Arthur Troop (Lincoln, 15 desimber 1914 - dêre, 30 novimber 2000) wie brigadier by it plysjekorps yn Lincolnshire, yn Ingelân en de oprjochter fan de International Police Association.

Arthur Troop

Arthur Troop wie yn 't earstoan monteur, mar rillegau krige er niget oan oare saken. Hy sette út ein mei in stúdzje ekonomy en sosjale wittenskippen oan it Ruskin College (in filiaal fan de Universiteit fan Oxford) yn Oxford. Yn syn frije tiid die er ek noch in stúdzje Russyske skiednis. Sadwaande krige er 1934 een beurs foar Moskou en Leningrad. Nei dy stúdzjes folge er noch in lânbou-oplieding oan de Avoncroft Agricultural College yn Evesham, Worcestershire.

Op 19 juny 1936 sollisitearre er by de plysje yn Lincolnshire. Hy wurke dêr op ferskate ôfdielings, mar spesjalisearre him letter yn it ferkear.

Nei de Twadde Wrâldkriich joech er syn idee en rjochtsje in wrâldwide freoneclub op stal. Arthur Troop leaude yn de positive eigenskippen fan freonskip, dêrom dat it motto fan de feriening yn it Esperanto (in ynternasjonale taal dy't doe yn it opkommen wie) is: Servo per Amikeco ('Tsjinje troch freonskip').

  • Arthur Troop: Russia Remembered. K.T. Publications, 1987, ISBN 0-907759-02-5
  • Arthur Troop: Service through friendship – the early years of the International Police Association. K.T. Publications, 1997 ISBN 0-907759-21-1

Keppelings om utens

bewurkje seksje