Apocalypto

film út 2006 fan Mel Gibson

Apocalypto is in Amerikaansk-Meksikaanske histoaryske aventoerefilm út 2006 ûnder rezjy fan Mel Gibson, mei yn 'e haadrollen Rudy Youngblood en Raoul Trujillo. De film spilet om 1511 hinne middenmank de Maya's yn it prekolumbiaanske Meso-Amearika, en hat in cast dy't folslein bestiet út Yndiaanske akteurs en aktrises. De taal dy't alle akteurs sprekke, is Jûkateeksk, ien fan 'e hjoeddeistige ôfstammelingen fan 'e Klassike Maya-taal.

Apocalypto
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Mel Gibson
produsint Mel Gibson
Bruce Davey
senario Mel Gibson
Farhad Safinia
kamerarezjy Deam Semler
muzyk James Horner
filmstudio Touchstone Pictures
Mayan Ruins
Icon Productions
distribúsje Buena Vista (Noard-Am.)
20th Century Fox (ynternasj.)
spilers
haadrollen Rudy Youngblood
Raoul Trujillo
byrollen Dalia Hernández
Jonathan Brewer
Morris Birdyellowhead
Gerardo Taracena
Rodolfo Palacios
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Meksiko
premiêre 8 desimber 2006
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske aventoerefilm
taal Jûkateeksk
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $40 miljoen
opbringst $120,7 miljoen

It ferhaal giet oer de jager Jagûarpoat, waans fredige doarp fan jager-sammelders yn it tropysk reinwâld fan it Jûkatanskiereilân oerfallen wurdt troch de krigers fan in grutte stêdsteat (basearre op Chichén Itzá). De manlju wurde finzennommen en meifierd op in nuodlike reis werom nei de stêd om dêr as minske-offers oan 'e god Kukulkan offere te wurden om it mislearjen fan 'e rispinge troch klimaatferoaring ôf te kearen.

Apocalypto krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, hoewol't der krityk wie op 'e ôfskildering fan 'e Maya-beskaving. Yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. Apocalypto waard nominearre foar trije Oscars, de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal, ien BAFTA, twa Saturn Awards en ien Satellite Award.

Titel bewurkje seksje

De titel fan 'e film is ôflaat fan it Grykske wurd ἀποκαλύπτω (apokalupto), dat besibbe is oan it wurd "apokalyps" foar de Ein fan 'e Tiden. Troch regisseur Mel Gibson waard de betsjutting fan 'e titel yn in fraachpetear lykwols definiëarre as "in nij begjin of in ôfskuorren fan in wale: in iepenbiering […]. Alles hat in begjin en in ein, en alle beskavings is dat krekt-en-gelyk mei."

Plot bewurkje seksje

Yn it prekolumbiaanske Meso-Amearika binne de jonge jager Jagûarpoat, syn heit Fjoerstienloft en de oare manlju út harren fredige doarpke op jacht yn it omlizzende tropysk reinwâld as se in kloft flechtlingen tsjinkomme. De lieder fan dy groep leit út dat harren doarp platbaarnd en harren wengebiet leechplondere is en freget tastimming om troch it domein fan it doarp fan Jagûarpoat-en-dy te tsjen. Nei't de flechtlingen har ôfjûn hawwe, merkt Fjoerstienloft tsjin Jagûarpoat op dat dy lju siik fan eangst wiene. Hy druit syn soan yn om nea ta te stean dat eangst him ynfektearret. De jûns komme de doarpelingen gear om harren âlde sjamaan hinne, dy't in profetysk ferhaal fertelt oer in wêzen dat fertard wurdt troch in leechte dy't nea opfolle wurde kin, ek al wurde him alle geskinken fan 'e wrâld tastoppe. Dêrom sil it blynseach trochgean mei it ta him nimmen fan dingen oant der neat mear is om te nimmen en de wrâld net mear bestiet.

De oare moarns wurdt it doarp oerfallen troch in kloft krigers dy't ûnder lieding stiet fan Nulwolf. De hutten wurde yn 'e brân stutsen en in grut part fan 'e doarpelingen wurdt deamakke. Under de oanfal slagget it Jagûarpoat om ûngemurken syn frou Sân, dy't op alle dagen rint, en harren jonge soan Skylpodden Drave yn in cenote* sakje te litten. As er neitiid weromkeart yn 'e striid wit Jagûarpoat hàst de sadistyske oanfaller Middeleach te deadzjen, mar op 't langelêst wurdt er yn 'e mande mei de oare oerlibjende folwoeksenen kriichsfinzen nommen. As Middeleach foar it ferstân kriget dat Fjoerstienloft de heit fan Jagûarpoat is, makket er by wize fan wraak Foerstienloft dea en jout er Jagûarpoat de spotnamme Hàst.
*) In cenote is in troch reinwetter yn 'e kalkstiennen ûndergrûn útsliten sinkgat.

De krigers bine de finzenen oaninoar en nimme harren mei op in lange mars by it doarp wei. De bern út it doarp litte se oan har lot oer. Dyselden folgje harren âldelju in hiel ein, mar bliuwe úteinlik efter as de krigers mei harren finzenen in brede rivier oerstekke. Underwilens komme Sân en har soan yn 'e cenote fêst te sitten nei't in erchtinkende oanfaller de beamwoartel trochkappet dêr't se ferlet fan hat om der wer út te klimmen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei in lange, nuodlike reis troch troch it oerwâld, wêrby't de finzenen oan ien wei bleat steane oan 'e wrede behanneling fan 'e krigers, mar fral fan Middeleach, komme se lang om let de stêdsteat benei dêr't de krigers wei komme. As it oerwâld ophâldt, passearje se earst in krite fan keale beamstobben dêr't neat groeit, en dan útstrutsen ikkers mei stynske weet dat ferdrûge is, út en troch ûnderbrutsen troch doarpen wêrfan't de befolking desimearre is troch in ûnbekende sykte. Deunby de eigentlike stêd treffe se in lyts famke dat mei dyselde sykte ynfektearre is en yn in njoere profesije de ein fan 'e Mayaanske wrâld foarseit.

Yn 'e stêd oankommen skiede de krigers de manlike finzenen fan 'e froulju, dy't as slavinnen ferkocht wurde. De manlju wurde nei it stedsplein ta brocht, dêr't it optilt fan 'e minsken. Dyselden sjogge omheech nei de top fan in treppiramide, dêr't minske-offers brocht wurde, it iene nei it oare, wêrnei't de ôfhoude hollen en de ûnthalze liken fan 'e slachtoffers by de piramide delsmiten wurde nei it folk. Jagûarpoat en de oare manlju út syn doarp wurde nei de top fan 'e piramide laat, dêr't hja om bar nei foarren helle en op 'e rêch oer in alter hinne lein wurde. Under it tasjend each fan 'e kening en keninginne fan 'e stêd snijt de hegepreester dan by in offerritueel de boarstkas fan 'e mannen iepen en skuort it noch klopjende hert derút om harren te offerjen oan 'e god Kukulkan. Dêrnei wurde de mannen ûnthalze, wêrnei't holle en lichem by de piramide del soald wurde. It doel fan 'e hiele eksersysje is om 'e genede fan Kukulkan ôf te smeekjen, sadat dy de rispinge dit jier net mislearje litte sil.

Jagûarpoat is as trêde oan bar. Syn maten winskje him, nei de tradysje fan harren folk yn it gefal dat immen stjerre sil, in goede reis. Jagûarpoat brekt lykwols mei de tradysje troch te sizzen dat er net fuort wol. De krigers fan 'e stêdsteat negearje harren praat, en Jagûarpoat wurdt nei foarren ta brocht en oer it alter hinne lein. Krekt as de boal syn dagge yn it boarst fan Jagûarpoat stekke sil, begjint der lykwols in sinnefertsjustering, en dêrop lit de hegepreester de seremoanje stil lizze. Hy beslút it barren te ynterpretearjen as in teken dat Kukulkan troch de minske-offers sêd is en nei de smeekbeaën fan it folk harke hat. Dêrom slút er de seremoanje ôf en wurde Jagûarpoat en de oare noch libjende finzenen sparre. As Nulwolf lykwols freget wat er no mei harren oan moat, hjit de hegepreester him om harren nei in stil plakje te bringen en út 'e wei te romjen.

Nulwolf en syn krigers nimme Jagûarpoat en de oaren sadwaande mei nei in plak oan 'e bûtenrâne fan 'e stêd, dêr't er harren hjit om te besykjen om dravende oer in stik iepen grûn de fjilden mei stynske weet te berikken. As harren dat slagget, kinne se weromkeare nei harren dierbere oerwâld. Ien foar ien wurde de finzenen loslitten, mar Nulwolf en syn mannen brûke har as doelwiten foar sjitoefenings mei pylk-en-bôge en it smiten fan werpspeetsen en bola's. Oan 'e râne fan it stynske weet hat Nulwolf boppedat syn soan Kerfstien opsteld dy't bewapene is mei in mei obsidiaandiggels ynleine kneppel; dyselde slacht alle finzenen dea dy't it safier helle hawwe. As Jagûarpoat oan bar is, draaft er sigesaagjend fuort, mar wurdt lykwols troffen troch in pylk. Dy trochboarret him fan 'e rêch oant de búk, mar rekket aldergeloks gjin organen. Hy brekt de pylkpunt ôf en docht him slimmer ferwûne foar as er is. As Kerfstien komt om him ôf te meitsjen, stekt er dyselde de pylkpunt troch de kiel, dat er it bestjert, wêrnei't er útnaait troch it stynske weet.

De poerrazene Nulwolf nimt syn acht oare mannen mei en set de efterfolging yn. Sadree't Jagûarpoat him wer yn it oerwâld befynt, is er lykwols op syn eigen terrein, dêr't Nulwolf en syn stedsjers yn it neidiel binne. Hy brûkt de helpboarnen dy't it oerwâld him biedt om mei syn efterfolgers ôf te weven. Sa liedt er in hongerige jagûar nei harren ta, dy't ien fan harren op 'e hûd springt en deabyt foar't er troch de rest mei spearen deastutsen wurdt. In twadde efterfolger beswykt oan in slangebyt. Jagûarpoat komt by in rivier dy't yn in wetterfal fan in heech klif omleech tommelet. Hy weaget de sprong en oerlibbet it, wêrnei't er fan 'e igge fan 'e rivier ôf Nulwolf en syn mannen, boppe-oan 'e wetterfal, útdaagjend taskreaut. Ien fan 'e krigers stelt foar om foarsichtich njonken de rivier by it klif del te klimmen en wurdt dêrop troch Nulwolf deastutsen foar leffens. Hy oarderet syn krigers ynstee om der krekt as Jagûarpoat by del te springen. Ien fan harren slacht by it delkommen yn 'e poel ûnderoan de wetterfal de plasse tsjin in rots oan en ferstjert.

Mei no noch fiif efterfolgers flechtet Jagûarpoat wer it oerwâld yn. Dêr komt er sels yn driuwsân telâne, mar hy wit himsels te rêden. Hy wachtet Nulwolf-en-dy op en bekûgelet harren mei in bijenêst, mei as gefolch dat se alle kanten út spatte om oan 'e swaarm lulke bijen te ûntkommen. Jagûarpoat weeft dêrnei mei ien fan 'e krigers ôf troch him mei in giftich pylkje te besjitten en deadet Middeleach by in oanfal mei in stiennen bile. Nulwolf sels lokket er yn in fal dêr't er speetst wurdt troch in grutte houten pjukken. Underwilens begjint it te stjalpreinen, mei as gefolch dat de cenote, dêr't Sân en Skylpodden Drave noch altyd fêstsitte, begjint fol te rinnen. Sân kriget weeën en befalt krekt dan fan in twadde soan, dy't ûnder wetter berne wurdt.

De lêste beide krigers efterfolgje Jagûarpoat fierder, oant se de see berikke. Dêr binne se alle trije alhiel feralterearre as se deun foar de kust in Spaansk galjoen sjogge, en Spaanske conquistadores dy't mei in roeiboat oan lân komme. Wylst syn beide efterfolgers ôflaat binne, ûntkomt Jagûarpoat. Hy keart werom nei syn doarp, dêr't er krekt op 'e tiid arrivearret om wiif en bern fan 'e drinkeldea yn 'e cenote te rêden. Hy is trochbliid as er syn nijberne soan sjocht. Fjouweresom ferlitte se it doarp en rinne nei de kust. Dêr sjogge se oer it wetter út op it Spaanske skip. Jagûarpoat stiet yn bestân om kontakt te meitsjen, mar beslút dat net te dwaan. Hy, Sân en harren bern keare de see en de Spanjerts de rêch ta en tsjogge it oerwâld wer yn, op 'e siik nei in nij libben, fier by de stêd en de nijynkommelingen fan oersee wei.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Raoul Trujillo.
haadrollen
personaazje  akteur/aktrise
Jagûarpoat Rudy Youngblood
Nulwolf Raoul Trujillo


byrollen
personaazje akteur/aktrise
it doarp
Sân Dalia Hernández
Stompmakke Jonathan Brewer
Fjoerstienloft Morris Birdyellowhead
Skylpodden Drave Carlos Emilio Báez
Krolnoas Amílcar Ramírez
Reekfroask Israel Contreras
Kakaublêd Israel Ríos
skoanmem María Isabel Díaz
âlde ferhaleferteller Espiridion Acosta Cache
jonge frou Mayra Serbulo
de krigers
Middeleach Gerardo Taracena
Slange-inket Rodolfo Palacios
Hingelmoas Ariel Galván
Dronken Fjouwer Bernardo Ruiz Juárez
Kerfstien Ricardo Díaz Mendoza
de stêd
hegepreester Fernando Hernández
laitsjende man Abel Woolrich
orakelfamke #1 María Isidra Hoil
orakelfamke #2 Aquetzali García
kening Rafael Vélez
keninginne Diana Botello

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Apocalypto kaam fuort út 'e petearen dy't Mel Gibson ûnder de opnamen fan syn eardere film The Passion of the Christ hie mei Farhad Safinia, dy't as assistint by dy produksje belutsen wie. De beide mannen blieken in foarleafde te hawwen foar it efterfolgingsaksjesjenre, en dat woene se graach by de tiid bringe: net troch der nije masinery of technology oan ta te foegjen, mar krekt troch it werom te bringen nei syn suverste foarm: in minske dy't draaft foar syn libben. Want neffens Gibson hie de tafoeging fan technology der just foar soarge dat it sjenre oerhearske waard troch standertferhalen mei personaazjes sûnder djipgong, dy't troch special effects ynteressant makke wurde moasten.

Gibson en Safinia hiene ek belangstelling foar it ôfskilderjen fan in âlde beskaving yn it Prekolumbiaanske Tiidrek fan 'e Amearika's. Dêrfoar namen se sawol de Azteken as de Maya's yn omtinken, mar keazen úteinlik foar de Maya's. De reden foar dy kar wie de grutte ferfining fan dyselden en harren kennis fan genêskunde, astronomy en oare wittenskippen, mar ek de (net troch Jeropeeske kolonisators feroarsake) delgong fan harren kultuer nei de ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving. Foar't se oan it nije filmprojekt begûnen, diene Gibson en Safinia yngeand ûndersyk nei Maya's, wêrby't se û.m. de skeppingsmyten en eskatologyen liezen en teffens âlde religieuze teksten, lykas de Popol Vuh.

 
Regisseur Mel Gibson.

Apocalypto waard regissearre troch Gibson nei in senario fan himsels en Safinia. As produsinten wiene Gibson en Bruce Davey by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures, Mayan Ruins en Gibson syn eigen bedriuw Icon Productions. Safinia wie behalven senarioskriuwer en ko-produsint. De film, dy't in Amerikaansk-Meksikaanske ko-produksje wie, hie in budget fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Deam Semler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Apocalypto setten op 21 novimber 2005 útein en duorren oant yn july 2016, mei't der bot fertraging ûntstien wie troch in perioade fan swiere rein en twa ûnderskate orkanen. Der waard filme op lokaasje yn 'e Meksikaanske steat Veracruz, by de plakken Catemaco, San Andrés Tuxtla en Paso de Ovejas. De sêne mei de wetterfal waard opnommen by de Eyipantlawetterfal yn 'e neite fan San Andrés Tuxtla. De waard ek filme yn 'e regio El Petén, yn Gûatemala.

De hiele cast fan 'e film bestie út Yndiaanske akteurs en aktrises, en krekt as by Mel Gibson syn eardere film The Passion of the Christ is alle dialooch in modern benei kommen fan 'e histoaryske taalsetting. De taal dy't yn 'e film sputsen wurdt, is dêrom it Jûkateeksk, in moderne Mayaanske taal dy't sprutsen wurdt op it Jûkatanskiereilân yn Meksiko. Neffens Gibson wie dat benammen fan belang om't "it publyk troch it hearren fan in oare taal de eigen reäliteit folslein opskoarje kin en alhiel yn 'e wrâld fan 'e film opgiet." It holp neffens him ek om 'e filmbylden te beklamjen, "dy't in soarte fan universele taal fan it hert binne."

 
Mayaanske piramides, lykas dizze yn Tikal, waarden foar Apocalypto neiboud.

De âlde sjamaan wurdt yn 'e film spile troch Espiridion Acosta Cache, in echte hjoeddeistige Maya-bard. Syn ferhaal is in oanpaste ferzje fan in autentike Meso-Amerikaanske leginde dy't spesjaal foar de film út it Klassyk Mayaansk oerset wie yn it Jûkateeksk troch Hilario Chi Canul, in heechlearaar Mayaanske talen. Dyselde tsjinne ûnder de produksje ek as taalcoach, wat nedich wie om't in grut diel fan 'e cast it Jûkateeksk net as memmetaal hie. Mei't de makkers fan 'e film nei in beskate historisiteit stribben, namen hja as adviseur Richard D. Hansen yn 'e earm, in assistint-heechlearaar argeology oan 'e Steatsuniversiteit fan Idaho, dy't him spesjalisearre hie yn 'e Maya-baskaving.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Apocalypto waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Buena Vista International, dat krekt as produksjemaatskippij Touchstone Pictures in dochterûndernimming fan Disney is. Yn 'e measte oare lannen en territoaria waard de distribúsje dien troch 20th Century Fox (no ek in dochter fan Disney, mar doe noch net). It útbringen fan 'e film stie earst pland foar 4 augustus 2006, mar moast troch de fertraging by de opnamen fjouwer moannen opskood wurde. Op 23 septimber waarden twa previews holden yn it Riverwind Casino yn Goldsby (Oklahoma) (dat eigendom is fan 'e Tsjikkesou Naasje) en op 'e Cameron Universiteit yn Lawton (Oklahoma), beiden foar in fierhinne Yndiaansk publyk dat, nei't it skynt, bot ûnder de yndruk fan 'e film wie. Apocalypto gie úteinlik op 8 desimber 2006 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 5 desimber by platemaatskippij Hollywood Records.

Untfangst bewurkje seksje

Fan filmkritisy bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Apocalypto oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper de film yn 'e filmrubryk op 'e Amerikaanske tillefyzje Ebert & Roeper in tomme omheech. Mei't de premiêre minder as in healjier plakfûn nei't regisseur en produsint Mel Gibson arrestearre wie foar riden ûnder ynfloed en teffens folge op syn mei beskuldigings fan antysemitisme besmodzge film The Passion of the Christ, waard dêr gauris nei ferwiisd yn resinsjes fan Apocalypto.

Yn The New York Times skreau A.O. Scott: "sis wat jo wolle oer him – oer syn problemen mei de drank [booze] of syn problemen mei de Joaden [Jews] – mar hy is in serieuze filmmakker." Yn The Boston Globe kaam Ty Burr ta deselde konklúzje: "Gibson mei dan in idioat wêze, mar hy is ús idioat, en wylst ik him nei ôfrin fan it happy hour net graach efter it stjoer sjen wol of op lykfol hokker momint op in joadske seremoanje, is it wat oars as er efter de kamera plaknimt." De webside Salon.com geat deselde gedachte yn in minder fermaaklike en mear planute foarm: "Minsken binne nijsgjirrich nei dizze film fanwegen wat 'bûtentekstuele' redens neamd wurde kin, om't de regisseur in lumich en garismatysk Hollywoodfiguer is, dy't himsels sa stadichoan folslein marginalisearre hawwe soe as er net in rou talint hie foar it meitsjen fan gewelddiedich popfermaak."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Apocalypto in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 200 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is in briljant filme, sij it ûnmeilydsum bloedich, ûnder de lûp nimmen fan in ienris grutte beskaving." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Apocalypto in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 37 resinsjes.

 
De Eyipantlawetterfal, dêr't de sêne filme waard wêryn't Jagûarpoat en syn efterfolgers yn 'e poel ûnderoan de wetterfal springe.

Fan oaren út 'e filmyndustry bewurkje seksje

Apocalypto hie guon hertstochtlike ferdigeners yn 'e filmyndustry fan Hollywood. Sa neamde de akteur Robert Duvall it "miskien wol de bêste film dy't ik yn 25 jier sjoen haw". Regisseur Quentin Tarantino sei: "It is in masterwurk. It wie miskien wol de bêste film fan it jier. Nei myn miening wie it yn elts gefal de bêste artistike film fan dat jier." Regisseur Martin Scorsese omskreau Apocalypto as "in fiergesicht" en heakke dêroan ta: "De measte films hâlde har tsjintwurdich fier fan sokke problematyske ûnderwerpen as ditte: de wichtigens fan geweld yn it fuortbestean fan wat wy "beskaving" neame. Ik bewûnderje Apocalypto om syn earlikheid, mar ek om 'e krêft en keunstsinnigens fan it fakmanskip." Akteur Edward James Olmos sei: "It kaam my folslein oer it mad. It is miskien wol de bêste film dy't ik yn jierren sjoen haw. Ik wie djip ûnder de yndruk." En de swarte regisseur en aktivist Spike Lee sette Apocalypto yn 2013 op syn list fan essinsjele films út alle tiden.

Fan histoarisy bewurkje seksje

Fan histoarisy en argeologen dy't har talizze op it bestudearjen fan 'e Maya-beskaving kaam lykwols in protte krityk op Apocalypto. Sa wiisde Allan Wall derop dat yn 'e film keunst, arsjitektuer en settings út ferskillende tiidrekken en regio's fan 'e Maya's trochinoar helle wurde. Mear en fûleindiger krityk kaam op 'e portrettearring fan 'e Maya's as gewelddiedich. Julia Guernsey, in heechleararesse Meso-Amerikaanske keunst en kultuer, feroardiele de film dêrom. Yn in fraachpetear sei hja: "Der sit in protte hiel oanstjitjaande rasiale stereotypearring yn. Se wurde ôfskildere as in ekstreem barbaarsk folk, wylst de Maya's feitliks in tige ferfine kultuer hiene."

Antropologe Traci Arden fûn ek dat Apocalypto befoaroardiele wie tsjin 'e Maya's, om't "op gjin inkeld momint melding makke wurdt fan 'e prestaasjes op it mêd fan wittenskip en keunst, de djipsinnige spiritualiteit en de bân mei de lânbousykly, of de technologyske heechstantsjes fan 'e Maya-stêden." De Gûatemalteekske aktivist Ignacio Ochoa bekritisearre de film foar it útdragen fan 'e "oanstjitjaande en rasistyske noasje dat de Maya's inoar al lang foar de oankomst fan 'e Jeropëanen mei brút geweld bejegenen, en dêrom dus fertsjinnen [wat se krigen], en eins sels ferlet fan rêding hiene."

De measte krityk spitste him ta op it punt fan 'e minske-offers en de dêrmei mank geande slavernij. In protte saakkundigen woene hawwe, dat wie mear karakteristyk foar de Azteken as foar de Maya's. Dêr stelde assistint-heechlearaar Richard D. Hansen foaroer, dy't as adviseur by de film belutsen wie, dat Apocalypto de Maya's ôfskilderet yn it Postklassike Tiidrek en net op it hichtepunt fan harren kultuer. Yn 'e postklassike perioade wiene de Maya's neffens him sterk ûnder ynfloed kommen te stean fan 'e Tolteken en de Azteken yn sintraal Meksiko. Hansen skreau: "Der bestie tsjin dy tiid in ûnbidich grutte Azteekske ynfloed. De Azteken wiene ûnmeilydsum yn harren feroverings en de syktocht nei slachtoffers foar harren offerrituelen, in praktyk dy't sadwaande oernommen waard yn guon fan 'e Maya-gebieten. Mayanist David Stuart foel him by troch derop te wizen dat muorreskilderings en reliëffen derop wize dat der op it mêd fan minske-offers yn it Postklassike Tiidrek "wat langer wat mear en wat gruttere oerienkomsten binne tusken de Azteken en de Maya's."

 
In ôfbylding fan minske-offers by de Azteken. Neffens kritisy fan Apocalypto lykje de minske-offers sa't dy yn 'e film te sjen binne, mear op 'e praktiken fan 'e Azteken as op dy fan 'e Maya's.

Antropolooch Stephen Houston hie net sasear in probleem mei de ôfskildering fan minske-offers yn 'e film, mar fûn wol dat se ferkeard ôfskildere wiene. Neffens him waarden by de Maya's inkeld leden fan 'e adel en oare maatskiplike elites offere, en wie it sljochtwei folk dêrfan frijwarre.

De sjitoefening mei Jagûarpoat en de oare finzenen as doelwiten wie in oare sêne dêr't in protte oer te dwaan wie. Op dat punt joegen de filmmakkers ta dat it nearne op basearre wie en dat se it folslein út 'e tomme sûgd hiene as plotmeganisme om 'e klimaktyske efterfolging oan 'e gong te krijen.

In trêde elemint yn Apocalypto dat problematysk bliek te wêzen, wurdt foarme troch de sênes op 'e ein fan 'e film, wêryn't de Spanjerts oan lân komme om foar it earst kontakt mei de Maya's te meitsjen. Neffens it kommentaar fan Mel Gibson en Farhad Safinia by de dvd fan Apocalypto moat dat it earste kontakt foarstelle dat plakfûn doe't Pedro de Alvarado yn 1511 de kust fan it Jûkatanskiereilân berikte. De tematyske betsjutting fan 'e oankomst fan 'e Spanjerts is lykwols ûnderwerp fan kontroverse. Antropologe Traci Arden sjocht der in "skamteleas kolonialistysk boadskip" yn dat de Maya's ferlost wurde moasten "om't se 'folslein ferrotte' wiene." Dat se dêrom fan harrensels rêden wurde moasten, wie neffens har in rasistysk idee dat "500 jier lang brûkt is om 'e Maya's derûnder te hâlden." Yn in artikel yn it tydskrift Time loek David van Biema lykwols yn twifel oft wol fol te hâlden is dat de Spanjerts yn Apocalypto foarsteld wurde as de ferlossers fan 'e Maya's, mei't harren oankomst tige driigjend ôfskildere wurdt en Jagûarpoat oan 'e ein fan 'e film harren de rêch takeart en weromgiet it oerwâld yn.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Apocalypto brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $50,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $69,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $120,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $80,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

Apocalypto waard yn 2007 by de Oscars nominearre foar prizen yn 3 kategoryen: bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste fisazjy. De film waard ek nominearre foar de Golden Globe foar bêste film yn in bûtenlânske taal, de BAFTA foar bêste film net yn it Ingelsk, de Saturn Awards foar bêste ynternasjonale film en bêste regisseur en de Satellite Award foar bêste spylfilm (bûtenlânske taal).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.