SneekWeek (film)
SneekWeek is in Nederlânske komyske horrorfilm fan it subsjenre slasherfilm. Hy kaam út yn 2016 en waard regissearre troch Martijn Heijne foar de filmstudio Farmhouse TV & Film fan filmprodusint Klaas de Jong. De haadrollen waarden spile troch û.o. Carolien Spoor, Jelle de Jong, Jord Knotter en Holly Mae Brood. It ferhaal giet oer in groepke fan seis Hollânske jongeren dy't foar de Snitswike yn Fryslân komme, mar harren fakânsje yn in nachtmerje feroarjen sjogge as se efternei sitten wurde troch in mysterieuze searjemoardner.
SneekWeek | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Martijn Heijne | |
produsint | Klaas de Jong | |
senario | Alex van Galen | |
kamerarezjy | Maarten van Keller | |
filmstudio | Farmhouse TV & Film | |
distribúsje | Dutch Filmworks | |
spilers | ||
haadrollen | Carolien Spoor Jelle de Jong Jord Knotter Holly Mae Brood Yootha Wong-Loi Sing Jonas de Vuyst | |
byrollen | Ferry Doedens Kimberley Klaver Marly van der Velden Rutger Vink Diederik Ebbinge Sanne Langelaar | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 18 jannewaris 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komyske horrorfilm | |
taal | Nederlânsk | |
spyltiid | 110 minuten |
Plot
bewurkje seksjeSneekWeek giet oer in groepke Hollânske freonen: trije jonges (Thijs, Boris en Peter) en trije famkes (Merel, Lisa en Kim). De film begjin mei in soarte fan prolooch, wêryn't te sjen is hoe't dy seis belutsen binne by in ûntgrieningsritueel dat ôfgryslik út 'e hân rint. As dêrby in deade falt, beslút it seistal de omstannichheden fan it stjergefal geheim te hâlden en it hiele foarfal te ferswijen.
Twa jier letter komme deselde seis jongeren foar in fakânsje nei Snits ta, dêr't se ûnder de Snitswike yn in lúkse filla ferbliuwe. De Fryske stêd rint fol mei soartgelikense lûdroftige jongeren, dy't behalven mei silen fral dwaande binne mei drinken en seks. De relaasjes tusken de seis haadpersoanen blike noch altyd behearske te wurden troch it stjergefal by de ûntgriening, wat in protte getsier opsmyt. Stadichoan begjint op te fallen dat der yn 'e filla nuvere dingen barre. It wurdt noch ûntrêstgjender as bliken docht dat net ien fan it seistal de hier fan 'e filla regele hat.
Dan dûkt der in mei doch-it-selsapparaten bewapene maskere moardner op, dy't de seis ien foar ien op grouwélige wize om hals begjint te bringen. Merel is der daliks wis fan dat immen efter harren geheim kommen is en no wraak nimme wol. Har frijer Thijs leaut dêr neat fan, en troch de manipulative Boris wurdt Merel foar gek ferklearre. Mar as ûntdutsen wurdt hoefolle Ritalin en Prozac oft Boris deis nimt, ûntstiet der by de oaren twifel oer syn oprjochtens. De freonen fertrouwe inoar dan net mear, in ûntwikkeling dy't op gong holpen wurdt troch harren eigen skuldich gewisse. Fierders soarget it gebrûk fan ferdôvjende middels yn kombinaasje mei Ritalin foar ûnferwachtse bywurkings. Peter, dy't altyd al in bûtensteander yn 'e groep wie, beslút om nei hûs te gean, mar tsjin dy tiid is it al te let.
