Rutger Hauer
Rutger Oelsen Hauer (Breukelen, 23 jannewaris 1944 - Beetstersweach, 19 july 2019) wie in Nederlânsk akteur dy't sûnt de jierren tachtich benammen yn de Feriene Steaten wurket. Foar syn rol yn Blade Runner waard hy nominearre foar in Academy Award. Ta de haadprizen dy't er wûn hearre in Golden Globe, twa Gouden Keallen en in Rembrandt Award.
Rutger Hauer | ||
akteur | ||
Rutger Hauer, 2010 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rutger Oelsen Hauer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 jannewaris 1944 | |
berteplak | Breukelen | |
stoarn | 19 july 2019 (75 jier) | |
stjerplak | Beetstersweach | |
jierren aktyf | 1969–2019 | |
prizen | Golden Globe, Gouden Keal, Rembrandt Award. | |
offisjele webside | ||
Offisjeel webstee |
Libben en wurk
bewurkje seksjeHauer is in soan fan de akteurs Arend Hauer en Teunke Mellema (1906-1979). Doe't Hauer de Amsterdamske Toanielskoalle dien hie yn 1967 spile er in skoft by de Noarder Kompanjy út Drachten yn ferskate stikken, dêr wiene Shakespeare's Richard III, John Steinbeck's Of Mice and Men, Joost van den Vondel's Joseph in Dothan en Max Frisch syn Biedermann und die Brandstifter by.
Yn 1969 waard Hauer yn it hiele lân bekend mei de haadrol yn de telefyzjesearje Floaris, in avontoererige dy't him yn de Midsiuwen ôfspile. Yn dy tolfdielige searje fan regisseur Paul Verhoeven spile Hauer ridder Floaris fan Rosemondt.
Yn 1973 krige er as filmakteur ynternasjonale bekendheid troch syn haadrol yn Turks Fruit, (nei it boek fan Jan Wolkers). It levere him syn earste byrol op yn in Ingelsktalige film, The Wilby Conspiracy út 1975, mei Sidney Poitier en Michael Caine. Yn de jierren tachtich wie er ek te sjen yn Ingelân yn in rige reklamespots foar Guinness.
Nei 1990 begûn Hauer hieltyd mear yn B-films en tf-searjes te spyljen. Hy wie foaral te sjen yn aksje-, horror- en sciencefictionfilms mei in relatyf leech budget, trochstrings yn de rol fan in minnen-ien.
Yn it nije millennium begon Hauer oan in comeback nei de A-film.
Hauer boaske yn 1985 syn twadde frou Ineke ten Cate, dochter fan sjoernalist Laurens ten Cate (sy wiene al by elkoar sûnt 1968). Hauer hat ien dochter, aktrise Aysha Hauer, berne yn 1966 en hy is pake wurden yn 1988.
Hauer stoar nei in koart siikbêd yn de âlderdom fan 75 jier thús yn Beetstersweach. Der stie fan him in rou-advertinsje yn 'e Ljouwerter Krante. De útfeart mei kremaasje wie yn besletten rûnte op 24 july 2019.
Filmografy
bewurkje seksje- Monsieur Hawarden (1969) - rol ûnbekend, sênes fuortknipt
- Floris (telefyzjesearje, 12 ôf., 1969) - Floris van Rosemond
- The Pathfinders (telefyzjesearje ôfl. Sitting Ducks, 1972) - Pieter van Paersen
- Waaldrecht (telefyzjesearje, ôfl. Taxi Meneer?, 1973) - Rogier de Jonge
- Repelsteeltje (1973) - kening
- Turks Fruit (1973) - Erik Vonk
- Pusteblume (1974) - Rick
- Floris van Rosemond (telefyzjesearje, 1975) - Floris fan Rosemond
- La donneuse (1975) - ...
- The Wilby Conspiracy (1975) - Blane van Niekirk
- Keetje Tippel (1975) - Hugo
- Das Amulett des Todes (1975) - Cris
- Het Jaar van de Kreeft (1975) - Pierre
- Max Havelaar (1976) - Duclari
- Soldaat van Oranje (1977) - Erik Lanshof
- Mysteries (1978) - Johan Nagel
- Pastorale 1943 (1978) - August Schultz
- Es begann bei Tiffany (telefyzjefilm, 1979) - Ryder
- Een Vrouw tussen Hond en Wolf (1979) - Adriaan
- Grijpstra en de Gier (1979) - Rinus de Gier
- Duel in de diepte (telefyzjesearje, 1979) - John van der Velde
- Spetters (1980) - Gerrit Witkamp
- Nighthawks (1981) - Reinhardt Heimar Wulfgar
- Chanel Solitaire (1981) - Etienne de Balsan
- Inside the Third Reich (telefyzjefilm, 1982) - Albert Speer
- Blade Runner (1982) - Roy Batty
- The Osterman Weekend (1983) - John Tanner
- A Breed Apart (1984) - Jim Malden
- Eureka (1984) - Claude Malliot van Horn
- Ladyhawke (1985) - kaptein Etienne Navarre
- Flesh & Blood (1985) - Martin
- The Hitcher (1986) - John Ryder
- Wanted: Dead or Alive (1987) - Nick Randall
- Escape from Sobibor (telefyzjefilm, 1987) - Aleksander 'Sasha' Petsjersky
- Salute Of The Jugger (1988)
- The Legend of the Holy Drinker (1988) - Andreas Kartak
- The Law of the Desert (minysearje, 1989) - Tom Burton
- The Edge (telefyzjefilm, 1989) - ...
- Blind Fury (1989) - Nick Parker
- As Long as It's Love (1989) - John Knott
- The Blood of Heroes (1989) - Sallow
- Bloodhounds of Broadway (1989) - The Brain
- Wedlock (telefyzjefilm, 1991) - Frank Warren
- Beyond Justice (1992) - Tom Burton
- Past Midnight (1992) - Ben Jordan
- Split Second (1992) - Harley Stone
- Buffy the Vampire Slayer (1992) - Lothos
- Arctic Blue (1993) - Ben Corbett
- Blind Side (telefyzjefilm, 1993) - Jake Shell
- Voyage (telefyzjefilm, 1993) - Morgan Norvell
- Surviving the Game (1994) - Thomas Burns
- Amelia Earhart: The Final Flight (telefyzjefilm, 1994) - Fred Noonan
- Nostradamus (1994) - mystike mûnts
- The Beans of Egypt, Maine (1994) - Reuben Bean
- Fatherland (telefyzjefilm, 1994) - SS-Sturmbannführer Xavier March
- Blood of the Innocent (1995) - dr. Lem
- Crossworlds (1996) - A.T.
- Mariette in Ecstasy (1996) - kapelaan
- Mr. Stitch (telefyzjefilm, 1996) - dr. Rue Wakeman
- Precious Find (1996) - Armond Crille
- Knockin' on Heaven's Door (1997) - Curtiz
- Blast (1997) - Leo
- Omega Doom (1997) - Omega Doom
- Lexx: The Dark Zone (minysearje, 1997) - Bog
- The Call of the Wild: Dog of the Yukon (telefyzjefilm, 1997) - John Thornton
- Hostile Waters (telefyzjefilm, 1997) - kaptein Britanov
- Bleeders (1997) - dr. Marlowe
- Lexx: The Dark Zone (telefyzjesearje, ôf. Eating Pattern, 1997) - Bog
- Deathline (1997) - John Anderson Wade
- The Ruby Ring (telefyzjefilm, 1997) - Patrick Collins
- Tactical Assault (1998) - kaptein John 'Doc' Holiday
- Merlin (telefyzjefilm, 1998) - kening Vortigern
- Bone Daddy (1998) - William H. Palmer
- Simon Magus (1999) - greve Albrecht
- New World Disorder (1999) - David Marx
- Lying in Wait (2000) - Keith Miller
- Partners in Crime (2000) - Gene Reardon
- The 10th Kingdom (minysearje, 2000) - Huntsman
- Wilder (2000) - dr. Sam Dennis Charney
- The Room (2001) - Harry
- The Last Words of Dutch Schultz (2001) - Arthur 'Dutch Schultz' Flegenheimer (stim)
- Jungle Juice (2001) - Jean-Luc
- Turbulence 3: Heavy Metal (2001) - ko-piloat MacIntosh
- Flying Virus (2001) - Ezekial
- The God's Bankers (2002) - kardinaal Marcinkus
- Scorcher (2002) - presidint Nelson
- Warrior Angels (2002) - Grekkor
- Confessions of a Dangerous Mind (2002) - Keeler
- Alias (telefyzjesearje, ôfl. Phase One, 2003) - Anthony Geiger
- Smallville (telefyzjesearje, ôfl. Phoenix & Exile, 2003) - Morgan Edge
- In the Shadow of the Cobra (2004) - Gallo
- Tempesta (2004) - Van Beuningen
- 'Salem's Lot (telefyzjefilm, 2004) - Kurt Barlow
- Never Enough (2004) - Sebastian
- Sin City (2005) - kardinaal Roark
- Batman Begins (2005) - Earle
- Dracula III: Legacy (2005) - greve Dracula
- Mirror Wars: Reflection One (2005) - de baas
- The Poseidon Adventure (telefyzjefilm, 2005) - biskop August Schmitt
- The Hunt for Eagle One (2006) - generaal Frank Lewis
- Crusade of Vengeance (2006) - Grekkor
- Minotaur (2006) - Cyrnan
- Mentor (2006) - Sanford Pollard
- The Hunt for Eagle One: Crash Point (2006) - generaal Frank Lewis
- Goal II: Living the Dream (2007) - Rudi van der Merwe
- 7eventy 5ive (2007) - Detective Criton
- Moving McAllister (2007) - McAllister
- Starting Over (Telefyzjefilm, 2007) - Peter Rossen
- Magic Flute Diaries (2008) - Dr. Richard Nagel
- Spoon (2008) - Victor Spoon
- Bride Flight (2008) - Frank
- The Rhapsody (2008) - ...
- The Prince of Motor City (telefyzjefilm, 2008) - ...
- Oogverblindend (2009) - Cyrus Frisch
- Barbarossa (2009) - keizer Freark Barbarossa
- Happiness Runs (2010) - Insley
- The 5th Execution (2010) - Hunt
- Life's a Beach (2010) - Jean-Luc
- The Mill and the Cross (2011) - Pieter Bruegel
- Hobo with a Shotgun (2011) - swalker
- The Rite (2011) - Istvan Kovak
- Black Butterflies (2011) - Abraham Jonker
- De Heineken Ontvoering (2011) - Freddie Heineken
- Alle for én (2011) - Niemeyer (Deenske film)
- True Blood (2013-2014) - Niall Brigant
- Francesco (2014, telefyzjefilm) - heit fan Francesco
- The Scorpion King 4: Quest for Power (2015) - kening Zakkour
- Michiel de Ruyter (2015) - admiraal Maarten Tromp
- WAX: We Are The X (2015) - Aaron Mulder
- Valerian and the City of a Thousand Planets (2017) - presidint fan 'e Wrâldsteatfederaasje
- 24 Hours to Live (2017) - Frank
- The Sisters Brothers (2018) - de kommandeur
Ferskaat
bewurkje seksje- Yn 2004 einige er op nr. 92 by de ferkiezing fan de Grutste Nederlânner.
- Mei de The Rutger Hauer Starfish Association krewearret Hauer him foar it lot fan mei Hiv besmette bern en swiere froulju.[1] Teffens stipet Hauer Sea Shepherd en sit er yn de "Board of Advisors" fan dy organisaasje.
- Hauer wennet offisjeel yn Hollywood (FS), mar hat ek altyd in went yn Fryslân oanholden, nammentlik in eardere pleats yn Beetstersweach.
- Yn april 2007 ferskynde syn autobiografy All Those Moments: Stories of Heroes, Villains, Replicants, and Blade Runners (co-skriuwer Patrick Quinlan) dêr't er in protte syn filmrollen yn besprekt.[2] Alles wat boek opsmyt giet nei Hauer's Starfish Foundation.
- Septimber 2009 krige Hauer 'de Gratama', de nei Rients Gratama neamde kultuerpriis fan de gemeente Smellingerlân. De priis wurdt útrikt oan minsken dy't harren 'bûtengewoan fertsjinstlik makke hawwe op kultureel-maatskiplik mêd yn Fryslân'.[3]
Rutger Hauer Award
bewurkje seksjeFilmfestival Shortcutz Amsterdam rikt fan 2020 ôf de Rutger Hauer Award út oan in persoan of ynstelling dy't troch jonge filmmakkers as ynspiraasjeboarne sjoen wurdt. De earste Rutger Hauer Award is takend oan regisseur Paul Verhoeven.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Offisjeel webstee
- (ned) Rutger Hauer by Hollands Film Glorie
- (ned) NPS dokumentêre oer akteur Rutger Hauer
- (in) Filmfoto's fan Rutger Hauer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rutger Hauer fan Wikimedia Commons. |