Woltzeten
Woltzeten is in plak yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielsteat Nedersaksen mei 193 ynwenners yn 2006 en 184 yn 2012. De pleatsen yn de omkriten heare ek ta Woltzeten. Dy pleatsen en buorskippen hawwe de nammen Juitswarf, Woltzetener Vorwerk, Blauhaus en Spiegelhaus.
Skiednis
bewurkje seksjeWoltzeten waard om 1000 hinne foar it earst yn in skriftlike boarne neamd. Midden yn doarp stiet de lytse tsjerke út 1727. Earder stie op itselde plak in oare tsjerke. Bysûnder is de liedklok yn in toer dy't los fan de tsjerke stiet.
Sa'n twa kilometer súdlik fan it doarp stiet it eardere kleaster Blauhaus dat boud waard tusken 1509 en 1529. Oant yn de 17e iuw húsmannen dêr noch nonnen. It meastepart fan it kleaster is bewarre bleaun en tsjinnet no as ûnderkommen fan in lânboubedriuw.
Etymology en wapen
bewurkje seksjeDe plaknamme stammet fan it âldnederdútske "wolden"; dit wiist op de oanwêzigens fan sompen yn de omkriten. It wapen fan Woltzeten docht ek fermoedzjen dat it doarp oan in wetter lei. It krús yn it wapen ferwiist faaks nei it kleaster Blauhaus.
Toerisme en ynfrastruktuer
bewurkje seksjeSûnt de jierren 70 fan de 20e iuw binne de winkels út Woltzeten ferdwûn. Dokters en restaurants binne dêr ek net mear. Yn de rin fan de tiid krige Woltzeten wol in kar oan fekânsjewenten. In âlde pleats is yn 2002 ek omboud foar it toerisme.