Rembrandt Award
De Rembrandt Award is de iennichste Nederlânske publykspriis foar films, dy't sûnt 1993 útrikt wurdt. De priis is ferneamd nei Nederlâns grutste keunstskilder, Rembrandt Harmens van Rijn (1607-1669). Fan 1999 oant 2006 fûn der gjin útrikking plak, en it liek dien te wêzen mei dizze prizen, oant presintator en film-afficionado René Mioch it spul nij libben yn blies. Dêrtroch koe yn 2007 de njoggende útrikkingsseremoanje holden wurde. Mioch is noch altiten yngeand by de Rembrandt Awards belutsen; hysels stalt mei in faksjuery in list gear fan nominearre films en akteurs yn in ferskaat oan kategoryen, wêrnei't it publyk dêr syn stim op útbringe kin.
Rembrandt Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
útrikt foar | film | |
útrikt troch | Rembrandt Awards Foundation | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | maart | |
plak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
1e útrikking | 1993 | |
offisjele webside | ||
therembrandtawards.com |
Lju dy't alris in Rembrandt Award wûn hawwe, binne û.m. Carice van Houten, Johnny Depp, Meryl Streep, Keira Knightly, Ilse DeLange, Willeke van Ammelrooy, Brad Pitt, Sandra Bullock, Angelina Jolie, Rutger Hauer, Natalie Portman, Colin Firth, Angela Schijf, Linda de Mol en Leonardo DiCaprio. Foar in list mei alle winners fanôf 2007, sjoch op dizze side, op 'e Nederlânske Wikipedy.
Kategoryen
bewurkje seksje- aktearkategoryen
- bêste Nederlânske akteur
- bêste Nederlânske aktrise
- bêste bûtenlânske akteur
- bêste bûtenlânske aktrise
- produksjekategoryen
- bêste Nederlânske film
- bêste bûtenlânske film
- bêste bernefilm
- bêste regisseur
- bêste sinematografy
- bêste kostúmûntwerp
- bêste filmmuzyk
- spesjale prizen
- Rembrandt Inspiration Award
- Rembrandt Masters Award
- Rembrandt Fellowship
- Rembrandt Best Young Actor Award
- Rembrandt Rising Star Award
- Rembrandt Dutch Honorary Award
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |