J. Kessels

film út 2015 fan Erik de Bruyn

J. Kessels (ynternasjonale titel: Road Duster) is in Nederlânsk roadmovie en komeedzje út 2015 ûnder rezjy fan Erik de Bruyn, mei yn 'e haadrollen Fedja van Huêt en Frank Lammers. De titel ferwiist nei de eigensinnige haadpersoan fan it boek dat skreaun wurdt troch de haadpersoan fan 'e film. J. Kessels waard basearre op 'e roman mei hast deselde namme fan P.F. Thomése. It ferhaal folget in skriuwer dy't wrakselet mei writer's block. Hy giet dêrom mei de haadpersoan út syn eigen boek op in hallusinotoire reis nei Hamburch wylst er tramtearre wurdt troch oantinkens oan it famke dêr't er as jonge smoarfereale op wie.

J. Kessels
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Erik de Bruyn
produsint Sander Verdonk
Denis Wigman
senario Jan Eilander
basearre op de roman fan P.F. Thomése
kamerarezjy Danny Elsen
muzyk Björn Eriksson
filmstudio CTM LEV Pictures
distribúsje September Film
spilers
haadrollen Fedja van Huêt
Frank Lammers
voice-over Fedja van Huêt
byrollen Marc Lauwrys
Romi van Renterghem
Ruben van der Meer
Annick Christiaens
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 23 septimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre roadmovie-komeedzje
taal Nederlânsk (ek in bytsje Dútsk
   en Ingelsk)
spyltiid 107 minuten
budget en resultaten
prizen 1 × Gouden Keal

Skriuwer P.F. Thomése wrakselet mei writer's block, dêr't er alle jierren gjin wurdt troch op papier kriget. In ûnwolkomme besite fan syn útjouwer, dy't driget de gearwurking mei Thomése te ferbrekken as der binnen in pear moannen gjin nij boek leit, set him oan om it nochris ta it uterste de besykjen. Hy begjint te typen op syn âld typmasine en lit de wurden floeie sûnder der te bot oer nei te tinken. Wat derút komt, is in apart ferhaal dat trije eleminten kombinearret. It earste is J. Kessels, de haadpersoan út 'e eardere boeken fan Thomése dy't er as in soarte fan fantasijfreon begûn is te beskôgjen. It twadde is Thomése sels as in personaazje yn it boek, in personaazje dat him der lykwols fan bewust is dat hy de skriuwer is fan it ferhaal dat er belibbet. Dat is nammenste nuverder om't Kessels eins ek al in alter ego fan Thomése is. En it trêde elemint wurdt foarme troch oantinkens fan Thomése oan in traumatyske ûnderfining út syn jonkheid, dy't te krijen hie mei Brigitte de Braai, it Flaamsk famke dêr't er doe smoarfereale op wie en dêr't er no, tritich jier letter, noch altyd masturbante seksfantasijen oer hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Der wurdt kontakt mei Thomése opnommen troch Bertje de Braai, de jongere broer fan Brigitte. Dyselde is abbekaat en moat foar in kliïnt, sa seit er, in gruthanneler yn frikandellen út Breda opspoare dy't útpykt is mei it jild fan dy kliïnt. De frikandelleboer, in Perry Boone, hâldt him beskûl yn Sankt-Pauli, in wyk fan Hamburch. Bertje wol dat Kessels, dy't al earder fan sokke putsjes opknapt hat, him helpt om Boone werom te heljen nei Breda. Hy spilet it fia Thomése om't er Kessels sels net fine kin (gjin wûnder: it is in personaazje dat net echt bestiet). Thomése seit syn meiwurking ta om't er Brigitte weromsjen wol, en yn 't bysûnder har prachtige stuten, dêr't er noch altyd fan dreamt. Hy hat der wat wurk fan om Kessels te bepraten om mei, om't dyselde in grouwéligen hekel hat oan alles dat Dútsk is en der net op sit te wachtsjen om nei Hamburch. Mar Thomése rêdt it op en mei Bertje sette se trijeresom ôf yn Kessels syn roastige Amerikaanske slide.

Kessels is in sûpende, keatlingsmokende grouwe keardel dy't yn in lange reinjas en in cowboyhoed omrint en mar fan twa dingen hâldt: fuotbal en countrymuzyk. Thomése kin goed mei him om't er sels ek de iene sigaret mei de oare oanstekt, tefolle drinkt en alles fan country ôfwit. De hoastjende Bertje de Braai, dy't foar alle mooglikheden rom yn 't foar plannen meitsje wol, falt yn dat selskip danich út 'e toan en Kessels kriget al rillegau in hekel oan him. Yn Hamburch oankommen nimme se op inisjatyf fan Kessels har yntrek yn in fertutearze loazjemint dêr't prostituees harren klanten mei nei ta nimme ynstee fan yn it goed oanskreaune hotel dêr't Bertje keamers besprutsen hat.

Dy jûns geane Kessels en Thomése tegearre it nachtlibben fan Hamburch yn, dêr't se in kroegetocht hâlde ûnder it mom fan sykjen nei oanwizings oer it ferbliuwplak fan Boone. Te neare nacht bedarje se yn in bordeel dêr't Thomése mei in prostituee op bêd rekket yn wa't er, yn syn hallusinotoire bedronken steat, Brigitte de Braai weromken. Hy werbelibbet in jeugdtrauma wêrby't in oare jonge, Boontje, him mei it krús tsjin Brigitte har kont oan treau, sadat de lust dy't er foar har fielde foar eltsenien dúdlik waard. Har heit, de eigner fan 'e snackbar dêr't it foarfal plakfûn, spuite him in heale flesse ketchup by de broek yn en skuorde dy dêrnei omleech, wêrnei't de jonge Thomése troch alle oanwêzigen útlake waard, útsein Brigitte, dy't him besocht te helpen. Wannear't Thomése de ein fan dat ynsidint wer trochmakket, besiket er fuort te kommen. De prostituee ynterpretearret dat as wol er útnaaie sûnder te beteljen, dat se hellet har Turkske poaier derby, ek al hawwe se noch hielendal gjin seksuele omgong hân, sa't Thomése oanhâldend besiket út te lizzen. De poaier harket dêr lykwols net nei en wol jild sjen. Op dat stuit ferskynt Kessels op it toaniel, dy't mei in kopstjit koarte metten makket mei de poaier, wêrnei't hy en Thomése kalmkes de gelegenheid ferlitte.

De oare deis geane Kessels, Thomése en Bertje nei in fuotbalwedstryd fan F.C. Sankt-Pauli, mei't Kessels op ûnneifolchbere wize útriddenearre hat dat Boone, dy't in fan fan NAC Breda is, dêr oanwêzich wêze moat. Hy blykt ek noch gelyk te hawwen, want yn it stadion wurde se Boone yndie gewaar. Dyselde is dêr mei syn nije flam: in Dútske prostituee. Se hâlde Boone oan, dy't nimmen oars blykt te wêzen as Thomése syn aartsfijân út syn jongestiid 'Boontje'. Underwilens ûntdekt Kessels dat yn 'e tuskentiid immen in lyk yn 'e kofferbak fan syn auto dumpt hat. Om't se gjin swierrichheden mei de Dútske plysje hawwe wolle, beslute hy en Thomése de kofferbak wer ticht te dwaan en it lyk ûnderweis werom nei Noard-Brabân earne weiwurde te litten.

Wannear't Thomése it lyk letter ris better besjocht, as se by in weirestaurant oanstutsen binne, ken er yn 'e deade de Turkske poaier út it bordeel werom. It bestiet net dat it lyk fan 'e man mei wa't Kessels de jûns tefoaren slaanderij hie, by tafal yn 'e kofferbak fan syn auto bedarre is. Dat smyt in protte fragen op, lykas wa't wist dat Kessels en de Turk in oanfarring hân hiene. Thomése begjint eltsenien te fertinken, oant en mei Kessels sels ta, mar wannear't Boontje him ferpraat, wurdt dúdlik wa't derefter sit. Uteinlik jout Boontje ta dat er de poaier ombrocht hie om't Boontje syn faam foar de man wurke en hy har net gean litte woe. Fia syn faam hie Boontje fan 'e slaanderij heart, dat om 'e fertinking fan himsels ôf te skowen op Kessels, besleat er it lyk yn dy syn kofferbak de lizzen.

