Campen is in plak yn de Dútske gemeente Krummhörn, Landkreis Aurich dielsteat Nedersaksen. Dit Eastfryske plak hat 536 ynwenners (2006).

Kaart fan Krummhörn
Campen

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Campen hat in fjoertoer dy't mei 65,3 meter de heechste fan Dútslân is. Hy waard yn 1889 boud en is sûnt 1891 yn bedriuw. Wa't nei boppen wol moat 320 treden op. By goed sicht rikt it each oan de East-Fryske Waadeilannen, Emden, sels Delfsyl ta.

It Ostfriesische Landwirtschaftsmuseum stiet ek yn Campen, ûnderbrocht yn twa Gulfhöfen. Der is âld boere-ark út de jierren 1930 oant yn de jierren 1950 te besjen. Yn de simmermoannen wurde der spesjale tentoanstellingen organisearre.

Fierders is ek de Herfoarme Tsjerke, út de 13e iuw, de muoite fan in besite wurdich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje