Marten Buis (Dútslân, 30 maart 1914 - De Jouwer, 30 maaie 1994) wie in keunstskilder fan De Jouwer.

Marten Buis
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marten Buis
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 30 maart 1914
berteplak Dútslân
stoarn 30 maaie 1994
stjerplak De Jouwer
wurkpaad
jierren aktyf 1935-1990

Libben en wurk

bewurkje seksje

Marten Buis waard berne as soan fan Jouster âlden dy't yn Dútslân wurken. Doe't sy werom yn Nederlân wiene, folge Marten in tekenoplieding yn Amsterdam. Hy wurke nei syn stúdzje as etaleur. Yn 1948 troude hy mei Annie Meijer dy't yn de Twadde Wrâldoarlich as hongerflechtling mei har folk nei De Jouwer komd wie. Yn syn eigen tiid die er in soad oan reklametekenjen en tekene hy foar de MOB-krante (Midstraat Op z'n Breedst). Doe't it tekenjen te min oplevere rjochte hy him nei de berte fan syn bern op it etalaazje meitsjen. Letter hied er ek in antykhannel.

Doe't er op 64-jierrige leeftyd troch in hernia syn wurk net mear dwaan koe, rjochte hy him op syn âlde leafde: tekenje en skilderje. Foar in soad minsken makke hy yn opdracht tekeningen fan harren hûs of fan it âlde Jouwer. De Kultuerried Skarsterlân en it Nutsdepartemint fan De Jouwer kamen mei in inisjatyf foar in boek. Yn 1991 ferskynde syn boek 'Binnenpaden en Buitenbeentjes in de oude Vlecke Joure’. It boek waard útrikt troch sjoernalist en skriuwer P.R. van der Zee. Buis sketste yn it boek mei tekeningen en ferhalen in byld fan it âlde Jouwer. Sa steane yn it boek tekeningen fan de Toerstrjitte mei ophelbrêge, de moles en de Jouster Toer. It Histoarysk Wurkferbân fan De Jouwer toande yn 2017 in film oer de âlde stegen fan De Jouwer. In soad ynformaasje en tekeningen kamen út it boek fan Buis. [1]

Buis ferstoar yn 1994. Museum De Jouwer bewarret neist syn teken- en skilderwurk fan De Jouwer ek in selsportret en de skildersezel fan Marten Buis. Yn 2014 waard troch it museum in oersjochtentoanstelling hâlden. Dat wie by gelegenheid fan de hûnderste bertedei fan Buis. Yn Vegelin State hinget in tekening fan syn hân mei de Toerstrjitte yn de rjochting fan de Jouster Toer. Der besteane mear tekeningen fan dat ûnderwerp, mar dy binne allegear krekt in bytsje oars. Op syn tekeningen sette Buis altyd, wêr en wannear't it makke wie.

  • Binnenpaden en buitenbeentjes in de oude Vlecke Joure (1991) ISBN 9090046240
Tekeningen fan Buis steane yn
  • Jerk - Teake Straatsma (1949)
  • Gedenck-clanck- J. Boonstra en T. Bijlsma (1955)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: