Alex van Galen (Eindhoven, 28 juny 1965) is in Nederlânsk senarioskriuwer en auteur fan skrillerromans. Hy wie û.m. ferantwurdlik foar de senario's fan 'e Nederlânske histoaryske spektakelfilms Michiel de Ruyter en Redbad.

Alex van Galen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alex van Galen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 juny 1965
berteplak Eindhoven (Noard-Brabân)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk, Ingelsk
sjenre senario's, skrillers
bekendste
  wurk(en)
Michiel de Ruyter
Redbad
prizen Gouden Pinne 2015
jierren aktyf 1993 – no
offisjele webside
www.alexvangalen.nl

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Van Galen waard yn 1965 berne yn Eindhoven. Hy studearre literatuerwittenskip oan 'e Ryksuniversiteit Utert en begûn yn 1993 mei it skriuwern foar de tillefyzje. Hy timmere oan 'e wei mei senario's foar komeedzjesearjes as We Gaan Nog Niet Naar Huis, SamSam, Het Zonnetje in Huis en In de Vlaamsche Pot, en foar dramasearjes as Rozengeur & Wodka Lime, Voor Hete Vuren en 12 Steden, 13 Ongelukken. By de lêste beide tillefyzjesearjes wurke er gear mei regisseur Roel Reiné, dy't ek út Eindhoven komt, en foar wa't er neitiid faker skripts skreau.

Begjin 2007 ferkocht Van Galen syn earst filmsenario Bullitz oan in ynvestearringsmaatskippij yn Hollywood. It wie de bedoeling dat it yn 2009 ferfilme wurde soe, mar dat gie net troch doe't de Pakistaanske finansier ûnder mysterieuze omstannichheden ferdwûn. Yn 2007 brocht Van Galen ek syn earste roman út, in histoaryske skriller mei de titel De Opvolger, dy't ferskynde by Utjouwerij Prometheus. It boek giet oer twa leafdesferhalen tsjin 'e eftergrûn fan in syktocht nei in relikwy fan Karel de Grutte, oer de opera's fan Wagner, iuwenâlde kroaningsrituëlen en de lêste dagen fan it Trêde Ryk. De filmrjochten fan De Opfolger waarden al foàr de publikaasje fan 'e roman ferkocht oan 'e Amerikaanske finansieringsgroep Rebel Film, fan Roel Reiné. Yn 2010 ferskynde der in werútjefte fan it boek.

Datselde jiers (2010) publisearre Van Galen ek syn twadde roman, de skriller Duivelssonate, oer de manysk-depressive Frânske pianist Notovich, dy't op in dei ûnder it bloed op it poadium oantroffen wurdt: syn freondinne Senna is ferdwûn en hy wurdt derfan fertocht dat er har deadien hat. Notovich, dy't úthâldt dat er ûnskuldich is, naait út nei it bûtenlân. Jierren letter mient er Senna yn Amsterdam werom te sjen, dêr't se in relaasje ûnderhâlde soe mei de pianist Valdin, in âlde rivaal fan Notovich. Wylst Notovich de wierheid besiket te ûntraffeljen, begjint er stadichoan syn gryp op 'e wurklikheid te ferliezen. Duivelssonate waard mei loovjende resinsjes yn û.m. NRC Handelsblad, Het Parool en it Algemeen Dagblad ûntfongen. Yn 2011 waard it boek yn it Dútsk oerset as Die Teufelssonate. De filmrjochten waarden ek yn 2011 ferkocht, oan Cielo Film.

It trêde boek fan Van Galen, mei as titel Süskind, skreau er op basis fan it senario fan 'e film Süskind. It is it wierbarde ferhaal fan 'e sakeman Walter Süskind, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e tsjinst kaam fan 'e Joadske Ried en hast twahûndert Joadske bern út 'e hannen fan 'e nazys wist te rêden. Dizze saneamde 'ferboeking' (it tsjinstelde fan in ferfilming) waard yn 2012 útjûn troch De Arbeiderspers, en kaam yn 'e wike fan publikaasje binnen yn 'e Bestseller Top 60 fan 'e CPNB.

Yn maaie 2012 ferskynde fan Van Galen fierders de literêre skriller Ideale Ouders, by A.W. Bruna Uitgevers. It ferhaal fan dy roman giet oer de frou Fabienne, dy't mei santjin jier ûnder twang har poppe ôfstiet. As se jierren letter, as se ûnderwilens in súksesfol aktrise is, ûntdekt dat it jonkje miskien noch libbet, besiket se kontakt mei him te sykjen. De adopsje-âlden wegerje har lykwols eltse tagong, en ta oermjitte fan ramp begjint ek har gewelddiedige freon him der noch mei te bemuoien. Dan ûntstiet der in striid tusken de fjouwer âlden dy't wol min ôfrinne moat. Ideale Ouders waard nominearre foar de Crimezone Thriller Award.

Yn 2015 wurke Van Galen wer gear mei Roel Reiné doe't dy him frege om it senario te skriuwen foar syn earste Nederlânske spektakelfilm Michiel de Ruyter, oer de santjinde-iuwske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter. Tegearre mei syn mei-senarist Lars Boom wûn Van Galen foar dat skript de Gouden Pinne. Yn 2016 wie Van Galen ferantwurdlik foar it senario fan 'e komyske horrorfilm SneekWeek. Yn 2017 skreau Van Galen fierders, op 'e nij foar Reiné, it senario fan 'e histoaryke aventoerefilm Redbad, dy't basearre is op 'e achtste-iuwske Fryske kening Redbad.

  • 2007 – De Opvolger
  • 2010 – Duivelssonate
  • 2012 – Süskind
  • 2012 – Ideale Ouders

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.