Silvio Alberto (Tip) Marugg (Willemstêd, 16 desimber 1923 - dêre, 22 april 2006) wie in Antilliaansk skriuwer en dichter.

Tip Marugg
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Silvio Alberto Marugg
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 16 desimber 1923
berteplak Willemstêd, Kurasau
stoarn 22 april 2006
stjerplak Willemstêd
wurk
taal Nederlânsk, Papiamintsk
bekendste
  wurk(en)
Weekendpelgrimage, De morgen loeit weer aan
prizen Cola Debrotpriis
jierren aktyf 1957-2006

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hoewol't syn âlden beide Roomsk-Katolyk wiene, waard er RK én protestantsk opbrocht. Yn 1942 helle er syn mulo-diploma en dêrnei siet er fiif jier yn militêre tsjinst. Inkelde desennia lang hie er syn wurk by de Royal Dutch Shell. Marugg skreau wolris stikjes yn it personielsblêd fan Shell, Passaat en ûntduts doe dat er nocht en wille oan 't skriuwen hie. Hy debutearre yn 1958 mei de roman Weekendpelgrimage. Yn 1967 seach In de straten van Tepalka it ljocht. De morgen loeit weer aan ferskynde yn 1988 en waard nominearre foar de AKO-Literatuerpriis. Syn boeken binne ûnder oaren yn it Ingelsk en Russysk oerset.

Yn Marugg's wurk spilet it eilânlibben in sintrale rol. Hy siket dêryn nei de paradoksen fan it yndividuele bestean en de lytse mienskip. Sels hinget er oer nei it yndividualistyske. Om it libben oan te kinnen hawwe syn haadpersoanen nochalris ferlet fan alkohol. Marugg syn styl is helder, ynbannich en mankelyk. Hoewol kristelik opbrocht wie Marugg net leauwich. Troch it skriuwen besocht er syn libben sin te jaan

Yn de lêste jierren fan syn libben gie it sjen efterút en woe it lêzen en skriuwen net bêst mear. In jier foar syn dea is him in skonk ôfset, nedich fanwege in slimme ynfeksje.

Yn 1970 gie er mei pinsjoen. In man tige op himsels, allinnich yn in grut hûs mei in fertutearze tún, is it byld dat der sûnt fan him bestiet, mar yn de omgong wie Marugg hertlik en ynteresseare er him foar syn peteargenoat.

  • 1957 - Weekendpelgrimage (roman) (1e printinge yn de Antilliaanse Cahiers, 1958)
  • 1967 - In de straten van Tepalka (roman)
  • 1976 - Afschuw van licht; gedichten 1946-1951 (poëzy)
  • 1988 - De morgen loeit weer aan (roman)
  • 2009 - De hemel is van korte duur (Samle wurk, besoarge troch Aart Broek en Wim Rutgers)
  • Dikshonario Erotiko, wurdboek fan alle wurden yn it Papiamintsk mei in eroatyske betsjutting.

Sekundêre literatuer

bewurkje seksje

Keppelingen om utens

bewurkje seksje