Tessa de Loo (Bussum, 15 oktober 1946) is it pseudonym fan de Nederlânske skriuwster Johanna Martina (Tineke) Duyvené de Wit. Hja is fral bekend wurden mei it koarte ferhaal De meisjes van de suikerwerkfabriek en mei de roman De tweeling. Yn 1984 wûn De Loo de Anton Wachterpriis.

Tessa de Loo
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johanna Martina Duyvené de Wit
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 oktober 1946
berteplak Bussum
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, ferhalen
bekendste
  wurk(en)
De meisjes van de suikerwerk-
   fabriek

De Tweeling
útjouwer De Arbeiderspers
jierren aktyf 1983 – no
offisjele webside
www.tessadeloo.com

Tessa de Loo wie de âldste fan trije bern. Ne't se de middelbere yn Oss helle hie, sette se út ein mei in stúdzje Nederlânsk oan de Universiteit fan Utert, mar ûnderbriek har stúdzje foar in skoft om as leararesse oan 't wurk te gean. Yn 1976 kaam hja werom op de universiteit, mar besleat úteinlik dochs om har libben oan de skriuwerij te wijen. Sy boaske doe't se tweintich wie, mar wenne fan 1980 ôf oan mei har soan yn Piterbuorren. Nei't yn 1975 en 1978 twa koarte ferhalen fan har yn de krante ferskynd wiene, slagge it en bring de roman De meisjes van de suikerwerkfabriek yn 1983 út.

Oare súksesfolle romans fan har hân wiene Meander (1986), Het rookoffer en Isabelle (1989), mar har measte súkses hie se mei De tweeling (1993). It boek krige sawol yn Nederlân as Dútslân in priis. Du roman ferhellet oer twillingsusters dy't yn de oarloch fan elkoar skieden reitsje; de iene komt yn Dútslân te wenjen en de oare yn Nederlân. At se beide al âld binne moetsje se elkoar wer. De libbensskiednis fan de susters jout it frame foar de beskriuwing fan in stik skiednis fan- en de ferhâldings tusken beide lannen. It boek waard yn leafst 24 talen oerset en yn 2002 ferfilmd troch Ben Sombogaart. De Loo har nijste roman Een goed nest ferskynde 5 septimber 2014.

Tessa de Loo wennet al jierren yn it suden fan Portugal.

  • 1983 - De meisjes van de suikerwerkfabriek (ferhalen)
  • 1986 - Meander (roman)
  • 1987 - Het rookoffer (boekewikepesint)
  • 1988 - Het mirakel van de hond (novelle)
  • 1989 - Isabelle (novelle)
  • 1993 - De tweeling (roman)
  • 1995 - Alle verhalen tot morgen (mei De meisjes van de suikerwerkfabriek, Het rookoffer, Het mirakel van de hond, Isabelle en De vuurdoop)
  • 1997 - Toen zat Lorelei nog op de rots (essay)
  • 1998 - Een varken in het paleis (roman)
  • 1999 - Een gevaar op de weg: autoportretten (ferhalen)
  • 2000 - Een bed in de hemel (roman)
  • 2004 - De zoon uit Spanje (roman) (nominearre foar de Gouden Doerian)
  • 2008 - Harlekino, of Het boek van de twijfel (roman)
  • 2010 - Daan (dieren)
  • 2011 - Verraad me niet (roman)
  • 2013 - Kenau (roman)
  • 2014 - Een goed nest (roman)
  • 2017 - Liefde in Pangea (roman)
  • 2023 - De stad in je hoofd (roman)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: