Midstrjitte 99 is in ryksmonumint oan de Midstrjitte op De Jouwer. It hearehûs is boud yn eklektyske styl mei in oanboud fabryksgedielte en kantoar.

Midstrjitte 99
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Jouwer
adres Midstrjitte 99
bysûnderheden
boujier 1881
boustyl eklektysk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 514071

It gearstalde gebou is ferbûn mei de skiednis fan de DE-fabriken. Yn 1831 kocht Hessel Douwes, soan fan Douwe Egberts (1755-1806), in keapmanshûs op it steed fan it hjoeddeiske Midstrjitte 99. Fan hjirút begûn er in grossierderij yn destilleard. Syn soan Johannes Hessel luts yn 1871 it buorpân, de winkel "De Witte Os", by de grossierderij. Efter de wenning leine in kofjebaarnderij en in tabakskerverij. Yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1881 giene by in brân yn de buorren fan De Jouwer it wenhûs, de koffiebaarnderij en de tabakskerverij ferlern. Op 5 maaie 1882 waard de earste stien lein foar in nij hearehûs mei ynpannige koffiebaarnderij en tabakskerverij. It pân hat jierrenlang wenhûs west fan de famylje De Jong, de famyljenamme dy't de neisieten fan Douwe Egberts oannomd hawwe. Yn 1898 waard efter it wenhûs in pakhûs boud dêr't in part fan de bedriuwsaktiviteiten hinne brocht waard. Yn 1913 ferhuzen alle aktiviteiten nei in nije fabryk yn Sniksweach, útsein de teepakkerij dy't oant 1933 yn it pakhûs siet.

It hearehûs stiet oan de noardkant fan de Midstrjitte en hat in útwreide ferbouwingsskiednis; dochs binne in soad orizjinele eleminten bewarre bleaun. In sêre dy't yn 1939 oan de efterside oanboud is, falt bûten de beskerming fanwege te min monumintele wearde. Mei de oanlis fan in ferbiningswei tusken de Gieljittersstrjitte en de Lynbaanstrjitte is lykwols de âlde tún, dy't oant it Hurdspytsje ta rûn, yn twaen dield. Om dy reden is it byhearrende pakhûs Gieljittersstrjitte 1, dat yn it efterste diel fan de tún stiet, as ôfsûnderlik monumint beskerme.

It gearstalde gebou bestie earder út trije dielen:

  • it wenhûs oan de foarside
  • it fabryksdiel efter it wenhûs
  • it kantoar oan de noard-eastkant

De strjitgevel fan it wenhûs hat in sober foarkommen sûnder útwrydske ornaminten. De gevel is oplutsen yn dûnkerreade bakstien op in hurdstiens plint en hat ûnder trije hege finsters mei boppeljocht en links in foardoar mei boppeljocht. De ferdjipping hat fjouwer hege T-finsters mei boppeljocht. Se ha allegear in oardelstiens segmintbôge. De ûnderdrompel wurdt, ûnder en op de ferdjipping, foarme troch in trochrinnende hurdstiennen wetterlist. It gebou hat in gearstald dak, dekt mei swarte barige Fryske pannen en op de naal in skoarstien mei profilearre skoarstienplaat, in mânske bakgoate op folútkonsoles en in fries.

It wenhûs hat in rynsk dekorearre ynterieur. De souders, finsterbanken en schouwen binne allegear yn Loadewyk XIV-styl opgnist.

De romme entree jout tagong ta de hal, fia in bôge dy't rêst Korintyske kapitelen, en in wenkeamer mei in doar dy 't in swier profilearre, mei timpaan bekroand kesyn hat. In finster jout sicht op de wenkeamer. De souder bestiet út swiere balken. Tsjin de muorren binne boarstwarrings en skynpylders mei in Ioanysk kapiteel boud.

De wenkeamer oan de foarkant wie, troch in wyls weihelle skodoar, yn twa dielen ferdield. De âlde foarkeamer is ferboud en hat gjin bysûnderheden. De efterkeamer hat in rynsk fersierde souder mei sintraal in symmetrysk ornamint mei plantmotyf, drok listwurk oan de rânen en yn de hoeken plantemotiven, útfierd yn giele, reade en griene kleuren. Tusken twa finsters mei finsterbanken en blinen yn de eastgevel sit in swart-moarmeren hurd mei in rynsk dekorearre boazem. Yn de eftermuorre sit in ûndjippe iepen kast mei itselde listwurk as fan de doarkesinen en in ornamint mei foluten as bekroaning.

Yn de hal is in treppen nei de ferdjipping en de kelder. De muorresparring hat in dûbelde bôge mei hingjend kapiteel en dêrboppe in medaljon. De hal jout tagong nei de koken. De koken hat in mânske skou, mei in mânske houten boazemplaat dy't steunt op twa skoarstienstilen, en is rûnom betegele mei deselde delftsblauwe tegels dy't ek boppe it oanrjocht sitte. De koken stiet mei in doar yn febining mei it eardere fabryksgedielte.

De ferdjipping fan de wenning hat oan de kant fan de Midstrjitte in rynsk dekorearre keamer. De finsterbanken ha blinen by de fjouwer strjitfinsters. De skou is fan Portoromoarmer mei in rynsk fersierde boazem mei spegel. Boppe de dûbele tagongsdoar sit in list dy't bestiet út in 'argitraaf mei fries'. De souder bestiet út in grutte sirkel, ûnderferdield yn segminten mei sintraal in rozet en oan fjouwer siden in liuwekop, in rike souderlist en hoekedekoraasje. It gehiel ís útfierd yn reade, giele en griene kleuren. De oare keamers fan de ferdjipping binne folle soberder kwa útfiering. Allinnich de romte dy't grinzet oan "De Witte Os" hat in aailist lâns de souder, de oare keamers ha gjin bysûnderheden. De hal fan de ferdjipping hat in trochgong nei de winkel dêrneist, en de treppentrochgong hat in bôge dy't steunt op folút-karbielen mei akantusblêden.

It fabrysdiel efter it wenhûs is troch de jierren hinne frijwat oanpast. De ferdjipping is folslein yn kompartiminten ferdield en op de begeane grûn hawwe ek nochal wat feroarings west. De struktuer en it kasko fan it gebou binne lykwols noch yntakt en binne sadwaande fan histoarysk-funksjonle wearde foar it hiele kompleks.

It eartiidske kantoar dat tsjin it fabryksdiel oanleit bestiet út twa romten, skieden troch in skodoar. De beide fertrekken binne yn foarkommen besibbe oan de Loadewyk XIV styl fan it wenhûs. Mei de bou fan de (lyksols net-beskerme) sêre oan de efterkant hat de spitse kape fan it kantoar romte meitsje moatten foar in plat dak. De mitsele skou yn it meast súdlike lizzende fertrek komt ek út dy perioade. Boppe de trochgong fan de sêre binne njoggen brânskildere finsters. It sydfinster oan de eastside hat ek brânskildere glês.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: