Jennelt is in doarp yn de gemeente Krummhörn yn East-Fryslân en telt 384 ynwenners (2008).

Kaart fan Krummhörn
Herfoarme tsjerke Jennelt

Jennelt is wierskynlik ôflaat fan de namme Geinleth, it betsjut „oan de oare kant fan de wetterrin“

De terp Jennelt lei oan de noardrâne fan de Sielmönker Bucht, dy't yn de rin fan de midsiuwen bedike waard. De aaifoarmige terp fan 550 m lingte leit yn súdwest-noardeastlike rjochting.

Jennelt wie it besit fan de haadlingefamylje Beninga fan Grimersum. De omlizzende hearlikheid Jennelt hearde doe oan de famylje fan Ewsum,[1] [2] dy't it foar 1599 oan in neisiet fan de Beninga-haadlingen, Wilhelm zu Innhausen und Knyphausen, ferkochten. Oant yn de 20e iuw bleau Jennelt as Fideikommiss (guod wat allinne erfd, mar net ferkocht wurde kin) fan dit âlde Fryske skaai.[3]

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Evangelysk-reformeare tsjerke, om 1300 hinne boud, mei de grêven fan de aadlike famylje Innhausen und Knyphausen
  • Kapel fan de Evangelisch-Freikirchlichen Gemeinde Jennelt / baptisten
  • It oargel makke troch Johann Friedrich Constabel
 
Baptistekapel Jennelt

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. W.J. Formsma, R. A. Luitjens-Dijkveld Stol, A. Pathuis, De Ommelander Borgen en Steenhuizen, Assen 1987, s. 53 (ISBN 90-232-2314-4)
  2. Nederlânske Wikipedia oer it laach fan Ewsum
  3. Steatsargyf Aurich: Rep. 27 Herrlichkeit Jennelt. (Dep. 4.) bzw. Genealogisches Handbuch des Adels, Gräfliche Häuser A Bd. IV, Band 28 der Gesamtreihe, Limburg/Lahn 1962, sd. 216-227