Leslie Iwerks (útspr.: ['lɛzli 'aiwœrks], likernôch "lezly aiwurks"; Los Angeles, 20 april 1970) is in Amerikaansk dokumintêremakster, filmprodusinte en kamerafrou fan Eastfrysk etnysk komôf. Hja is de dochter fan kameraman en útfiner Don Iwerks en de pakesizzer fan 'e legindaryske Disney-animator Ub Iwerks. Hja waard bekend troch har dokumintêre The Hand Behind the Mouse: The Ub Iwerks Story, út 1999, oer har pake, en hat sûnt noch ferskate oare heech oanskreaune dokumintêres makke. Leslie Iwerks ûnderhâldt nauwe bannen mei de Walt Disney Company, it bedriuw dêr't sawol har pake as har heit tsientallen jierren lang foar wurken.

Leslie Iwerks
regisseur en/of produsint
Leslie Iwerks, 2010
Leslie Iwerks, 2010
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 april 1970
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Eastfrysk
wurkpaad
wurksum as dokumintêremakster, produsinte,
kamerafrou
bekenste
  produksje(s)
The Hand Behind the Mouse
Recycled Life
The Pixar Story
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
www.leslieiwerks.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Leslie Iwerks waard yn 1970 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, as de dochter fan kameratechnikus, útfiner en ûndernimmer Don Iwerks. Hja behelle in bachelorstitel oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje. Yn 1999 brocht se by Walt Disney Pictures har earste lange dokumintêre út, mei as titel The Hand Behind the Mouse: The Ub Iwerks Story. Dat wie in biografy fan har pake Ub Iwerks, de legindaryske Disney-animator dy't û.m. tegearre mei Walt Disney it wrâldferneamde tekenfilmpersonaazje Mickey Mouse betocht en ûntwurp.

Yn 2000 sette Iwerks útein mei it meitsjen fan in stikmannich koarte etnografyske dokumintêres oer de befolking fan Gûatemala, in projekt dêr't yn 2006 de dokumintêre Recycled Life út fuortkaam, dy't nominearre waard foar in Oscar yn 'e kategory koarte dokumintêre. Yn Recycled Life beljochte Iwerks it libben fan 'e Gûatemalteken dy't libje en wurkje op 'e jiskebulte fan Gûatemala-Stêd.

Iwerks har dokumintêre The Pixar Story, út 2007, oer de Pixar Animation Studios (sûnt 2006 in ûnderdiel fan 'e Walt Disney Company), waard nominearre foar in Emmy Award yn 'e kategory treflike non-fiksje-special. Yn 2010 brocht Iwerks de dokumintêre Industrial Light & Magic: Creating the Impossible út, wêryn't se de opkomst en ûntwikkeling fan George Lucas syn special effects-bedriuw Industrial Light & Magic beskriuwt. De voice-over waard dêrby dien troch Hollywood-stjer Tom Cruise, wylst der fraachpetearen yn ferwurke waarden mei George Lucas sels, en fierders û.o. mei regisseur Steven Spielberg, produsint Jerry Bruckheimer en akteurs Samuel L. Jackson en Seth Green.

Yn 2011 gie Iwerks har dokumintêre Pipe Dreams yn premiêre, dy't giet oer de kontroverse oer de Keystone XL-oaljepiipline, en dêr't aktrise Daryl Hannah de voice-over foar die. Pipe Dreams wûn de priis foar bêste koarte dokumintêre op it Unôfhinklik Filmfestival fan Ashland. Iwerks har dokumintêre Citizen Hearst, in biografy fan 'e Amerikaanske mediamagnaat William Randolph Hearst, waard yn 2012 útbrocht. Dêrfoar waard de voice-over dien troch akteur William H. Macy, en fierde Iwerks fraachpetearen mei leden fan 'e Hearst-famylje, presintatrise Oprah Winfrey, nijslêzer Dan Rather, moadeûntwerper Ralph Lauren, sakeman Bob Iger, model Heidi Klum en oaren.

Yn 2013 waard oan Iwerks op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Luis Obispo de Spotlight Award takend. Op 't heden is hja dwaande mei it meitsjen fan in dokumintêre oer Walt Disney Imagineering, de difyzje fan 'e Walt Disney Company dy't ferantwurdlik is foar de ûntwikkeling fan 'e ferdivedaasjeparken fan Disney en de attraksjes dêr't dy út besteane.

  • 1999 – The Hand Behind the Mouse: The Ub Iwerks Story
  • 2004 – The Ride
  • 2006 – Pixar's 20th Anniversary Special
  • 2006 – Recycled Life
  • 2007 – The Pixar Story
  • 2009 – Downstream
  • 2009 – Dirty Oil
  • 2010 – Industrial Light & Magic: Creating the Implossible
  • 2011 – Pipe Dreams
  • 2012 – Citizen Hearst
  • 2016 – The Imagineering Story

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.