Farmhouse TV & Film
Farmhouse TV & Film is in Nederlânske filmstudio, dy't oprjochte is troch filmprodusint Klaas de Jong. It bedriuw stiet by de Keamer van Keaphannel registrearre as soe it fêstige wêze yn De Jong syn wenplak Earnewâld, mar it produksjekantoar stiet eins yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Op 'e eigen webside lit Farmhouse him derop foarstean dat it in bedriuw "út de provinsje" is, wat ek ta utering komme soe yn 'e "bedriuwsfilosofy". It soe Farmhouse "in sterke affiniteit" jaan mei "it 'gewoane' libben", wat liede soe ta de produksje fan "echte publyksfilms".[1]
Farmhouse TV & Film | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | film en tillefyzje | |
fêstige yn | Earnewâld (Fryslân) | |
oprjochte | 2010 | |
oprjochter | Klaas de Jong | |
eigner | Klaas de Jong | |
offisjele webside | ||
www.farmhousefilm.nl |
Katalogus
bewurkje seksjeFarmhouse TV & Film waard yn 2010 troch Klaas de Jong oprjochte.[2] De Jong naam doe syn besteande fûnskatalogus (fan earder makke films dêr't hy de rjochten op hie) mei nei it nije bedriuw. De folsleine katalogus fan Farmhouse sjocht der sadwaande sa út:
- 2003 – Schippers van de Kameleon
- 2005 – Kameleon 2
- 2007 – De Scheepsjongens van Bontekoe
- 2009 – De Hel van '63
- 2011 – Bennie Stout
- 2011 – Penny's Shadow
- 2013 – Verliefd op Ibiza
- 2014 – Toscaanse Bruiloft
- 2015 – Michiel de Ruyter
- 2015 – Apenstreken
- 2016 – SneekWeek
- 2017 – Tuintje in Mijn Hart
- 2018 – Redbad
Anno 2018 wiene de folgjende filmprojekten noch yn produksje:
- A Bite of the Sea
- Batavia's Deathsong
- 80 Jaar Oorlog
- Wine Masters: France
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |