Sjoerd Dirk Janzen
Sjoerd Dirk Janzen (Easterbierrum, 19 maaie 1955 – Grins, 21 augustus 2006) wie in Fryske boeresoan, keatser en keunstner. Hy wie in dreaun man, dy't swalke yn New York en wenne yn Berlyn. Tekenje en skilderje died er op libbensgrut formaat, yntins en ûnsensurearre, almeast yn swart en wyt. Nei syn dea hawwe der yn Fryslân ferskillende útstallings fan syn wurk west.
Sjoerd Dirk Janzen | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sjoerd Dirk Janzen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 maaie 1955 | |
berteplak | Easterbierrum (Fryslân) | |
stoarn | 21 augustus 2006 | |
stjerplak | Grins (Grinslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, tekener | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
medium | konteekryt, Eastyndyske inket, oaljeferve | |
jierren aktyf | ±1970 – 2006 | |
prizen | Talenspriis 1984 | |
offisjele webside | ||
sjoerdjanzen.com |
Biografy
bewurkje seksjeKomôf
bewurkje seksjeSjoerd Dirk Janzen waard berne op 19 maaie 1955 yn Easterbierrum, yn wat doe noch de gemeente Barradiel wie. Hy wie de iennichste soan yn it gesin fan Pieter Sjoerds Janzen (1916-1990) en Maartje Janzen-Swart (1922), mei ien âldere suster (Marianne). Ek wied er in neef fan 'e publisist en histoarikus Jan Pyt Janzen. Syn heit bebuorke yn maatskip, mei syn bruorren Machiel Sjoerds Janzen (1902-1988) en Sjoerd Sjoerds Janzen (1919-1994), in pleats oan 'e Konkelswei. Dat wie yn dy tiid in mingd bedriuw mei foar it grutste part bou, mar ek wat bisteguod derby.
Jonkheid
bewurkje seksjeSjoerd Dirk Janzen wie in aktyf jonkje dat it leafst bûten ferkearde. Syn mem stjoerde him winterdeis nei teken- en skilderkursussen fan 'e Famous Artists School, sadat er wat om hannen hie. Yn in dûbeld bedsteed, dat him as ateljee tsjinne, wijde er him oan it skilderjen fan portretten fan sawol minske as bist út syn direkte om-en-by. Keatse mocht er ek graach dwaan; hy wie der goed yn en beoefene de sport in hoart op heech nivo.[1][2]
Wurksum libben
bewurkje seksjeAs jongeman fan yn 'e tweintich gie Janzen nei Grins en folge dêre in oplieding oan Akademy Minerva. Nei't er yn 1983 ôfstudearre wie, teach er nei New York ta, dêr't er bewust keas foar in libben oan 'e râne fan 'e maatskippij. Hy libbe der in jier lang middenmank dakleazen en oare ferskoppelingen fan it hurde kapitalisme fan 'e Reagan-jierren. Syn yndrukken fan dat útsjochleaze en ellindige bestean ferwurke er ta in rige kryttekenings, dy't in ynkringend byld jouwe fan sawol it ûnderwerp as fan syn eigen engaazjemint. Neitiid waard him dêrfoar de Talenspriis 1984 takend.[3][4]
Nei in snuorje dy't er trochbrocht yn Itaalje, ferbleau Janzen fan 1989 ôf, nei de fal fan 'e Muorre, faak yn it Dútske Berlyn, dêr't er tahold yn 'e efterstânswyk Kreuzberg. Dêr trof er ek syn libbenspartner, de keunstneresse Susanne Dittler, mei wa't er in ateljee dielde. De fyftjin jier dêrop wennen en wurken hja tegearre ôfwikseljend yn Berlyn en Grins. Benammen de jierren fan 2003 ôf wiene foar Janzen tige produktyf.[5][6]
Ferstjerren
bewurkje seksjeYn 'e simmer fan 2006 waard Janzen ynienen slim siik. Hy kaam koarte tiid letter, op 21 augustus fan dat jier, te ferstjerren oan kanker, mar net foar't er noch troud wie mei syn libbenspartner Susanne Dittler. Sjoerd Dirk Janzen waard ienenfyftich jier.[7]
Wurk
bewurkje seksjeStyl
bewurkje seksjeUterlike skyn wie Janzen frjemd: fral syn tekenings binne dien yn driigjend swart en wyt mei hjir en dêr miskien in griisnuânse. Sels fûn er dat swart en wyt it measte yndruk makken, om't dêrmei de wrâld werombrocht waard ta syn ienfâldichste foarm. Sadwaande hie dat fan jongs ôf oan al syn foarkar. Syn tekenings binne opboud út in subtyl linespul en syn portretten binne foar it measte op wiere grutte makke.[8][9][10] Keunsthistoarikus Rients Kooistra is yn it Frysk Deiblêd loovjend oer Janzen: "De tekenings fan Sjoerd Janzen binne in iepenbiering. Se besitte de ferskillende lagen oerinoarhinne dy't sa karakteristyk binne foar grutte keunst. Se binne konfrontearjend oant yn it murch, mei't se universele minsklike tema's oansnije. Se geane oer fragen as "wat is it sels" en "hoe te libjen". Sjoerd Janzen makke tiidleaze keunst."[11]
Materialen
bewurkje seksjeJanzen stiet derom bekend dat er syn keunstwurken, en dan benammen syn tekenings, it leafst libbensgrut of noch grutter makke, faak op tige grut formaat papier, wêrby't it papier sels ta neat oars tsjinne as it dragen fan 'e tekening; dy soe likegoed of noch better gewoan op 'e muorre of it lewant makke wêze kinne. As tekenmiddel brûkte er almeast konteekryt of Eastyndyske inket, mar selden fan oare kleuren as swart, wyt en griis. Dêr komt noch by dat Janzen ek faak mei sobere, goedkeape materialen lykas tape, pakpapier en aluminiumfoalje wurke. Dochs hat er ek wol oaljeferveskilderijen makke, dy't er sels "kleurarsjitektueren" neamde.[12][13][14]
Ynspiraasje
bewurkje seksjeSyn ynspiraasje die Janzen net inkeld op út syn om-en-by en út persoanlike oantinkens, mar foar in grut part ek út syn kristlike eftergrûn. Hy groeide op yn in herfoarme fermidden, dêr't syn heit middeis nei iten foarlies út 'e bibel. De bylden dy't de bibelske ferhalen yn him as jonkje oprôpen, brûkte Janzen letter as folwoeksene yn syn keunst, benammen as der in reitspunt bestie tusken bibelske foarstellings en eigentiidske ûnderfinings. (Sa joech in ûnoprjochte tút út syn persoanlike libben oanlieding ta syn ferbylding fan 'e Judastút.) Op dy manear ûntstiene de fakentiden as rebelsk oan te merken keunstwurken mei religieuze tema's dy't Janzen as keunstner typearren. Hy skrille der bgl. net foar tebek om sa'n krúsjaal Nijtestamintysk ûnderwerp as it Lêste Jûnsmiel te fermingen mei hjoeddeiske motiven as seksualiteit en geweld. Leauwe, hope, leafde en skientme pleatste er fuort njonken eangstme, fertwifeling, agresje en ûnsjoggens. Dat makket Janzen syn wurk foar de waarnimmer tige oangripend en yntins.[15][16]
Tentoanstellings
bewurkje seksjeNei syn ferstjerren wijde Museum Belvédère te Oranjewâld fan 15 septimber oant en mei 12 novimber 2006 in eksposysje oan it wurk fan Sjoerd Dirk Janzen, ûnder de titel Sjoerd Janzen, zonder compromis.[17]
Fan 22 augustus oant en mei 4 septimber 2011 waard der ûnder de namme Sjoerd Janzen terug in Oosterbierum in oersjochtútstalling fan Janzen holden yn syn bertehûs, de âld Janzen-pleats oan 'e Konkelswei te Easterbierrum.[18]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|