Utjouwerij Prometheus
Utjouwerij Prometheus is in Nederlânske útjouwerij dy't bestiet út de fûnsen Prometheus, Bert Bakker en Ooievaar dy't yn Amsterdam sit.
Prometheus is yn 1989 oprjochte troch Mai Spijkers en hat sawol Nederlânsktalige as bûtenlânske auteurs yn syn fûns. Under de namme 'Bert Bakker wurde benammen skiednisboeken útjûn, mar ek de Notendopserie waard troch Uitjouwerij Bert Bakker útjûn.'
Skiednis
bewurkje seksjeBert Bakker
bewurkje seksjeUtjouwerij Bert Bakker waard nei de Twadde Wrâldoarloch oprjochte troch de skriuwer en útjouwer Bert Bakker (1912 – 1969). Ta de auteurs hearden Martinus Nijhoff en Gerrit Achterberg. Yn 1969 waard Bakkers neef (omkesizzer) Bert Bakker der útjouwer. Under syn lieding waard yn de jierren santich útjouwerij Contact oernaam, de útjouwer fan ûnder oare it deiboek fan Anne Frank. Contakt waard yn 1984 ôfstjitten en meijûn oan haadredakteur Harko Keijzer doe't dy fuortgie. Syn opfolger by Bert Bakker waard Mai Spijkers, dy't sukses behelle mei de oankeap fan Il nome della rosa (1980) fan Umberto Eco, dêr't de Nederlânske oersetting fan yn 1983 ferskynde. Ek Spijkers ferliet Bert Bakker, yn 1989, om syn eigen útjouwerij Prometheus te begjinnen.
Bert Bakker wie yn de jierren santich ûnderdiel wurden fan it Wolters Kluwer-konsern. Yn 1989 waard de útjouwerij hielendal selsstannich. Tsjinfallende ferkeapen noopten eigener Bakker syn bedriuw yn 1992 ûnder te bringen by de Meulenhoffgroep. Dêr waard de útjouwerij net folle letter omfoarme ta ymprint, ûnderbrocht by Prometheus.
Tsjintwurdich ferskine der ûnder de ymprint Bert Bakker inkeld noch kwalitative non-fiksjeboeken.
Prometheus
bewurkje seksjePrometheus waard yn 1989 oprjochte troch Mai Spijkers, dy't ferskate skriuwers meinaam fan Bert Bakker, ûnder oare Herman Brusselmans. De útjouwerij kaam ta stân binnen de groep dy't ûndernimmer René Malherbe gearstald hie út in tal ôfstjitten boekedifyzjes fan grutte mediakonserns. Yn 1991 ferkocht Malherbe syn boekegroep, ynklusyf Prometheus oan de Meulenhoffgroep, letter PCM Algemiene Boeken.
It earste grutte sukses waard De wetten fan Connie Palmen. Spijkers soarge foar reuring yn de Nederlânske útjouwerswrâld troch as earste grutte foarskotten te jaan oan skriuwers, om se oan syn útjouwerij te binen, ek as se yn it fûns fan in oare útjouwerij sieten. PCM naam yn 2001 ek útjouwerij Vassallucci oer, dy't rillegau har selsstannigens ferlear en ûnderbrocht waard by Prometheus.
Yn 2007 waard útjouwerij Prometheus ynklusyf Bert Bakker oernaam troch oprjochter Spijkers.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|