Klaas de Jong (produsint)

Klaas de Jong (Feanwâlden, 1966) is in Nederlânsk filmprodusint en muzykmanager fan Frysk komôf.

De Jong waard berne en opbrocht yn Feanwâlden. Nei it Kristlik lyseum yn Dokkum studearre er elektroanika yn Ljouwert en oan de TU Electronics yn Ynskedee ear't er yn de kreätive sektor oan it wurk gie. Yn 1989 rjochte er it boekingskantoar ProActs op en waard er manager foar ferskate Nederlânske artysten lykas Het Goede Doel, Henk Westbroek, Twarres, De Kast en Treble.

Yn 2010 sette er út ein mei Farmhouse TV & Film, dêr't er ferskate Nederlânske spylfilms mei produsearre. Hy wurke as produsint ûnder oare op mei de regisseurs Steven de Jong en Johan Nijenhuis en de skriuwers Alex van Galen en Lars Boom.

Fan 2010 ôf oant no is De Jong ek bestjoerslid fan Filmproducenten Nederland.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje