Sultan

(Trochferwiisd fan Sultanaat)

In sultan (fan it Arabyske سلطان, sulṭān, útspr.: [sʊl'tˁa:n], likernôch: "soltchaan") is in aadlike titel mei ferskate histoaryske betsjuttings. Fan oarsprong wie it in Arabysk haadwurd mei de betsjutting "krêft", "gesach" of "hearskippij", mar letter ûntjoech it him ta in titel foar beskate islamityske hearskers dy't harsels folslein soeverein achten (en dus alhiel net ôfhinklik wiene fan in hegere hearsker), mar sûnder dat se foar harsels it kalifaat (de hearskippij oer alle moslims) opeasken.

Sultan Kabûs bin Saïd al-Saïd fan Omaan.

In dynasty fan sultans en in lân dat troch sultans regearre wurdt, is in sultanaat (Arabysk: سلطنة, salṭānaẗ). De froulike foarm fan 'sultan', sa't dy yn gebrûk is yn it Westen, is sultana. Dêrby moat men der lykwols om tinke dat dêrmei yn 'e regel (eins foutyf) ferwiisd wurdt nei de gemalinne fan in sultan, sa't men yn it Dútsk ferwize kinne soe nei de frou fan in fjildmaarskalk as Frau Feldmarschall, en yn it Frysk nei de frou fan in dûmny (pastoar) as in 'pastoarske'. Dêrby wurdt dus ferwiist nei de frou mei de titel of it berop fan 'e man sûnder dat titel of berop eigentlik op 'e frou sels fan tapassing is. De seldsume froulike hearskers yn 'e skiednis fan 'e islamityske wrâld binne yndie sultana's, mar yn sultanaten hawwe de gemalinnen fan 'e sultan yn 'e regel in spesifike titel en wurde sokken nea as 'sultana' oantsjut.

Hjoed oan 'e dei binne der net sa'n protte sultans mear. Noch mar twa ûnôfhinklike lannen yn 'e wrâld wurde regearre troch in sultan, nammentlik Omaan en Brûnei. Dêrnjonken besteane der noch ferskate tradisjonele sultanaten dy't diel útmeitsje fan 'e Filipinen, Maleizje, Yndoneezje, Nigearia en Niger. Mank moderne erflike hearskers dy't harren sekulier gesach op grûn fan 'e wet beklamje wolle, wurdt de titel 'sultan' sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw stadichoan ferfongen troch kening (Arabysk: malīk).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.