Museum De Jouwer, oprjochte yn 1976, oan de Gieljittersstrjitte op De Jouwer bestiet út meardere histoaryske gebouwen. In soad gebouwen steane yn ferbân mei Douwe Egberts, lykas oan de Midstrjitte it winkeltsje 'De Witte Os' en dêrnjonken it hearehûs Midstrjitte 99, mar ek it pakhûs út 1898 en it bertehúske fan Egbert Douwes út Jiskenhuzen. It museum jout in byld fan it 19e-iuwsk De Jouwer en hat kolleksjes op it mêd fan:
Fryske klokmakkerij
gieljitterij hjir waarden ûnderdielen makke foar de klokmakkerij, de skipswerven en it molkfabryk (Kadehûs)
Goud- en sulversmid - mei masines fan de Ljouwerter firma Attema (Ambachtegebou)
Koperslaggerij fan Dykstra út Snits (Kadegebou)
Teepakkerij (Entreegebou)
Bakkerij fan de Jouster bakker Wesseling (Keverlinggebou)