Kavia
De kavia (Latynske namme: Cavia porcellus), ek wol hûskavia neamd om oan te jaan dat it giet om in domestisearre bist en ta ûnderskie fan 'e oare kaviasoarten, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e kavia's (Cavia). Hoewol't dit bist ek wol bekend stiet as it Guineesk bichje, is it hielendal net nau besibbe oan 'e baarch en likemin komt it út Guinee. Feitliks is de kavia ôfkomstich út it Andesberchtme fan Súd-Amearika, dêr't er troch de befolking tradisjoneel holden wurdt foar it fleis. Sûnt syn yntroduksje yn 'e sechstjinde iuw is de kavia yn Westerske lannen in populêr húsdier wurden.
kavia | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Cavia porcellus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: n.f.t. (húsdier) | ||||||||||||
Skiednis fan 'e kavia as húsdier
bewurkje seksjeDe kavia komt oarspronklik út it Andesberchtme fan Perû, Ekwador, westlik Bolivia en súdlik Kolombia, dêr't er mooglik al om 5.000 f.Kr. hinne as in betroubere itensboarne domestisearre waard troch de pleatslike Yndiaanske befolking. (Dat wie in pear tûzen jier neidat yn itselde gebiet de lama domestisearre wie.) Foarhinne waard oannommen dat de kavia ôfstamme fan krusings tusken trije wylde kaviasoarten, de Amazônekavia (Cavia fulgida), de berchkavia (Cavia tschudii) en de Brazyljaanske kavia (Cavia aperea). Resint ûndersyk op it mêd fan molekulêre erflikheid oangeande de kavia hat lykwols útwiisd dat dit bist frijwol folslein fan allinnich de berchkavia ôfstammet. It soe skoan kinne dat guon soarten kavia's dy't yn 'e tweintichste iuw identifisearre binne, lykas de Anolaimakavia (Cavia anolaimae) en de Guyanakavia (Cavia guianae), eins hûskavia's binne dy't nei milennia fan domestikaasje reyntrodusearre binne yn it wyld.
Op archeologyske fynplakken binne stânbylden fan kavia's opgroeven dy't datearje út 'e perioade tusken 500 f.Kr. en 500 n.Kr. De Motsje (Moche), in folk dat yn 'e Aldheid Perû bewenne, die oan soölatry (bisteferearing) en bylde gauris kavia's ôf yn syn keunstwurken. Tusken likernôch 1200 en de ferovering fan it gebiet troch de Spanjerts, yn 1532, ûntstiene yn it Inka-ryk troch selektyf fokken in grut tal ferskillende fariëteiten fan kavia's, dy't de grûnslach foarmen fan 'e moderne kaviarassen. Hjoed de dei wurde kavia's yn 'e Andeslannen noch altyd holden foar it fleis. Lange tiid waarden se inkeld as iten foar de lânseigen Yndiaanske befolking beskôge, mar sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is it iten fan kaviafleis ynboargere rekke yn alle maatskiplike fermiddens. De bisten kinne bestean fan it grienteôffal fan in gesin, plantsje har tige fluch fuort en nimme sa'n bytsje romte yn beslach dat se fokt wurde kinne yn 'e stêd.
Yn West-, Sintraal- en dielen fan East-Afrika wurde kavia's ek foar it fleis holden, en folle mear as dat faak tocht wurdt om't kavia's net fermeld wurde by feetellings. It is ûndúdlik wannear't en troch wa't se yn Afrika yntrodusearre binne, mar yn elts gefal wurde se rûnom holden yn Kameroen, de Demokratyske Republyk Kongo en it súdwestlike part fan Tanzania. Sûnt de 1960-er jierren is der fanút Súd-Amearika besocht om 'e konsumpsje fan kaviafleis ek yn Jeropa en Noard-Amearika te popularisearjen, mar dat is folslein op 'e non rûn, en yn 'e Westerske wrâld is it iten fan kavia's noch altyd taboe.
Behalven as foarm fan iten nimme kavia's ek yn 'e regionale folkloare fan it Andesgebiet in wichtige rol yn en wurde se dêrsanne útwiksele as presinten. Teffens wurdt oan kavia's genêskrêftige kwaliteiten tatocht, en wurde se troch tradisjonele genêzers, de curanderos, brûkt foar harren rituëlen. Sa spylje se in rol by it diagnostisearjen en behanneljen fan sykten as gielsucht, rimmetyk, artritis en tyfus, wêrby't se de sike oer it liif wreaun wurde en sjoen wurde as in boppenatuerlik medium. Swartkleurige kavia's wurde fral tige brûksum achte foar soksoarte wurk, en wurde faak neitiid deamakke en iepensnien, sadat de genêzer oan it yngewant ôflêze kin oft de behanneling effekt hân hat. Sokke genêswizen wurde yn ôfhandige dielen fan 'e Andes, dêr't de moderne Westerske sûnenssoarch ûnskikber is of net fertroud wurdt, noch altyd rûnom akseptearre.
Kavia's waarden yn 'e sechstjinde iuw foar it earst troch Spaanske, Nederlânske en Ingelske keaplju nei Jeropa ta brocht, dêr't se al gau in raazje waarden as eksoatyske húsdieren foar de hegerein. Sa hold bgl. de Ingelske keninginne Elizabeth I ferskate kavia's. It ierst bekende skreaune ferslach oer it bist datearret út 1547 en is ôfkomstich fan it eilân Hispanjoala, yn it Karibysk Gebiet. Om't kavia's dêr net lânseigen binne, waard foarhinne tocht dat iere Spaanske ûntdekkingsreizgers se meinommen hawwe moasten út Súd-Amearika, mar resint hawwe opgravings op Hispanjoala en ferskate oare Karibyske eilannen, wêrûnder Porto Riko, dúdlik makke dat kavia's dêr al om 500 f.Kr. hinne yntrodusearre binne fia de hannelsrelaasjes dy't yn dy perioade blykber mei it gebiet fan 'e Andes ûnderholden waarden.
Yn Jeropa waard de kavia foar it earste beskreaun yn 1554, troch de Switserske wittenskipper Conrad Gessner. De earste wittenskiplike beskriuwing waard dien troch de grutte Sweedske biolooch Carolus Linnaeus, en it bist krige syn wittenskiplike namme yn 1777 fan 'e Dútske biolooch Johann Christian Polycarp Erxleben. Dy namme wie Cavia porcellus; cavia is in ferbastering fan cabiai, de namme fan it bist yn 'e taal fan 'e Galiby-Yndianen, dy't yn it ferline Frânsk-Guyana bewennen. Mooglik komt dat wurd fan it Portegeeske çavia (modern Portegeesk: savia), dat wer ûntliend is oan it Tûpy-wurd saujá, dat "rôt" betsjut. De tafoeging porcellus is Latyn foar "bichje".
De ierst bekende yllustraasje fan in kavia makket diel út fan in skilderij troch in anonym keunstner dat yn 'e Nasjonale Portretgallery yn Londen hinget en om 1575 hinne datearre wurdt. Dêrop is in famke yn in tradisjonele elizabetaanske jûpe te sjen dy't in kavia yn har hannen hâldt en flankearre wurdt troch har beide bruorren, wêrfan't de iene in domestisearre fûgel op 'e earm hat. Hjoed de dei komme der in grut tal kaviarassen en fariëteiten foar, dy't har benammentlik faninoar ûnderskiede troch ferskillen yn grutte en yn kleur en lingte fan it hier. Hoewol't kavia's yn it Westen beslist net iten wurde, hat men der frjemd genôch gjin muoite mei om se te brûken foar eksperiminten yn laboratoaria; yn it Ingelsk is de gongbere namme foar dit bist, guinea pig, sels frijwol synonym wurden mei "proefdier".
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe kavia hat trochinoar in kop-romplingte fan 20-25 sm mei útsjitters oant 30 sm, sûnder in sturt dy't it neamen wurdich is, en in gewicht fan 700-1.200 g (oant yn ekstreme gefallen 1.500 g). Se komme yn alderhanne kleuren foar, en mei alderhanne hierlingten, fan tige koart oant sa lang dat se der yn it wyld nea mei oerlibje kinne soene. Der bestiet by kavia's net folle seksuële dimorfy, mei't mantsjes en wyfkes mar amper yn grutte ferskille en fierders tige by tige opinoar lykje. De libbensferwachting fan kavia's is trochinoar 4 oant 5 jier, hoewol't it rekôr (fêstlein yn 'e edysje fan it Guiness Book of Records út 2006) stiet op 14 jier en 10½ moanne.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeFersoarging
bewurkje seksjeKavia's binne sosjale bisten, dy't it net goed dogge as se solitêr libje moatte. Se kinne sadwaande it bêst holden wurde yn groepkes fan twa of mear eksimplaren, lykas twa of mear wyfkes of ien of mear wyfkes en in kastrearre mantsje. Ferskate mantsjes kinne ek yn groepkes holden wurde, mar dy hawwe in stik mear romte nedich as deselde oantallen wyfkes, en moatte jong mei-inoar yn 'e kunde brocht wurde. Boppedat meie der gjin wyfkes oanwêzich wêze, want dan fleane de mantsjes inoar oan. It is net oan te rieden om in wyfke en in ûnkastrearre mantsje byinoar te hâlden, of it moat wêze dat men mei de bisten fokke wol.
Kavia's wurde yn 'e regel yn koaien holden. It is oan te rieden om gjin hinnegaas of oar skerp materiaal foar de makkelei fan sokke koaien te brûken, om't kavia's dêr gauris har poatsjes oan iepenhelje, wat ta ynfeksjes liede kin. Foarhinne waard foar struiersguod faak seder- en dinnehoutsnipels brûkt, mar men is no fan tinken dat dêr oalje yn sit dy't net goed kavia's binne, dat tsjintwurdich wurdt faker popelierehout, papierprodukten, fersnipele maïskolven of gewoan strie brûkt. Kavia's binne gjin skjinne bisten, en hawwe it foar de moade om, as harren koai himmele is, earst it spul wer ûnder te migen en it efterliif de hiele koai troch te slepen om har territoarium op 'e nij ôf te setten. Mantsjes sette op deselde wize faak ek in territoarium ôf as se út 'e koai helle wurde.
Oan 'e oare kant waskje kavia's geregeldwei har eigen hier, en fersoargje se yn groepen gauris inoars pels, al is dat mear om 'e sosjale bannen oan te heljen as fanwegen hygiêne. By waskjen wurdt in molkewite ôfskieding út 'e eagen yn it hier wreaun. Mantsjes ûnderinoar kôgje faak op inoars hier om; dat hat neat te krijen mei fersoarging, mar is manear om 'e rangoarder fêst te stellen, krekt as biten (benammen yn 'e earen), it meitsjen fan agressive lûden, it útdielen fan kopstjitten, it byinoar opspringen en it opinoar omdúnjen.
Unthâld en oare talinten
bewurkje seksjeIen fan 'e bekendste eigenskippen fan kavia's is dat se yngewikkelde rûtes nei har iten ta út 'e holle leare kinne, en dat se sokke rûtes moannenlang ûnthâlde. Dat skaaimerk waard yn Nederlân yn 'e santiger en tachtiger jierren yn ferskate tillefyzjeprogramma's brûkt, wêrby't û.o. presintator Fred Oster yn syn kwis kavia's tsjininoar "race" liet troch in doalhof fol obstakels.
Kavia's besykje de measte swierrichheden op te lossen troch yn beweging te bliuwen. Hoewol't se oer lege hindernissen hinne springe kinne, binne se minne klimmers, en alhiel net linich. Wol binne it treflike swimmers. Kavia's binne skrikfallige bisten, dy't gau kjel wurde, en dan itsij stôkstiif stilstean bliuwe, itsij mei koarte sprintsjes nei in skûlplak sjitte. Gruttere groepen kavia's begjinne yn sokke sitewaasjes soms yn it wylde wei trochinoar hinne te draven, wat in ynstinktive oerlibbingsstrategy is dy't it foar rôfdieren tige dreech makket om ien yndividu út 'e sa ûntstiene grimelgrammel te kiezen. As se opwûn reitsje, meitsje kavia's soms ferskate lytse spronkjes, in ferskynsel dat popcorning neamd wurdt.
Sintugen en kommunikaasje
bewurkje seksjeIt gesichtsfermogen fan kavia's is minder as dat fan minsken, mar se hawwe in folle wider eachweid, en fierders binne it gehoar, de rooksin en de taastsin goed ûntwikkele. Se hawwe ferskate manearen om mei-inoar te kommunisearjen, wêrûnder:
- fluitsjen (om oandacht te freegjen);
- sêfte piiplûden (meastal fan in fleurige kavia dy't witte lit dat er der is);
- kreunjend piipjen (in utering fan pine of ûngemak);
- in spinnend lûd as fan in kat (dit spilet in rol by de fuortplanting, wurdt ta yntimidaasje brûk troch mantsjes ûnderinoar, mar betsjut yn 'e oanwêzichheid fan minsken meastal dat de oangeande kavia aaid wurde wol);
- klappertoskjen (in utering fan lulkens of eangstme);
- knarseltoskjen (in utering fan sin oan iten of inkeld fan ûngemak);
- tsjilpen (in tige seldsum lûd wêrfan't net dúdlik is wat it betsjut; miskien in warskôgingsrop foar oare kavia's as der gefaar driget).
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe fuortplanting fynt by kavia's it hiele jier rûn plak, mei oant 5 nêsten jongen yn in jier, al wurde de measte jongen maityds smiten. De draachtiid duorret 59-72, mar yn 'e measte gefallen 63-68 dagen. Dat is lang foar kjifdieren fan dizze grutte, en de jongen binne dan by de berte ek aardich út 'e kluten woeksen, sadat in wyfke dat op alle dagen rint tûntsjerûn is. De measte nêsten telle 1-6 jongen, mei in gemiddelde fan 3, mar it grutste nêst kaviajongen dat ea dokumintearre is, omfette mar leafst 17 jongen. Paradoksaal genôch binne it de lytste nêsten jongen, mei 1 of 2 eksimplaren, dy't it wyfke by de berte de grutste swierrichheden jouwe.
Oars as by de measte oare kjifdieren binne kaviajongen by de berte goed ûntwikkele, mei hier, tosken, klauwen en eagen dy't al fierhinne funksjonearje. Boppedat binne se daliks mobyl en begjinne se drekt al fêst iten te fretten, ek al drinke se dêrnjonken by de mem en ek by eventuële oare oanwêzige melke wyfkes. As de mem wat oerkomt, wurde de jongen troch in oar wyfke oannommen. Fan 'e jongen binne de mantsjes mei 3-5 wiken geslachtsryp en de wyfkes op syn gaust mei 4 wiken. Kaviawyfkes kinne tyldriftich en drachtich wurde foar't se folgroeid binne. Boppedat kinne se 6-48 oeren nei't se in nêst jongen smiten hawwe, al wer op 'e nij drachtich wêze. Oanhâldende drachtigens is lykwols net sûn foar de bisten. Oan 'e oare kant groeie by wyfkes dy't nea drachtich wurde nei 6-10 moanne troch in ûnomkearber proses fan ferkalking de bekkenbonken gear, en as se dêrnei noch drachtich wurde, is it bertekanaal te smel om 'e jongen te smiten, wat de dea ta gefolch hat.
Fretten
bewurkje seksjeFan natuere frette kavia's frijwol útslutend gerzen en krûden. Dêrnjonken dogge se, krekt as kninen, ek oan kropofagy, it opfretten fan 'e eigen kjitte. Dat dogge se lykwols net yn it wylde wei, mar allinnich by saneamde sekotropen, sêfte keuteltsjes dy't se spesjaal produsearje om fitamine B, fezels en baktearjes te recycljen. Eigners fuorje kavia's faak mei hea en alfafa en mei spesjale kaviabiks.
Krekt as minsken, mar oars as de measte oare bisten, kinne kavia's sels gjin fitamine C oanmeitsje en moatte se dat út har fretten helje. As men in kavia dus net byfuorret mei iten dat ryk is oan fitamine C, lykas brokkoly, koal, woartels, spinaazje of apels, kriget it bist nei ferrin fan tiid skuorbúk, dat pontinsjeel deadlik wêze kin. In bykommend probleem is dat kavia's yn 'e regel sinnige iters binne, dy't ier yn har libben leare wat al en net ytber is. As se folwoeksen binne, kin oan harren "ytbere" list frijwol neat mear tafoege wurde, en ferhongerje se leaver as dat se in nij soarte fretten prebearje.
Ferskate planten binne giftich foar kavia's, wêrûnder guon dy't ek gefaarlik binne foar minsken, lykas hûnebei (Ned.: zwarte nachtschade), dopkeblom (vingerhoedskruid) en dolkrûd (dollekervel), mar ek guon dêr't minsken neat fan oprinne, bgl. bûterblommen, rabarber, de blêden fan 'e ikebeam en alle bolplanten (lykas tulpen, narsissen, krokussen, snieklokjes en ek sipels).
Kavia's yn 'e Westerske kultuer
bewurkje seksjeAs gefolch fan syn rûnom foarkommen as húsdier en syn populariteit yn dy hoedanichheid, benammen ûnder bern, komme kavia's gauris foar yn berneliteratuer, tekenfilms en oare kultuerdragers. Sa hat it boek The Fairy Caravan, fan 'e ferneamde Ingelske berneboekeskriuwster Beatrix Potter in kavia yn 'e haadrol, krektlyk as de Olga da Polga-rige fan har kollega Michael Bond.
Yn folwoekeneliteratuer komme bgl. kavia's foar yn it koarte ferhaal Pigs Is Pigs, fan Ellis Parker Butlet, dat in teltsje is oer de gefolgen fan burokrasy: op in spoarstasjon wurde twa kavia's fêstholden dy't har dêr sûnder behindering begjinne fuort te plantsjen oant it hiele stasjon derûnder sit, wylst de minsken mar redendiele oer de fraach oft it bargen (fanwegen de Ingelske namme guinea pig) of húsdieren binne, mei't foar fee oare frachttariven jilde as foar húsdieren. Dit ferhaal foarme letter de ynspiraasje foar de klassike Star Trek-ôflevering The Trouble with Tribbles (fan senarioskriuwer David Gerrold), wêryn't op in romteskip in soartgelikense sitewaasje ûntstiet mei bûtenierdske bistkes dy't "tribbles" hjitte.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) Kavia - fieding
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|