Martinus Nijhoff (De Haach, 20 april 1894 – dêre, 26 jannewaris 1953) wie in Nederlânsk dichter, toanielskriuwer, fertaler en essayist. Ta syn meast ferneamde wurk behearre Het Uur U (1936) en it lange gedicht Awater (1934). Joseph Brodsky beskôge Awater as ien fan moaiste gedichten fan de 20e iuw.[1]

Martinus Nijhoff
skriuwer
Nijhoff yn 1913
Nijhoff yn 1913
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 20 april 1894
berteplak De Haach
stoarn 26 jannewaris 1953
stjerplak De Haach
wurk
sjenre poëzy, toaniel, kritiken
streaming ekspresjonisme
bekendste
  wurk(en)
Awater, Het Uur U, De moeder de vrouw
prizen Constantijn Huygenspriis 1953
jierren aktyf 1916-1953
offisjele webside
DBNL-profyl

Nijhoff waard yn 1894 yn De Haach berne as soan fan de útjouwer Wouter Nijhoff en Johanna Alida Seijn. Pake Martinus Nijhoff wie de stichter fan de Haachske útjouwerij Nijhoff en ien fan de oprjochter fan it liberale deiblêd Het Vaderland. Hy gie nei it Gymnasium Haganum, dêr't er befreone rekke mei Victor van Vriesland, mei wa't er Frânske en Ingelske literatuer lies.[2]

Nijhoff studearre rjochten yn Amsterdam, letter ek letteren oan de Universiteit Utert. Yn 1914 en 1915 wie er redakteur fan it studinteblêd Propria Cures. Fan 1926 oant nei de Twadde Wrâldoarloch siet er in pear kear yn de redaksje fan De Gids. Ek wurke er lange tiid as literatuerkritikus by de Nieuwe Rotterdamsche Courant en in skoftke by de famylje-útjouwerij.

Hy hat twa kear troud west, formeel oant 1950 mei de skriuwster Netty Wind, dy't publisearre ûnder de namme A.H. Nijhoff, en dêrna mar koart, fanwege syn betide ferstjerren, mei de aktrise Georgette Hagedoorn. Tuskentroch hie er fan om 1933 oant 1947 in lange ferhâlding mei de Utertske klassika Josine van Dam van Isselt, dy't fan grutte betsjutting wie foar syn oersetwurk.

Nijhoff debutearre as dichter yn 1916 mei de bondel De wandelaar. Yn 1924 publisearre er Vormen. Yn romantyske ferzen utere er syn fielen fan eangst, iensumheid en it langjen nei it ûnoantaast bern wêzen. Hy die dat ornaris yn tagonklik Nederlânsk. Nijhoff publisearre ek noch yn it tydskrift Het Getij.

Yn de ferheljende gedichten Awater (út Nieuwe Gedichten, 1934) en Het uur U (1936/37) slagge it him op bysûndere wize it mystearje achter deistige dingen en foarfallen te beskriuwen, yn in styl dy't hieltyd mear oerhinget nei sprektaal.

Nijhoff hie ek súkses mei trije Bibelske spullen, sammele yn Het heilige hout (1950). Teffens wie er in ferneamd fertaler fan gedichten en toanielstikken. Yn 1953 waard de Martinus Nijhoff Priis ynsteld, dy't jierliks takend wurdt foar fertaalwurk nei en út it Nederlânsk. Yn datselde jier ûntfong er postúm de Constantijn Huygenspriis foar syn hiele oeuvre.

Nijhoff wie oant likernôch 1947 befreone mei de magysk-realistyske skilder Pyke Koch. Koch ûntwurp in stikmannich teaterdekors foar Nijhoff en Nijhoff skreau gedichten by inkele skilderijen fan Koch, lykas De Schiettent, by gelegenheid fan it houlik fan de skilder.

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

By it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch wie Nijhoff reserve-ofsier. As kommandant fan it 5e eskadron Huzaren-fytsers fertrage er de Dútske opmars tusken Oosterbeek en Wageningen. Koart nei de kapitulaasje fan Nederlân ferhuze Nijhoff nei De Haach. Hy waard aktyf yn it kulturele ferset en wurke mei oan it yllegale blêd Vrij Nederland en de ek yllegale útjouwerij De blauwe schuit, dêr't er gedichten oan levere. Nei't er wegere hie om de anty-Dútske Nico Donkersloot op te folgjen as heechlearaar yn de algemiene en fergelykjende literatuerwittenskip, most er wol ûnderdûke. Yn 1943 wie Nijhoff belutsen by de organisaasje fan de oanslach op it Amsterdamsk befolkingsregister. Hy advisearre dêrby oer it pleatsen fan eksplosiven oan de hân fan plattegrûnen fan it gebou dy't him foarlein waarden. Mei it eksplosyf dat brûkt wurde soe, Trotyl, hie er ûnderfining opdien yn de Earste Wrâldoarloch, as soldaat by de Sjeny.[3][4][5] Yn de Hongerwinter fan 1944 dielde Nijhoff thús deistich iten út oan bern, oant er troch syn foarrie hinne wie.[2] Op 24 febrewaris 1980 ûntfâlde Georgette Nijhoff-Hagedoorn in plakette ta oantins fan har man yn de Kleine Kazernestraat.[6][7][8]

Martinus Nijhoff waard mei Georgette Hagedoorn beïerdige yn it famyljegrêf op begraafplak Westduin yn De Haach-Súd.

  • 1916 · De wandelaar
  • 1919 · Pierrot aan de lantaarn
  • 1924 · Vormen
  • 1927 · De pen op papier
  • 1930 · Charles-Ferdinand Ramuz, De Geschiedenis van de Soldaat
  • 1930 · De vliegende Hollander
  • 1930 · Shakespeare, De Stoarm
  • 1931 · Gedachten op Dinsdag
  • 1934 · Nieuwe gedichten, mei û.o. Awater
  • 1936 · In Holland staat een huis (tegearre mei Anton van Duinkerken)
  • 1941 · De ster van Bethlehem
  • 1942 · Het uur U, gevolgd door Een idylle
  • 1950 · Het heilige hout
  • 1951 · De cocktailparty
  • 1951 · Euripides, Ifigeneia in Taurië
  • 1951 . T.S. Eliot, The Cocktailparty

Oer M. Nijhoff:

  • Niels Bokhove, Awaters spoor. Literaire omzwervingen in het Utrecht van Martinus Nijhoff. Amsterdam, 2010. ISBN 978-90-5937-213-9.
  • Huib van den Doel, Maar dat is tot daaraantoe. Benaderingen van gedichtenuitleg toegepast op Het Uur U van Martinus Nijhoff. Haarlem, St. Hoofd-Hart-Handen, 2002
  • Luc Wenseleers, Het wonderbaarlijk lichaam. Martinus Nijhoff en de moderne Westerse poëzie, De Haach, 1966.
 
Martinus Nijhoffbrêge oer de Waal by Zaltbommel
  • Martinus Nijhoff Fertaalpriis
  • Martinus Nijhoffbrêge: It sonnet De moeder de vrouw, dat begjint mei "Ik ging naar Bommel om de brug te zien", is faaks syn meast bekende gedicht. It ropt it byld op fan in psalmsjongende frou op in skip dy't by de ik-figuer yn it gedicht langstme nei syn mem opropt. De Waalbrêge by Zaltbommel út 1933, dy't yn it gedicht foarkomt, waard yn 1996 ferfongen troch in nijenien dy't Martinus Nijhoffbrêge doopt waard. Nijhoff besocht geregeld famylje yn Zaltbommel, mar dit gedicht skreau er nei oanlieding fan in anekdoate fan syn húsgenoat Hans Philips.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje
  • Biografy yn Biografysk Wurdboek fan Nederlân

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cynthia L. Haven, Joseph Brodsky: conversations. University Press of Mississippi 2002, s. 68.
  2. 2,0 2,1 Keninklike Bibleteek: Martinus Nijhoff (1894-1953), Nijhoffs leven en werk (Webargyf)
  3. Belinfante, Frieda, Een schitterend vergeten leven: de eeuw van Frieda Belinfante, Utjouwerij Balans, 2015, ISBN 9460039359
  4. Amsterdam Museum: Oneindig Noord-Holland: Aanslag op het Bevolkingsregister in Amsterdam, 15 maart 2011
  5. Waard, Pieter de: Schoonheid achter de schermen: een oorlogsgeschiedenis, Singel Utjouwrijen, 2014, ISBN 9021455129
  6. Ljouwerter Krante: BZZTôH tien jaar, 23-02-1980 (Koninklijke Bibliotheek, website Delpher)
  7. NRC Handelsblad: BZZTôH viert op deftige wijze haar tienjarig bestaan, Reinjan Mulder, 25-02-1980 (Koninklijke Bibliotheek, website Delpher)
  8. Gemeentearchief Den Haag (beeldbank): Georgette Hagedoorn onthult een plaquette (...), Jos van Leeuwen, 24-2-1980