Josef Brodsky
(Trochferwiisd fan Joseph Brodsky)
Josip Brodsky (Russysk: Ио́сиф Алекса́ндрович Бро́дский) (Leningrad, 24 maaie 1940 - New York, 28 jannewaris 1996) wie in fan oarsprong Russysk dichter.
Josef Brodsky | ||
skriuwer | ||
Joseph Brodsky (1988) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 maaie 1940 | |
berteplak | Leningrad | |
stoarn | 28 jannewaris 1996 | |
stjerplak | New York | |
wurk | ||
taal | Ingelsk, Russysk | |
sjenre | Gedichten |
Nei't er ferskate kearen nei Sibearje ferballe west wie is Brodsky nei de Feriene Steaten emigrearre. Yn 1987 krige er de Nobelpriis foar de Literatuer. Hoewol't syn poëzij dêrnei ek wer yn Ruslân útbrocht waard, woe Brodsky net werom nei syn heitelân, ek net nei de delfal fan it kommunisme.
Hy spilet in rol yn in roman fan syn freon Sergej Dovlatov: 'Net allinnich Brodsky' (Не только Бродский: Русская культура в портретах и анекдотах).
Nederlânske útjeften
bewurkje seksjeDer is mar in part fan Brodsky's wurk yn it Nederlânsk oerset.
- Torso (gedichten; oers. Charles B. Timmer), 1987
- Tussen iemand en niemand (essays; oers. Frans Kellendonk en Kees Verheul), 1987
- Herfstkreet van de havik. Gedichten 1961-1986 (gedichten; oers. Kees Verheul, Jan Robert Braat et al.), 1989
- Loflied op Clio. Huizingalezing 1991 (essay; oers. René Kurpershoek), 1991
- Kade der ongeneeslijken (essay; oers. Sjaak Commandeur), 1992
- Kerstgedichten (gedichten; oerset. Peter Zeeman), 1994
- Triton, Gedichten 1985-1994 (gedichten; oers. Peter Zeeman), 1996
- Ex Ponto. Gedichten 1961-1996 (gedichten; oers. Peter Zeeman), 2000
Keppeling om utens
bewurkje seksje- biografy Brodsky
- 21 Ingelske gedichten fan Brodsky
- Joseph Brodsky–Biography op Nobelprize.org