Halina Reijn
Halina Reijn (Amsterdam, 10 novimber 1975) is in Nederlânsk aktrise, regisseur en skriuwster. Sy waard grut yn Wildervank en Grins en wennet yn Amsterdam. Se wûn de Theo d'Or, in Nederlânske toanielpriis. Op 28 jannewaris 2017 ûntfong se de Theo Mann-Bouwmeesterring. Reijn is de sânde persoan dy't de ring drage mei.
Halina Reijn | ||
akteur | ||
Halina Reijn op it Filmfestival fan Fenetië (2024) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlanner | |
berne | 10 novimber 1975 | |
berteplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1997 - no | |
prizen | De Colombina as "Best Supporting Actress" foar Shopping and Fucking (1998) Special Jury Prize foar De Prins en het meisje (2007) tegearre mei Fedja van Huêt | |
offisjele webside | ||
Halina Reijn |
Wurkpaad
bewurkje seksjeHalina Reijn krige har beropsoplieding oan de Teater Akademy yn Maastricht. Doe't hja noch studint wie waard sy frege om mei te dwaan by de Teaterkompanjy; dêr spile sy grutte rollen yn stikken sa as Hamlet (as Ophelia) en Shopping and Fucking (as Lulu), dêr't sy de prestiizjeuze teaterpriis, de Colombina foar krige yn 1998. Yn 2003 gie sy by Toanielgroep Amsterdam.
Yn it seizoen 2006/2007 spile sy yn leafst fjouwer stikken: The Taming of the Shrew, Hedda Gabler, Oresteia en Rouw siert Electra; hja krige der in Theo d’Or-nominaasje as “Beste Frouljus Aktrise” foar.
Halina wie ek de sjen yn de film Hotel Paraiso (fan Paula van der Oest, dy't in Oscarnominaasje krige), A Father’s Affair (fan Maarten Teurniet) en Grimm (fan Alex van Warmerdam).
Yn 2006 hie hja in grutte rol yn Ik omhels je met 1000 armen fan regisseur Willem van de Sande Bakhuijzen, Zwartboek ûnder rezjy fan Paul Verhoeven en Blind fan Tamar van den Dop.
Yn 2007 fertolke se de rol fan Mabel Wisse Smit yn de twadielige telefyzjesearje De Prins en het Meisje, dêr't se in Gouden Kalf foar bêste aktrise foar krige. Yn 2009 gie de Hollywoodfilm Valkyrie ûnder rezjy fan Bryan Singer yn premjêre, dêr't se in rol yn spile neist ûnder oare Tom Cruise en yn 2010 de troch Robert Jan Westdijk regissearre film De Eetclub, nei it boek fan Saskia van Noort.
Under regy fan Ben Sombogaart fertolke Reijn de titelrol yn de psychologyske skriller Isabelle, basearre op it boek fan Tessa de Loo. Isabelle gie septimber 2011 yn de Nederlânske bioskopen yn premjêre. Se moast foar dy rol bot ôffalle.
Fan maart 2013 ôf wie Reijn te sjen yn de titelrol yn de telefyzjesearje Charlie, in remake fan de searje Nurse Jackie. Yn de simmer fan 2013 die Reijn mei oan it tsiende seizoen fan Ranking the Stars.
Ein 2019 kundige Reijn oan om op te hâlden mei aktearjen.
Yn 2019 brocht se har debútfilm Instinct út mei Carice van Houten yn de haadrol. De film waard bekroand op it filmfestival fan Locarno en waard útkeazen as de Nederlânske ynstjoering foar de Oscars.
Yn 2020 waard Reijn beneamd ta lid fan de Akademy fan Keunsten.
Yn 2022 krige har film Bodies Bodies Bodies in goede ûntfangst yn Amearika. Har film Babygirl gie op 30 augustus 2024 yn premjêre op it Filmfestival fan Fenetië en krige dêr in minutenlange steande ovaasje.