As se nei tsjuster yn Breda oankomme, wiist Bertje harren it hûs dêr't se wêze moatte. Dan komt einlings út dat Bertje net yn opdracht wurket fan in kliïnt dy't troch Boontje bestellen is, mar fan Boontje syn frou, dy't er sitte litten hat om mei de Dútske prostituee út te naaien. En ta Thomése syn alteraasje blykt Boontje troud te wêzen mei Brigitte de Braai. De tiid is net botte freonlik foar har west, dat se is alhiel net hoe't se libbet yn 'e oantinkens fan Thomése. Mar sy en Boontje hawwe in teenagedochter, Silleke, dy't as twa drippen wetter op 'e jongere ferzje fan har mem liket, dat Thomése rekket fuortendaliks wer hielendal hoteldebotel. Mar it famke koe fansels likegoed op 'e moanne sitte, sa ûnberikber is se foar in âld bok as hy. Brigitte wol it wól mei Thomése oanlizze, mar hy hat leaver de oantinkens oan har jongere sels en hâldt de boat ôf. Ynstee pike hy en Kessels út om it ferswierre lyk fan 'e Turkske poaier op in stil plakje ûnder wetter ôf te sinken foar't de ljocht wurdt.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Fedja van Huêt.
 
Frank Lammers.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise   
P.F. Thomése / voice-over Fedja van Huêt
J. Kessels Frank Lammers


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bertje de Braai Marc Lauwrys
de jonge Brigitte / Silleke de Braai Romi van Renterghem
Perry Boone ("Boontje") Ruben van der Meer
Brigitte Boone-De Braai Annick Christiaens
útjouwer Mark de Bruyn
heit De Braai Bert Huysentruyt
de jonge P.F. Thomése Vasco Wermer
Sabine Livia Matthes

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

J. Kessels waard regissearre troch Erik de Bruyn nei in senario fan Jan Eilander op basis fan 'e roman J. Kessels: The Novel fan P.F. Thomése. As produsinten wiene Sander Verdonk en Denis Wigman by it projekt belutsen foar de filmstudio CTM LEV Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Danny Elsen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Björn Eriksson. De opnamen foar J. Kessels fûnen plak op lokaasje yn Tilburch, Antwerpen en Hamburch.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan J. Kessels waard fersoarge troch September Film. De premiêre hie plak op 23 septimber 2015 op it 34ste Nederlânsk Filmfestival yn Utert, dêr't it de iepeningsfilm wie. J. Kessels draaide fan 1 oktober 2015 ôf yn 'e Nederlânske bioskopen.

Fan 'e filmkritisy krige J. Kessels oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau filmblêd Schokkend Nieuws dat de film wol wat wei hie fan Fear and Loathing in Las Vegas (1998), fan regisseur Terry Gilliam, "mar mei fette happen ynstee fan swiere drugs". Uteinlik stiek J. Kessels dêr lykwols mar wat bleek by ôf. It probleem wie dat de ferfilming der net yn slagge de gelaagdheid fan 'e roman fan P.F. Thomése te fangen: yn it boek "lêst de lêzer hoe't de skriuwer it ferhaal skriuwt dat hy lêst", mar yn 'e film "ferdwynt dat effekt". De konklúzje wie dat J. Kessels "as it derop oankomt in hiel ien-diminsjonale film is".

Fan J. Kessels binne budget noch opbringst bekend. De film loek yn 'e Nederlânske bioskopen 17.999 besikers. J. Kessels wûn it Gouden Keal, de wichtichste Nederlânske filmpriis, yn 'e kategory bêste produksje-ûntwerp (Ben Zuydwijk). Dêrnjonken wiene der in stikmannich prizen op filmfestivals, lykas it Ynternasjonaal Filmhûsfilmfestival fan Chicago, it Ynternasjonaal Unôfhinklik Filmfestival fan Moskou en it Ynternasjonaal Cultfilmfestival fan Kalkutta. J. Kessels wie ien fan alve films dy't nominearre wiene om yn 2016 de Nederlânske ynstjoering foar de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal te wurden, mar waard net útkeazen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.