In slasherfilm, ek stavere as slasher-film, is in filmsjenre dat in subsjenre fan 'e horrorfilm is. It Ingelske wurd slasher betsjut "hakker", "houwer" of "snijer". Wat dit subsjenre fan oare horrorfilms ûnderskiedt, is dat de haadpersoan(en) te meitsjen krije mei in searjemoardner dy't almeast psychopatyske trekken fertoant of op in oare manear net goed by de holle is, en dy't syn slachtoffers deadet mei wapens as messen, swurden, bilen, seagen ensfh., wêrby't ornaris in soad bloed frijkomt. Nau oan 'e slasherfilm besibbe binne it subsjenre fan 'e splatterfilm (dat alhiel fiksearre is op bloed dat alle kanten útspat) en de psychologyske skriller (dy't gebrûk makket fan deselde skriktechniken, mar wêrby't de moardner alderhanne soarten wapens brûke kin).

Yn slasherfilms is de moardner meastal in maskere persoan, waans identiteit lang ûnbekend bliuwt, wat de spanning yn 'e film noch ekstra opdriuwt. De slachtoffers binne yn 'e regel tiners of adolesinten, en faak binne dat guons dy't wat op har kerfstôk hawwe (en dêrfoar "straft" wurde moatte), of dy't der in "ferbeane" libbensstyl op nei hâlde, bgl. mei drugsgebrûk en/of seks. Fan slasherfilms wurde gauris grutte oantallen ferfolgen makke, oant yn 'e dûbele sifers.

De âldste slasherfilm is Thirteen Women, út 1932. It gouden tiidrek fan 'e slasherfilm wie de 1980-er jierren en de iere 1990-er jierren, doe't filmrigen as Halloween, Friday the 13th en A Nightmare on Elm Street útkamen. Oare bekende Amerikaanske slasherfilms binne: The Texas Chainsaw Massacre (1974), Scream (1996), I Know What You Did Last Summer (1997) en Saw (2004). Yn 'e Nederlânske kontekst kinne foar slasherfilms oanmurken wurde: Amsterdamned (1988), Sl8n8 (2006), Sint (2010), Welp (2014) en SneekWeek (2016).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Works cited, op dizze side.