Filmografy
bewurkje seksjeFilm
bewurkje seksje- 2001 Îles flottantes - Isa
- 2001 Zus & Zo - Bo Mendes
- 2003 Grimm - Maria
- 2003 Polleke - Tina
- 2003 De Passievrucht - Ellen
- 2006 Ik omhels je met 1000 armen - Lureen
- 2006 Zwartboek - Ronnie
- 2007 Blind - Marie
- 2007 Nadine - Nadine
- 2008 Valkyrie - Margarethe von Oven
- 2010 Sintel - Sintel
- 2010 De eetclub - Hanneke Lemstra
- 2010 Sterke verhalen - Hostess
- 2010 Win/Win - Deniz
- 2011 Goltzius and the Pelican Company - Portia
- 2011 Isabelle - Isabelle
- 2012 De Overloper - Hannie
- 2013 Feuten: Het Feestje - De buorfrou
- 2014 Boy 7 - Marit
- 2014 Pak van mijn hart - Karin
- 2016 De OK-vrouw - harsels (dokumintêre)
- 2016 De zevende hemel - Eva
- 2019 Instinct - (Rezjy / senario)
- 2024 Babygirl - (Rezjy/senario)
Telefyzje
bewurkje seksje- 1994 Pril geluk - Sanne
- 1995 In voor- en tegenspoed - Kassier
- 1997 Fort Alpha - Eva
- 1999 Suzy Q - prostituee
- 2002 De afrekening
- 2005 Parels & zwijnen - Maria
- 2006 Voor een paar knikkers meer - mem fan Michiel (stim)
- 2007 De Prins en het Meisje - Mabelsse Smit
- 2010 In therapie - Lara
- 2011 Flikken Maastricht - Hannie de Groot
- 2011 Van God los - Nadia
- 2013 Charlie - Charlie Bloem
- 2014 Jeuk - Halina
- 2015 Bagels & Bubbels - Vanessa
Muzyk
bewurkje seksjeReijn spile mei Jeroen van Koningsbrugge yn de fideoklip My Demons fan ZEUS.
Teater
bewurkje seksje- 2013 Rouw siert Electra (Toanielgroep Amsterdam)
- 2012 Husbands (Toanielgroep Amsterdam)
- 2012 Nora (Toanielgroep Amsterdam)
- 2011 De Russen! (Toanielgroep Amsterdam)
- 2010 Kinderen van de zon (TA)
- 2010 Antonioni Project (TA) - Vittoria
- 2010 Hedda Gabler (TA) - Hedda
- 2008-2010 La voix humaine (Toneelgroep Amsterdam)
- 2008 Rocco en zijn broers (TA) - Nadia
- 2008 Kreten en gefluister (TA) - Maria
- 2008 Antonioni Project (TA) - Vittoria
- 2007 Perfect Wedding (TA) - Heiner
- 2007 Ajax (TA) - Tekmessa
- 2006-2008 Oresteia (TA) - Elektra
- 2005 Hedda Gabler (TA) - Hedda
- 2005 Huis van de toekomst (TA) - Anna Tabaknikova
- 2005 Scènes uit een huwelijk (TA) - Marianne
- 2004-2006/2008-2009 Het temmen van de feeks (TA) - Katharina
- 2003-2004/2006-2007 Rouw siert Electra (TA/Toneelschuur Haarlem) - Lavinia Mannon
- 2003 Drie Zusters (TA) - Irina
- 2003 De Meeuw (De Theatercompagnie)
- 2001 Con Amore (TA) - Poppea
- 2001 Hamlet (De Theatercompagnie)
- 2001 Lulu (De Trust)
- 2000 Koons (De Trust) - Cicciolina
- 1998 Adel Blank (De Trust/De Mexicaanse Hond)
- 1999 De Laatsten (De Trust) - Ljoeba
- 1998 Shopping and fucking (De Trust) - Lulu
- 1998 De kersentuin (De Trust)
- 1997 - Hamlet (De Trust) - Ophelia
Ferskaat
bewurkje seksje- Yn de perioade 2005-2009 wie hja kollumniste foar it wykblêd Viva.
- Yn 2007 wûn sy in Gouden Kalf foar De Prins en het Meisje (Spesjale Jury Priis).
- Yn 2006 waard Reijn neamd foar in Gouden Kalf (Bêste Frouljus Byrol) foar Zwartboek.
- Yn 2004 waard sy neamd foar in Theo d'Or foar har haadrol as Lavinia (Vinny) yn Rouw Siert Electra.
- Yn 1998 wûn sy in Colombina foar har rol fan Lulu yn de foarstelling Shopping and Fucking.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Offisjele webside fan Halina Reijn
- Ynterview mei Halina Reijn, 2006
- Halina Reijn by Toanielgroep Amsterdam
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|