Hortensia Bussi
Hortensia Bussi Soto de Allende, mei de bynamme La Tencha, (Valparaíso, 22 july 1914 - Santiago, 18 juny 2009) wie de frou fan de Sileenske presidint Salvador Allende. Sy wie mei him troud fan 1940 oant syn dea yn 1973, wie First Lady fan Sily fan 1970 oant 1973. It pear krige trije dochters: Beatriz, Isabel en Carmen Paz.
Bussi wie in dochter fan keapfardijoffisier Ciro Bussi. Sy studearre oan de universiteit fan Sily, waard leararesse skiednis en ierdrykskunde en wie bibletekaresse by it Sileensk Nasjonaal Ynstitút foar de Statistyk. Doe't har man as presidint fuortstjoerd waard by de steatsgreep, gong Bussi yn ballingskip nei Meksiko dêr't hja kampanje fierde tsjin it rezjym fan Augusto Pinochet.
Bussi gie yn 1988 werom nei Sily dêr't hja fierders tige op harsels libbe. Sy stoar yn de âldens fan 94 jier yn 'e sliep.