P.F. Thomése
Pieter Frans Thomése (Doetinchem, 23 jannewaris 1958) is in Nederlânsk skriuwer.
Libben en wurk
bewurkje seksjeFan 1979 oant 1984 wie Thomése redakteur en ferslachjouwer by it Eindhovens Dagblad. Yn 1984 pakte er syn skiednisstúdzje foar trije jier wer op, mar makke dy net ôf. Dêrnei skreau Thomése foar it wykblêd De Tijd en levere er bydragen foar NRC Handelsblad, inkele regionale deiblêden en Vrij Nederland.
Fan jannewaris 1998 ôf oant april 2001 wie Thomése redakteur fan De Revisor.
Thomése publisearre syn earste literêre ferhaal yn 1986 yn it literêr tydskrift De Revisor. Dat ferhaal sit ek yn syn debút yn boekfoarm, de ferhalenbondel Zuidland út 1990. Yn 1991 en 2003 krige er literêre prizen en septimber 2007 ferskynde syn Vladiwostok! oer it "politike bedriuw" yn De Haach, de media en oare falkûlen. Vladiwostok! waard neamd foar de Gouden Uil 2008. In jier letter waard de bondel Nergensman. Autobiografieën nomineare foar de Gouden Uil 2009; en yn 2011 folge de nominaasje foar de AKO-literatuerpriis foar De weldoener.
De roman De onderwaterzwemmer (2015) helle de koarte list fan alle trije de grutte publyksprizen: ECI Literatuerpriis 2015, Libris Literatuerpriis 2016 én Fintro Literatuerpriis 2016, en waard bekroand mei de Fintropriis fan de Lêzersjury.
Prizen
bewurkje seksje- 1991 - AKO Literatuerpriis foar Zuidland
- 2003 - Max Pam Award foar Schaduwkind
- 2010 - Esta Luisterboek Award foar J.Kessels: The Novel
- 2012 - Bob den Uyl-priis foar Grillroom Jeruzalem
- 2016 - Priis fan de Lêzersjuery Fintro Literatuerpriis foar De Onderwaterzwemmer
Bibliografy
bewurkje seksje- 1990 - Zuidland (ferhalen)
- 1994 - Heldenjaren
- 1996 - Haagse liefde & De vieze engel
- 1999 - Het zesde bedrijf (histoaryske roman)
- 2001 - Greatest hits
- 2003 - Schaduwkind
- 2005 - Izak
- 2007 - Vladiwostok!
- 2008 - Nergensman. Autobiografieën
- 2009 - J. Kessels: The Novel (ferfilme as J. Kessels)
- 2010 - De weldoener (roman)
- 2011 - Grillroom Jeruzalem (reisferslach)
- 2011 - Het raadsel der verstaanbaarheid, over de kunst van het authentieke (Albert Verweylêzing 2011, Universiteit Leien)
- 2012 - Het bamischandaal
- 2014 - De werkelijkheidsverbeteraar (Abraham Kuyperlêzing 2014, Frije Universiteit Amsterdam)
- 2014 - Laika. Libretto (De Nasjonale Opera. muzyk: Martijn Padding, regy: Aernout Mik)
- 2015 - De onderwaterzwemmer, roman, Priis fan de Lêzersjuery Fintro Literatuerpriis
- 2016 - Verzameld nachtwerk
- 2018 - Ik, J.
- 2019 - Vaderliefde
- 2022 - Swansdale, roman
- 2024 - BLACK-OUT, roman