie. De blide weriening fan Tip mei har mem wurdt rou fersteurd as it Gorg-memmeskip op 'e Ierde delkomt om mei de ferneatiging fan 'e planeet te begjinnen. Oh, dy't no foar it ferstân hat dat Tip nea opholden wêze soe mei sykjen nei har mem, freget him ôf oft de Gorg soms ek wat sykje dat se kwytrekke binne. Hy ûntdekt dat de stien fan 'e Stilhâlder hol is en dat der wat yn sit. Hy slút Tip en Lucy op yn 'e auto/fleanmasine om se feilich te hâlden en giet dan allinne op it Gorg-memmeskip ta. Tip, dy't trochhat dat de Gorg yn it reuseftige memmeskip it lytse figuer fan Oh nea sjen sille, brekt ta de auto út en brûkt yn in spegel wjerspegele sinneljocht om 'e oandacht fan 'e Gorg te lûken en op Oh te fêstigjen. It memmeskip hâldt ho, mar kin net op 'e tiid stopje ear't Oh platwalst wurdt. Hy smyt Tip de stien ta en wurdt wei yn in stofwolk, mar as it memmeskip in eintsje tebek giet, docht bliken dat er it sûnder kleanskuorren oerlibbe hat.

De Gorg-befelhawwer komt út it memmeskip del. Tip jout Oh de stien wer, dy't er by de Gorg bringt. It reuseftige, tige yntimidearjende uterlik fan 'e Gorg blykt mar in robot te wêzen, dy't betsjinne wurdt troch in seestjer-eftich wêzen dat de holle as syn 'cockpit' brûkt. De Gorg komt út syn robot foar 't ljocht, praat mei Oh, nimt de stien oan en giet werom yn it memmeskip, dat dêrnei ôfset fan 'e Ierde. Neitiid fertelt Oh oan Tip en Lucy dat de Gorg-befelhawwer de iennichste noch libbene Gorg wie en dat de stien, eins in soarte fan aai, de folsleine folgjende generaasje fan syn soarte befette. Dat wie de reden dat er sa ûnmeilydsum efter de Boov oansiet.

Twa wiken letter binne de minsken mei de help fan 'e Boov weromkeard nei harren oarspronklike wenplakken en wenten. Oh kin einlings in housewarmingparty hâlde, dêr't diskear sawol Boov as minsken te gast binne. Tip bringt de Boov foar it earst yn 'e kunde mei it ferskynsel "dûnsjen". Eks-kaptein Smek befynt him op 'e moanne, dêr't er in eigen feestje bout. Yn it sinnestelsel arrivearje romteskippen fan ferskate rassen fan bûtenierdske wêzens, wêrûnder de Gorg en syn lytskes, dy't op útnûging fan Oh ûnderweis nei de housewarmingparty binne

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Jim Parsons.
 
Rihanna.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Oh Jim Parsons
Tip Tucci Rihanna


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Smek Steve Martin
Lucy Tucci Jennifer Lopez
Kyle Matt L. Jones
Gorg-befelhawwer Brian Stepanek
Boov-oankundiger April M. Lawrence
oare Boov Stephen Kearin
Brian Stepanek
Lisa Stewart
April Winchell

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Home waard regissearre troch Tim Johnson nei in senario fan Tom J. Astle en Matt Ember op basis fan it berneboek The True Meaning of Smekday fan Adam Rex, út 2007. As produsinten wiene Mireille Soria, Chris Jenkins en Suzanne Buirgy by it projekt belutsen foar de filmstudio DreamWorks Animation. Foar de film wie in budget beskikber fan $135 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Lorne Balfe en Stargate.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Home waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Boulder yn Boulder (Kolorado), dêr't er op 7 maart 2015 te sjen wie. Op 27 maart fan dat jier iepene er yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 24 maart 2015 by platemaatskippij Roc Nation. Home kaam op 26 juny 2015 beskikber as digitale download en waard op 28 july fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Home mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 139 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Home is kleurryk, healwiis en folslein goedaardich, en sadwaande ferdivedaasje dy't dermei troch kin, mar der bestiet gjin tekoart oan bettere animearre alternativen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Home in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 31 resinsjes.

 
De Amerikaanske presidint Barack Obama (rj.) by in besyk oan DreamWorks Animation yn novimber 2013, wêrby't er û.o. Steve Martin (3e f. rj.) en Jim Parsons (2e fan rj.) mette, dy't dêr wiene om har dialooch foar Home yn te sprekken.

Home brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $177,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $208,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $386,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $135 miljoen betsjut dat in winst fan $251 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Home waard nominearre foar trije Annie Awards, twa People's Choice Awards en twa Kids' Choice Awards.

Tekenfilmsearje

bewurkje seksje

It súkses fan Home joech oanlieding ta it meitsjen fan in tekenfilmsearje op basis fan 'e film, dy't Home: The Adventures of Tip & Oh kaam te hjitten. Dy wie fan 29 july 2016 ôf te sjen op Netflix. De rollen fan Jim Parsons en Rihanna waarden dêryn lykwols oernommen troch Mark Whitten en Rachel Crow.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.