De fraach wa't der ûnder it masker fan 'e moardner beskûlgiet, bliuwt in hiel hoart ûnbeäntwurde. De útkomst liket lange tiid frijwat foar de hân te lizzen, mar it rint oars as ferwachte. Yn 'e twadde helte fan 'e film wurdt yn fluch tempo it iene nei it oare personaazje opfierd dat in motyf liket te hawwen. Dan rekket eltsenien fertocht.[1][2][3]
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Merel | Carolien Spoor |
Thijs | Jelle de Jong |
Boris | Jord Knotter |
Lisa | Holly Mae Brood |
Kim | Yootha Wong-Loi Sing |
Peter | Jonas de Vuyst |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Tim | Ferry Doedens |
Ilse | Kimberley Klaver |
Zoë | Marly van der Velden |
Dennis | Rutger Vink |
kommissaris Stienstra | Diederik Ebbinge |
plysje Katja | Sanne Langelaar |
plysje Marcel | David Lucieer |
resersjeur Van Velzen | Frank Lammers |
Eric van Dungen | Job Bovelander |
Maria van Dungen | Marie Louise Stheins |
Produksje
bewurkje seksjeSneekWeek waard regissearre troch Martijn Heijne op basis fan in senario dat skreaun wie troch Alex van Galen. De film waard produsearre troch Klaas de Jong, foar syn eigen filmstudio Farmhouse TV & Film, dy't fêstige is yn Earnewâld en Ljouwert. De kamerarezjy waard dien troch Maarten van Keller, en Bas Icke wie ferantwurdlik foar de montaazje.[4]
De opnames fan SneekWeek setten op 14 augustus 2015 útein en duorren oant 28 septimber fan dat jier. De film waard hielendal yn Snits en omkriten opnommen. Yn oktober 2015 waard bekendmakke dat de distribúsje fan 'e film nei it fajyssemint fan A-Film oernommen waard troch Dutch FilmWorks. SneekWeek gie op 18 jannewaris 2016 yn Amsterdam yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeDe ûntfangst fan SneekWeek wie oer it algemien tuskenbeiden posityf. Ferskate resinsinten stelden fêst dat de makkers de keunst fan 'e slasherfilm goed ôfsjoen hiene fan Amerikaanske foarbylden as Scream en I Know What You Did Last Summer[1][2][5] De dúdlikste (en bizarste) knypeach yn dy rjochting fynt plak as ien fan 'e haadpersoanen op 'e tillefyzje by in stikmannich kanalen lâns zapt, en dêrby in yn it Frysk neisyngronisearre ferzje fan Scream tsjinkomt.[1][6]
Neffens de resinsje fan Jan Roselaar, op FilmTotaal, dy't net wei wie fan SneekWeek, is ien fan 'e grutste problemen dat de film útsmaard wurdt oer de hiele Snitswike, sadat er mar hiel stadichoan op gong komt. It "konservative begjin" (wêryn't útlein wurdt wat de searjemoardner tsjin 'e seis freonen hat) is neffens Roselaar "ferstutsen fan fernijing", en ear't de moardner syn opwachting makket, komt de film mei in oerdie oan "gefeest en ôfwaaid praat", mar bliuwt dêrby lykwols "in opfallend kekene bedoening." Dat de "oanhâldende ûnoannimlikens mank giet mei de nedige selsspot", is neffens Roselaar in goed ding, mar úteinlik, sa fynt er, lit SneekWeek fral in betiizjende yndruk efter, om't de sjogger troch de grimelgrammel fan mooglike motiven en ûnderling fingerwizen geandewei de trie kwytrekket. Boppedat wurdt it nea echt grizelich en ek op 'e bluodderige sênes út Amerikaanske slasherfilms wachtet men omdôch. ("Hoewol't," sa tekenent Roselaar oan, "de sporadysk oanwêzige bluodderige effekten dusdanich slop binne dat dêrmei neat ferlern giet.") Hy beëiniget syn resinsje mei de observaasje dat SneekWeek de dea dien wurdt troch it brekme oan ûndefining fan 'e makkers: "Allinnich sjen nei horrorklassikers is net genôch om der in slagge earbetoan oan te leverjen."[1]
Ab Zagt skreau yn it Algemeen Dagblad dat alle ferwizings nei Amerikaanske slasherfilms SneekWeek net bjuster orizjineel meitsje. In grutter probleem foar de film wie dat de personaazjes allegear in fluestin en oerflakkich karakter hawwe. Boppedat binne de measten ek noch ûnsympatyk, mei as gefolch dat it de sjogger eins neat skele kin oft se ôfmakke wurde.[5] Yn De Volkskrant skreau Jan Bockting dat SneekWeek wol in aardige fynst wie, mar dat de makkers harsels yn 'e foet sketten troch sa mei klam in ferliking mei Scream út te lokjen. By dy "komyske èn spannende" film stiek it "flakke" SneekWeek mei syn "muffe stereotypen" neffens him nammentlik mar skeamel ôf.[6]
Oare resinsjes wiene loovjender. Sa krige de film fan resinsint Frank Mulder, dy't him typearre as in "slagge" en "tige fermaaklike" slasherfilm, 31/2 fan 5 stjerren. Mulder fûn ek de eftergrûn fan 'e Snitswike tige goed keazen. Syn iennichste betinkings wiene de yn syn eagen mislearre special effects en de rol fan Diederik Ebbinge as plysjekommissaris Stienstra, dy't neffens him min fertolke wie ("ik seach allinnich in komyk yn in plysje-unifoarm") en neffens him like goed gearfoege wurde kinnen hie mei de rol fan Frank Lammers as resjersjeur Van Velzen.[2]
Op FilmVandaag die SneekWeek resinsinte Lotte van Erp tinken oan 'e horrorfilm Amsterdamned, út 1988, fan regisseur Dick Maas. Dy ferliking foel neffens har yn it neidiel fan SneekWeek út: "It foarsisbere senario en de sloppe teksten meitsje it gjin tafoeging oan 'e al besteande films fan dit sjenre." Dochs bleau it in moaie film om nei te sjen, benammen fanwegen de "prachtige omkriten, de sylwedstriden, de moaie minsken en it gefeest". Trochdat (in diel fan) de opnammen ûnder de Snitswike makke wiene, is neffens Van Erp de sfear fan dat evenemint yn 'e film "optimaal te sjen en te fielen." SneekWeek is fierders "fluch en flitsend" en "foar in jûntsje kjel wurden sitst beslist goed." Har konklúzje is: "in ûnderhâldende film, mar perfoarst gjin klapper."[3]