Carice van Houten
Carice Anouk van Houten (Leiderdorp, 5 septimber 1976) is in Nederlânsk aktrise, radiopresintatrise en ambassadrise fan it Wrâld Natoer Fûns. Se is winner fan fiif Gouden Keallen, trije Rembrandt Awards en tal fan oare prizen. Har mei in Gouden Keal bekroane rol yn de film Zwartboek (2006) betsjutte it begjin fan in ynternasjonale karriêre.
Van Houten studearre oan de Kleinkunstacademie yn Amsterdam. Hja die mei yn de Amerikaanske films Valkyrie (2008), en Repo Men (2010), wat har tige positive kritiken opsmiet en wurdearring fan guonts as Paul Verhoeven en de aktrise Sharon Stone
Priveelibben
bewurkje seksjeVan Houten hat fan 2006 oant 2009 in ferhâlding mei de Dútske akteur Sebastian Koch hân. Carice is de âldere suster fan Jelka van Houten.
Carice hat ferklearre dat hja har yn Hollywood net lokkich fielt: "Ik haw Hollywood sjoen, en hoewol't ik der neat op tsjin haw is myn soarte libben net. Myn agint is ferbjustere om't ik yn Jeropa bliuwe wol", seit hja. "At Hollywood my in grutte rol oanbiedet, dan doch ik dat fansels wol, mar ik wol dêr gewoan net wenje."
Filmografy
bewurkje seksjeIn kar.
- 1997: 3 Ronden
- 1998: Ivory Guardians
- 1999: Suzy Q
- 2000: Goede daden bij daglicht: Op weg (TV-Film)
- 2001: Storm in mijn hoofd
- 2001: AmnesiA
- 2001: De Acteurs (TV-Searje)
- 2001: Minoes
- 2002: Het Everzwijn
- 2002: The Wild Boar (Koarte film)
- 2002: Luifel & Luifel – De Krottenkoning (TV-ôflevering)
- 2003: De Passievrucht
- 2003: Father's Affair
- 2004: Russen – De Zevende Getuige (TV-ôfl.)
- 2004: Kopspijkers – Dance-4-Life (TV-Episode)
- 2005: Boy Meets Girl Stories #1 – Smachten (TV)
- 2005: Zwarte Zwanen
- 2005: Lepel
- 2005: Knetter
- 2006: Ik Omhels Je Met 1000 Armen
- 2006: Zwartboek
- 2007: Alles is liefde
- 2008: Valkyrie
- 2010: Repo Men
- 2010: De gelukkige huisvrouw
Teaterfoarstellingen
bewurkje seksje- Mijn Elektra (1999) ...Koor/Carice
- Driestuiversopera (2001) ...Polly
- Foxtrot (musical) (2002) ...Josien (regy: Ruut Weissman)
- Hedda Gabler (toanielstik) (2003) De Theatercompagnie (regy: Theu Boermans)
- De Meeuw (Tsjechov) (2003)...Macha
- Ren Lenny Ren (2004)...freondinne Paul (regy: Ruut Weissman, tekst: Thomas Acda, Paul de Munnik en Rob de Graaf)
- Twelfth Night/Driekoningenavond (2006) ...Cesario/Viola, De Theatercompagnie (regy: Theu Boermans)
- Het Bewijs (2006)...Catherine, Joop van den Ende produksjes (regy: Peter Oosthoek)
- De Gravin van Parma (2008) ...Francesca (regy: Ursul de Geer)