Rembrandt van Rijn

(Trochferwiisd fan Rembrandt Harmens van Rijn)

Rembrandt van Rijn (Leien, 15 july 1606 of 1607Amsterdam, 4 oktober 1669) wie in Nederlânsk keunstskilder út de 17e iuw. Hy wurdt as ien fan de wichtichste Nederlânske skilders út de tiid beskôge en makke yn totaal om-ende-by trijehûndert skilderijen, trijehûndert etsen en twatûzen tekeningen. Syn wurk heart by de Barok en it is te sjen dat hy beynfloede waard troch it Caravaggisme, alhoewol't hy nea yn Itaalje west hat. It wurk fan Rembrandt falt op troch bjusterbaarlike kontrasten fan ljocht en tsjuster dy't oan syn wurk in dramatysk effekt jouwe.

Selsportret
Rembrandt Harmens van Rijn
De hûndert gûne print (1649)

Rembrandt waard berne yn Leien as 'Rembrandt Harmenszoon van Rijn', nei alle gedachten op 15 july fan 1606 of 1607. Hy wie ien fan de njoggen bern fan in mealder en in bakkerstochter. Yn 1621 gie hy foar trije jier yn de lear by de skilder Jacob van Swanenburgh. Om 1625 hinne wie er in koart skoft yn de lear by Pieter Lastman, mar dêrnei begûn er foar himsels.

Yn 1631 ferfear er nei Amsterdam, dêr't syn klanten wennen. Hy kaam te wenjen by keunsthanneler Hendrick Uylenburgh. Yn 1634 boaske er my dy syn healnicht Saskia fan Uylenburgh, fan Ljouwert. Tegearre krige it pear fjouwer bern, mar allinnich de jongste, Titus, berne yn 1641, bleau yn libben. Net folle letter ferstoar Saskia.

Nei Saskia har dea wenne Rembrandt (hja wiene net boaske) mei Hendrickje Stoffels, dy't yn 1654 fan him in famke krige, Cornelia ferneamd nei Rembrandt syn mem. Hendrickje ferstoar yn 1663, en Titus yn 1668. Doe't Rembrandt sels ferstoar, op 4 oktober 1669, hied er allinnich noch syn dochter Cornelia. Rembrandt waard te hôf brocht yn de Westertsjerke yn Amsterdam.

Rembrandt hat in lytse 3.000 wurken makke, dêr't 600 fan skilderijen en in 300 etsen binne. It krekte tal is net wis, ûnder oaren om't in tal fan de wurken dy't yn it ferline oan him taskreaun binne dy't mûglik troch neifolchers makke wienen.

Karakteristike motiven foar Rembrandt binne foarstellings út de religy en de mytology, mar hy hat ek in útsûnderlik grut tal selsportretten makke, hast 100, dy't mei-ïnoar it ferhaal fan syn libben skilderje. Rembrandt wurke in soad mei ljocht en tsjuster.

It ferneamdste wurk fan Rembrandt is de Nachtwacht, dy't yn it Ryksmuseum Amsterdam hinget.

Selsportretten

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  1. E. van de Wetering, Rembrandt laughing, c. 1628 - a painting resurfaces yn Kroniek van het Rembrandthuis, juny 2008
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rembrandt van Rijn fan Wikimedia Commons.